Jeruzalem: hout dêr’t men neat mei kin
1Ik krige dit wurd fan de Heare:
2Minskesoan, hat it hout fan ’e wyngerd wol wat foar
op oare soarten hout fan beamtûken út ’e bosk wei?
3Brûkt men dat hout wol
om der wat fan te meitsjen?
Kin men der ek mar in knop fan meitsje
om der wat oan op te hingjen?
4Wel nee, men smyt it as branje yn ’t fjoer;
as it fjoer beide úteinen dan fertard hat
en de midden ek al swartbaarnd is,
kin men der dan noch wat mei?
5Sels doe’t it noch geef wie,
koe men der al neat mei.
Hoefolleste minder dan, no’t it fjoer it fertard en ferskroeid hat!
Soe men der no noch wat fan meitsje kinne?
6Dêrom hat God de Heare dit te sizzen:
Sa’t it mei it hout fan ’e wyngerd stiet, fergelike mei dat út ’e bosk,
– Ik smyt it as branje yn it fjoer –
sa doch Ik ek mei it folk fan Jeruzalem:
7Ik kear My tsjin har;
wol binne se oan it fjoer ûntkommen,
mar it fjoer sil har likegoed fertarre.
En dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin,
as Ik My tsjin har kear,
8en fan it lân in wyldernis meitsje,
om’t se ûntrou wurden binne,
is de godsspraak fan God de Heare.