Haman wol de Joaden ferdylgje
1Nei dy foarfallen helle kening Ahasfearos Haman, de soan fan Hammedata, de Agagyt, tige nei foaren; hy joech him grutter steat en sette syn stoel heger as dy fan alle oare foarsten dy’t by him wienen. 2En alle tsjinners fan ’e kening, dy’t yn ’e poarte fan ’e kening wienen, gongen op ’e knibbels en bûgden har foar Haman del, want sa hie de kening it foar him besteld. Mordekai lykwols gong net op ’e knibbels en bûgde him net. 3Doe seinen de tsjinners fan ’e kening, dy’t yn ’e kening syn poarte wienen, tsjin Mordekai: Wêrom komme jo it befel fan ’e kening net nei? 4Om’t se dei oan dei ta him sprieken sûnder dat hy nei har harke, fertelden se it oan Haman om te sjen oft it argumint fan Mordekai wol opgean soe. Want hy hie har ferteld dat er Joad wie.
5Doe’t Haman seach dat Mordekai net foar him op ’e knibbels gong en him net bûgde, waard er poerrazend. 6Mar it wie him te min om allinne de hannen te slaan oan Mordekai, neidat se him trochdien hienen fan wat folk Mordekai wie. Dêrom wie it der Haman om te dwaan om alle Joaden yn it hiele keninkryk fan Ahasfearos, Mordekai syn folk, te ferdylgjen. 7Yn ’e earste moanne, dat is de moanne Nisan, yn it tolfte jier fan kening Ahasfearos wurpen se it Pûr, dat is it lot, yn it bywêzen fan Haman, dei foar dei en moanne foar moanne oant it lot foel op ’e trettjinde dei fan ’e tolfte moanne, dat is de moanne Adar.
8Doe sei Haman tsjin kening Ahasfearos: Der is ien folk dat ferstruid en apart tusken de folken yn alle provinsjes fan jo keninkryk libbet. Har wetten binne oars as dy fan elk oar folk en de kening syn wetten hâlde se har net oan. It past de kening net om har gewurde te litten. 9As it de kening goed taliket, dan moast der in skriuwen útgean om har út te roegjen. Yn dat gefal sil ik tsientûzen sulveren talinten útwage en de amtners yn hannen jaan om it yn de kening syn skatkiste te stoarten. 10Doe luts de kening syn segelring fan ’e hân, joech him oan Haman, de soan fan Hammedata, de Agagyt, de Joadeferfolger, 11en de kening sei tsjin Haman: It jild is dy skonken en it folk derop ta, do kinst dermei dwaan sa’t it dy goed taliket.
12Sa waarden op de trettjinde fan de earste moanne de kening syn skriuwers ûntbean en alhiel neffens de opdracht fan Haman waard in skriuwen rjochte oan ’e steedhâlders fan ’e kening, de lânfâden fan elke provinsje en de foarsten fan elk folk, nei elke provinsje yn eigen skrift en nei elk folk yn eigen taal. It waard út namme fan kening Ahasfearos skreaun en mei de kening syn segelring besegele. 13En brieven waarden troch middel fan boaden op hynders ferstjoerd nei alle provinsjes fan ’e kening, mei it befel om alle Joaden te ferdylgjen, te deadzjen en út te roegjen, fan jongfeint oant grize âldman, lytse bern en froulju, op ien dei, op de trettjinde fan de tolfte, de moanne Adar, en om har besit bút te meitsjen. 14In ôfskrift fan dy brief moast as wet yn elke provinsje útfurdige en oan alle folken bekend makke wurde, om foar dizze dei ree wêze te kinnen. 15De boaden setten yn sân hasten ôf op lêst fan ’e kening, wylst de wet yn ’e stins te Sûsan útfurdige waard. En de kening en Haman setten har te drinken, mar de stêd Sûsan wie yn ûnstjoer.