Ester 4
Mordekai wol de Joaden rêde
1Doe’t Mordekai fernaam wat der allegearre te rêden wie skuorde hy syn klean stikken en klaaide him yn sekkeguod en jiske. Hy teach troch de binnenstêd, wylst er slim en bitter jammere. 2Sa kaam er oan ’e poarte fan ’e kening ta, want nimmen mocht yn ’e rou binnen de poarte fan de kening komme. 3Undertusken wie der yn elke provinsje dêr’t de wet en it befel fan ’e kening bekend wurden wienen, djippe rou by de Joaden mei festjen, skriemen en kleien, en de measten spraten harsels in bêd fan sekkeguod en jiske.
4Doe’t de slavinnen en hovelingen fan Ester kamen om har dat te fertellen, waard de keninginne tige kjel. Se stjoerde klean om dêr Mordekai mei te klaaien en him de rouklean ôf te nimmen, mar hy naam se net oan.
5Doe liet Ester Hatak komme, ien fan ’e kening syn hovelingen, dy’t hy har ta persoanlike tsjinst beskikt hie, en joech him bestel om by Mordekai it hoe en wat oan ’e weet te kommen. 6Hatak gong nei Mordekai ta op it stedsplein foar de poarte fan ’e kening, 7en Mordekai fernijde him al wat him oerkommen wie en ek it krekte bedrach jild, dat Haman tasein hie te beteljen, oan de skatkiste fan de kening foar it útroegjen fan ’e Joaden. 8Ek in ôfskrift fan ’e wet dy’t yn Sûsan útfurdige wie om har út te roegjen, joech er him mei om Ester sjen te litten, en har op ’e hichte te bringen. Ek moast er har hjitte om nei de kening te gean en him te smeekjen om genede en by him foar har folk te pleitsjen. 9Dêrnei gong Hatak deryn en brocht Ester de wurden fan Mordekai oer.
10Ester lykwols spriek tsjin Hatak en joech him dit boadskip mei foar Mordekai: 11Alle tsjinners fan ’e kening en it folk yn ’e kening syn provinsjes witte, dat der mar ien wet fan krêft is foar elke man of frou, dy’t sûnder roppen te wêzen yn it binnenste hôf by de kening komt: Sa’n ien moat deade wurde òf de kening moat him syn gouden skepter tastekke. Dan bliuwt er yn libben. Ik bin al yn gjin tritich dagen by de kening roppen. 12Doe’t se Mordekai de wurden fan Ester oerbrocht hienen, 13liet er har syn antwurd witte: Meitsje dysels mar net wiis, datsto allinne fan alle Joaden it libben der ôfrêde silst, omdatsto yn it paleis fan ’e kening bist. 14Mar, hâldsto dy op dit pas hielendal stil, dan sil der fan in oare kant grif wol útkomst en rêding foar de Joaden komme, mar do en dyn famylje sille omkomme. Wa-wit, oftsto net foar sa’n tiid as dizze ta de steat fan keninginne rekke bist.
15Doe sei Ester dit antwurd oan Mordekai te jaan: 16Gean hinne en bring alle Joaden dy’t te Sûsan tahâlde, byinoar. Festje om my, yt en drink nachts noch deis, trije dagen lang. Ik sil mei myn slavinnen allyksa festje. Sa sil ik dan nei de kening ta, al is it tsjin de wet. En kom ik om, dan kom ik mar om. 17Dêrnei gong Mordekai fuort en hy die alhiel lykas Ester him hjitten hie.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap