De ballingskip is net te kearen
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, do libbest ûnder in oerhearrich folk. Al hawwe se eagen om te sjen, se sjogge neat; al hawwe se earen om te hearren, se hearre neat, want it is in oerhearrich folk. 3No dan, minskesoan, ris dysels út foar de ballingskip. Doch dat by dei, dat elkenien it sjen kin en gean sa de reis oan. Ast dan nei in oar plak ôfreizgest en se sjogge dat, wa-wit sille se dan ynsjen, hoe’n oerhearrich folk dat se binne. 4Bring dyn rêding bûtendoar, as wie’t foar de ballingskip; doch it by ljochtskyndei dat elkenien it sjen kin en gean dan de jûns fuort, wer dat elkenien it sjen kin, as soest de ballingskip yngean. 5Meitsje in gat yn ’e muorre dat elk it sjocht, en bring dyn rêding dêrtroch nei bûten. 6As it dan tsjuster begjint te wurden, moatst dyn rêding op it skouder nimme, dat elk it sjocht, en dy bûtendoar bringe; do moatst in doek oer ’t gesicht dwaan, datst it lân net sjen kinst, want Ik meitsje, datst in teken wurdst foar it folk fan Israel.
7Doe die ik sa’t my sein wie; by ljochtskyndei brocht ik myn rêding bûtendoar, as wie’t foar de ballingskip en de jûns makke ik mei de hân in gat yn ’e muorre. Doe’t it tsjuster waard, naam ik myn rêding op ’t skouder en brocht dy bûtendoar, dat elkenien it sjen koe. 8De oare moarns krige ik dit wurd fan de Heare: 9Minskesoan, hat it folk fan Israel, dat oerhearrich skaai, net tsjin dy sein: Wat dogge jo? 10Sis tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Dizze útspraak is bedoeld foar de foarst yn Jeruzalem en foar al it folk fan Israel dat dêr tahâldt. 11Sis: Ik bin in teken foar jimme; wat ik dien haw, dat sil harren oerkomme, se sille de ballingskip yngean en de ûnfrijheid. 12En de foarst dy’t se hawwe, sil by tsjuster syn rêding op it skouder nimme en fuortgean troch in gat yn ’e muorre, dat se makke hawwe om him derút te litten; hy sil in doek oer’t gesicht dwaan moatte, dat er it lân net sjen kin. 13Ik sil him ûnder myn net beflappe en hy sil yn ’e mesken fêstreitsje. Ik bring him nei Babel yn it lân fan ’e Chaldeeërs, al sil er dat sels net sjen, en dêr sil er stjerre. 14En alle helpers om him hinne, syn liifwacht en syn troepen, Ik sil se op alle winen ferstruie en der mei it bleate swurd achteroan gean. 15Dan sille se witte, dat Ik de Heare bin, as Ik har ûnder de heidenfolken fersilje en oer de lannen ferstrui. 16Inkelden fan harren sil Ik lykwols it swurd, de honger en de pest oerlibje litte; dan kinne dy al har skandestikken mar fertelle ûnder de folken dêr’t se tusken telâne komme; dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
In beevjende profeet en in beevjend folk
17Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 18Minskesoan, beevjend silst dyn brea ite en triljend fan soarch en noed dyn wetter drinke. 19Tsjin de lânadel moatst sizze: Dit hat God de Heare oangeande it folk fan Jeruzalem te sizzen: Mei soarch en noed sille se har brea ite en mei ôfgriis har wetter drinke, want har lân wurdt skjin leechhelle en komt der foar wyld hinne te lizzen fanwegen it geweld fan ’e lju dy’t dêr wenje. 20De stêden dêr’t no minsken wenje, wurde fernield en it lân wurdt in woestenij. Dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin.
Gods wurd komt wol út
21Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 22Minskesoan, wat is dat dochs foar in sprekwurd dat by jimme yn Israel gongber is:
Dagen komme en geane
en fizioenen ferfleane!
23Sis mar tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Ik meitsje, dat it út is mei dat sprekwurd; se sille it yn Israel net mear brûke. Sis harren:
De tiid is nei-oan kommen
mei alles wat dy fizioenen ynhâlde.
24Falske fizioenen of foarsizzings op losse grûnen sille tenei net mear foarkomme ûnder it folk fan Israel. 25Want Ik, de Heare, sprek sels. En wat Ik sis, giet troch, en dat sûnder útstel: by jimme libben noch, oerhearrich folk, sprek Ik in wurd en Ik doch it, – is de godsspraak fan God, de Heare –. 26Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 27Minskesoan, sjoch, dy fan it Israelfolk sizze: It duorret noch dagen en dagen, it fizioen dat hy hân hat; hy profetearret oer tiden dy’t noch withoefier ôf binne. 28Sis dêrom tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Gjinien fan myn wurden sil langer útsteld wurde; wat Ik sis, giet troch, – is de godsspraak fan God de Heare.