Ester 5
Ester by de kening
1De tredde deis klaaide Ester har yn keninklik habyt en kaam yn it binnenste hôf fan it keninklik paleis, rjocht foar it hûs fan ’e kening oer. De kening siet op syn keninklike troan rjocht foar de doar fan it paleis oer. 2Sagau’t de kening keninginne Ester seach, doe’t se dêr sa stie yn it binnenhof, wûn se syn geunst en de kening stiek Ester de gouden skepter ta, dy’t er yn ’e hân hie. Ester kaam neierby en rekke it útein fan ’e skepter oan. 3Dêrop sei de kening tsjin har: Wat is der oan mei dy, keninginne Ester en wat is dyn winsk? Al is it de helte fan it keninkryk, it sil dy jûn wurde. 4Doe sei Ester: As it de kening goed taliket, dan moast de kening hjoed mei Haman oan it gastmiel komme, dat ik him set haw. 5Dêr sei de kening op: Helje op slach Haman. Dan sille wy Ester har sin dwaan. Sa kamen de kening en Haman oan it gastmiel, dat Ester set hie.
6By it wyndrinken sei de kening tsjin Ester: Wat is dyn fraach? Dêr sil oan foldien wurde. En wat is dyn winsk? Al wie it de helte fan it keninkryk, it sil tastien wurde. 7Ester antwurde: Myn fraach en myn winsk is ..., 8as de kening my tagedien is en as it de kening goed taliket oan myn frage te foldwaan en myn winsk ta te stean, dan moasten de kening en Haman oan it gastmiel komme, dat ik har sette sil en moarn, dan sil ik dwaan neffens it befel fan ’e kening.
De peal foar Mordekai reemakke
9Haman sette dy deis ôf, wakker yn ’e wolken en mei in tige skoan sin. Doe’t Haman lykwols yn ’e poarte fan ’e kening Mordekai seach, dy’t net foar him oerein kaam noch him ferroerde, waard er poerrazend op Mordekai. 10Haman hâlde him lykwols yn en gong nei hûs, dêr’t er syn freonen en syn frou Seares komme liet, 11en Haman mar by har opsprekke oer syn grutte rykdom, de rige soannen, de eare dêr’t de kening him mei ûnderskaat hie en syn ferheffing boppe alle foarsten en tsjinners fan ’e kening. 12Fierder sei Haman: Boppedat hat keninginne Ester ta it gastmiel, dat se set hie, bûten de kening suver en allinne mij útnoege. En ek op moarn bin ik mei de kening by har frege. 13Mar dat seit my allegearre neat, salang as ik dy Joad Mordekai dêr yn ’e poarte fan ’e kening sitten sjoch. 14Seares, syn frou, en alle freonen seinen tsjin him: Lit in peal fan fyftich jellen heech meitsje en sis dan moarn tsjin de kening, dat se Mordekai dêr op spytse. Dêrnei kinst mei in fleurich sin mei de kening nei it gastmiel ta. Dat sizzen stie Haman oan en hy liet in peal reemeitsje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap