It oardiel oer de hegerein
1Doe naam in wynpûst my op en brocht my by de Easterpoarte fan Gods hûs, de poarte dy’t op it easten útsjocht. By de yngong fan ’e poarte stienen fiifentweintich man en ik seach ûnder harren twa, dat wienen hege mannen ûnder it folk: Jaäzanja, soan fan Azzûr, en Pelatja, soan fan Benaja.
2De Heare sei tsjin my: Minskesoan, dat binne no de mannen dy’t mei ûngerjochtichheid yn ’e holle omrinne en yn ’e stêd ta kwea oansette 3en se tinke: ‘Mei koarten wurde hjir wer huzen boud! De stêd is de briedpanne en wy binne it fleis dat deryn sit!’ 4En dêrom sis ik, profetearje, profetearje der dochs tsjin, minskesoan!
5Doe foel ynienen de Geast fan de Heare op my en dy sei my dat ik sizze moast: Dit hat de Heare te sizzen: Sa prate jim der by jimsels oer, folk fan Israel; ja, ik wit skoan, wat der yn jim hollen omgiet. 6Jimme hawwe safolle deamakke yn dizze stêd, dat de strjitten rekken fol mei deaden. 7Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: De liken dy’t dêr troch jimme dwaan lizze, dy binne it fleis en de stêd is de briedpanne; mar jimme helje Ik derút. 8It swurd dêr’t jimme sa bang foar binne, dat swurd bring Ik tsjin jim yn aksje, is de godsspraak fan God de Heare. 9Ik helje jimme derút. Ik jou jimme yn ’e macht fan frjemden en Ik sil rjochtdei oer jimme hâlde. 10Jim sille troch it swurd komme te fallen; as Ik oan ’e grins fan Israel rjochtdei oer jimme hâld, dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin. 11Dizze stêd sil foar jimme gjin briedpanne wêze en jimme net it fleis deryn. Nee, oan ’e grins fan Israel sil Ik rjochtdei oer jimme hâlde. 12Dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin, om’t jimme myn oarderingen net neikommen binne en myn rjochtsregels net yn acht nommen hawwe, mar dien hawwe neffens it gewoanterjocht fan ’e heidenfolken om jim hinne.
13Wylst ik sa oan it profetearjen wie, stoar Pelatja, de soan fan Benaja, samar ynienen. Doe liet ik my foaroer delfalle en ik raasde lûd: O Heare myn God, meitsje Jo hielendal in ein oan wat der fan Israel noch oer is?
In nij folk mei in nije geast
14Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 15Minskesoan, it binne dyn eigenste bruorren, de mannen fan dyn eigen sibbe en it hiele folk fan Israel, dêr’t it folk dat yn Jeruzalem sit, fan seit: Hja binne fier fan de Heare ôf, no is it lân uzes foar altyd. 16Sis dêrom: Dit hat God de Heare te sizzen: Al haw Ik har fier fan hûs ferdreaun ûnder de heidenfolken en har fersille oer de lannen, dochs haw Ik in koart skoft sèls har hillichdom west, yn ’e lannen dêr’t se hinne rekke binne. 17Sis dêrom: Dit hat God de Heare te sizzen: Ik sil jim ûnder de folken wei wer byinoar bringe en jim byinoar helje út ’e lannen dêr’t jim oer fersille binne, en Ik sil jimme Israels grûn werom jaan. 18En as se dêrwei komme, sille se alle groulikheden en skandlike praktiken út ’e wei dwaan. 19Dan jou Ik harren in oar hert en besielje Ik har mei in nije geast; it stiennen hert nim Ik har út it lichem wei en Ik jou har in hert fan libben fleis, 20dat se myn oarderingen neikomme en myn rjochtsregels yn acht nimme en dêrneffens dogge; dan sille sij myn folk wêze en Ik har God. 21Mar dy’t mei hert en siel fêsthâldt oan dy groulikheden en skandlike praktiken fan har, dy krije fan My har trekken thús foar al har dwaan en litten, is de godsspraak fan God de Heare.
De hearlikheid fan de Heare giet út ’e timpel wei
22Doe sloegen de kearûb-ingels de wjukken út en de tsjillen njonken har kamen ek yn beweging en de hearlikheid fan Israels God stie boppe harren. 23Doe riisde de hearlikheid fan de Heare midden út ’e stêd wei omheech; hja bleau stean boppe de berch oan ’e eastkant fan ’e stêd. 24En de wynpûst naam my op en brocht my nei Chaldéa by de ballingen; dat wie yn in gesicht dat Gods Geast my joech. Doe gong it gesicht dat ik hân hie, by my wei. 25En alles wat de Heare my yn dat gesicht iepenbiere hie, fertelde ik de ballingen.