Hoe ’t it der bystie
1Yn it lân Oes hat ris in man wenne, dy hiet Job. Der foel neat op de man te sizzen, hy wie rjochtút, hie ûntsach foar God en moast neat hawwe fan it ferkearde. 2Hy krige sân soannen en trije dochters. 3Hy hie in beslach fee fan 7000 skiep en geiten, 3000 kamielen, 500 span oksen en 500 ezels. Fierder hie er wit-hoefolle wurkfolk. Dy man stiek boppe alle lju fan it easten út! 4Syn soannen hienen as wizânsje om beurten by elk oan hûs in feest te jaan. Hja stjoerden dan har trije susters ek boadskip om mei te iten en te drinken. 5As sokke feestdagen om wienen, liet Job har komme om har te suverjen. Hy gong der de moarns betiid ôf en brocht brânoffers, foar elk fan harren ien. Want hy liet yn him omgean:
Wa-wit hawwe myn bern wol sûndige,
ja, God yn har hert sels útsegene!
Sokke dagen die Job dat altyd.
De satan is oergeunstich
6Doe wie it de dei, dat Gods hege hof foar de Heare ferskynde. De satan kaam ek yn har fermidden. 7Doe sei de Heare tsjin ’e satan: Wêr komst wei? De satan antwurde de Heare: Ik haw wat omswalke op ’e ierde, ik woe my dêr wat fertraapje. 8De Heare frege de satan: Hast myn tsjinstfeint Job ek achtslein? Hy hat ommers op ’e ierde syn gelikens net: in man dêr’t neat op te sizzen falt, hy is oprjocht, hat ûntsach foar My en moat neat hawwe fan it ferkearde! 9Dêrop antwurde de satan de Heare: Is it soms om ’e nocht, dat Job ûntsach foar God hat? 10Hawwe Jo sels net rûnom in ôffreding slein: om him, om syn hûs en alles wat sines is hinne? Wat er mar om hannen hie, Jo hawwe it segene. Syn beslach fee hat him útwreide yn it lân. 11Mar no wat oars: stek jo hân ris út en taast alles oan wat er hat, ik wik it Jo dat er Jo yn it gesicht útsegenje sil! 12Doe sei de Heare tsjin ’e satan: Dêr dan, do meist beskikke oer alles wat er hat. Allinne nei himsels meist de hân net útstekke. Doe gong de satan foar it antlit fan de Heare wei.
Job rekket alles kwyt
13Doe wie it de dei, dat syn soannen en dochters te gast wienen yn it hûs fan har âldste broer en dêr wyn dronken. 14Dêr kaam ynienen in boade by Job, dy’t sei: De kij wienen oan it ploegjen en de ezelinnen weiden dêrnjonken. 15Mar de Sabeeërs kamen har oer ’t mad en griepen se; de jongfeinten sloegen se mei it skerpe swurd del. Ik allinne en oars gjinien koe útnaaie en bring it jo oan. 16Dy wie noch net útpraat, of in oaren-ien kaam om te sizzen: In ûnbidich stik fjoer foel fan ’e himel del, it sloech de brân ûnder it lytsfee en de jongfeinten en fertarde se. Ik allinne en oars gjinien koe útnaaie en bring it jo oan. 17Ek dy wie noch oan it wurd, dêr kaam al wer in oaren-ien om te sizzen: De Chaldeeërs stelden har yn trijen op, se dienen in oerfal op ’e kamielen en hawwe se grypt; de jongfeinten sloegen se mei it skerpe swurd del. Ik allinne en oars gjinien koe útnaaie en bring it jo oan. 18Ek dy wie noch oan it wurd, dêr kaam al wer in oaren-ien om te sizzen: Jo soannen en dochters sieten oan it gastmiel en wienen oan ’e wyn yn it hûs fan har âldste broer 19en o skrik! dêr kaam in ferheftige wynpûst oer de woestyn wei en stoarme tsjin alle fjouwer hoeken fan it hûs oan, dat it stoarte yninoar op it jongfolk en se bestoaren it. Ik allinne en oars gjinien koe útnaaie en bring it jo oan. 20Doe joech Job him oerein, skuorde syn mantel stikken, skearde him it hier fan ’e holle, foel oer de grûn en bûgde him del. 21Dêrop sei er:
Neaken-en-bleat bin ik op ierde kommen,
neaken-en-bleat gean ik dêr wer hinne;
de Heare hat jûn, de Heare hat nommen,
de Namme fan de Heare bliuwt te priizjen!
22Yn dat allegearre sûndige Job net en joech er God neat nu vers nei.