Ester 10
1Kening Ahasfearos lei it fêstelân en de streken bylâns de see hearetsjinsten op, 2mar syn machtige en heldhaftige dieden en it krekte berjocht fan ’e hege rang, dêr’t de kening Mordekai mei ûnderskieden hat, dy steane allegear wol beskreaun yn it kronikeboek fan de keningen fan Medië en Perzië. 3Want Mordekai, de Joad, wie de earste yn rang nei kening Ahasfearos. Hy wie heech yn oansjen by de Joaden en de mannichte fan syn bruorren wie wiis mei him. Hy socht nammers it wolwêzen foar syn folk en spriek ta heil fan al syn lânslju.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap