Tsjin ’e falske profeten
1Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, profetearje tsjin ’e profeten fan Israel, dy’t der mar op los profetearje en sis tsjin harren dy’t op eigen manneboet profetearje: Hear it wurd fan de Heare. 3Dit hat God de Heare te sizzen: Wee dy dwaze profeten dy’t har troch eigen fantasij meinimme litte, sûnder dat se ek mar wat sjoen hawwe. 4– Dy profeten fan dij, Israel, binne as jakhalzen yn púnfallen! –
5Jim binne net yn ’e bres sprongen en hawwe de stikkene muorre om it folk fan Israel net ticht makke, dat it him steande hâlde kin yn ’e striid, de deis fan de Heare. 6Falske fizioenen sjogge se en ûnwiere foarsizzings dogge se, as se begjinne mei: ‘Godsspraak fan de Heare!’, wylst de Heare har noait stjoerd hat. En dan ferwachtsje se ek noch, dat it komt sa’t sij sizze. 7Of tochten jimme faaks, dat it net in falsk fizioen en net in ûnwiere foarsizzing wie, as jim begjinne mei: ‘Godsspraak fan de Heare!’, wylst Ik noait sprutsen haw? 8Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Jimme wurden binne falsk en jimme fizioenen is neat fan wier; dat dêrom: Ik sil jimme, is de godsspraak fan de Heare. 9Ja, Ik sil myn hân keare tsjin dy profeten mei har falske fizioenen en foarsizzings dêr’t neat fan wier is: Ik sil soargje, dat se gjin plak krije yn ’e folksfergearring en net ynskreaun wurde yn it folksregister fan Israel en gjin foet sette op Israels grûn; en jim sille witte, dat Ik God de Heare bin.
10En mei reden, want hja hawwe myn folk op ’e doele brocht mei har sizzen: Frede, wylst it hielendal gjin frede is; en as it folk in muorke bout, strike sij der wat witerskalk oer. 11Sis dêrom tsjin dy kalkstrikers, dat er omfalle sil. Der komt in eazjende stjalprein, Ik lit grouwe hagelstiennen falle en der sil in fûle stoarmwyn losbrekke. 12As de muorre dan fallen is, sil jim grif frege wurde: Wêr is dy witerskalk no, dy’t jim derop strutsen hienen? 13Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Ik sil yn myn grammoedichheid in fûle stoarmwyn losbrekke litte; myn grime lit in eazjende stjalprein delkomme en myn grimmitichheid hagelstiennen, oant alles fuort is. 14En de muorre dêr’t jim witerskalk op strutsen hawwe, helje Ik del en smyt Ik tsjin ’e grûn, dat de fûneminten bleat komme te lizzen. Ja, hy sil falle en jimme sille deryn omkomme. Dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin. 15En Ik sil myn grime gean litte oer de muorre en oer de lju dy’t der witerskalk op strutsen hawwe, en Ik sil tsjin jimme sizze: Fuort is de muorre en fuort binne de lju dy’t der witerskalk op strutsen hienen, 16dy profeten fan Israel dy’t oer Jeruzalem profete-útspraken dienen en der fredes-fizioenen fan hienen, wylst der neat wie, dat op frede like, – is de godsspraak fan God de Heare.
Tsjin ’e falske profetessen
17Minskesoan, kear dy no tsjin de froulju fan dyn folk, dy’t op eigen manneboet profetearje. Profetearje do tsjin har 18en sis: Dit hat God de Heare te sizzen: Wee de froulju dy’t elkenien tsjoensterbannen om ’e polzen naaie en lyts en grut in wale om ’e holle slagge om sadwaande minsken te beflappen. Soenen jim de minsken fan myn folk ûnder de flap krije en sels it libben derôf rêde? 19Jimme hawwe myn hillichheid by myn folk oantaast foar in pear hanfollen koarn en in pear stikken bôle. Sa meitsje jim, dat der minsken stjerre dy’t net stjerre moasten, en hâlde jim minsken yn libben dy’t net libje moasten, mei jimme geliich tsjin myn folk, dat nei sokke leagens harket. 20Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Tink der mar om, Ik wit wol rie mei de tsjoensterbannen fan jimme, dêr’t jim minsken mei beflappe as fûgels; Ik skuor se jim om ’e polzen wei en de minsken dy’t jim as fûgels beflapt hienen, lit Ik frij. 21Ik skuor jimme walen stikken en rêd myn folk út jim hannen. It sil net langer bút yn jimme hannen wêze en jim sille witte, dat Ik de Heare bin. 22Om ’t jimme de rjochtskepene mei leagens ûntmoedige hawwe, wat Ik krekt net woe; en om’t jimme de ferkearde yn it kwea fuortsterke hawwe, dat er him mar net fan it ferkearde paad ôfkeare soe en yn libben bliuwe, 23dêrom sille jimme net langer falske fizioenen sjen en oan wiersizzerij dwaan. Ik sil myn folk út jimme hannen rêde en dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin.