De Joaden nimme wraak
1Op ’e trettjinde dei fan ’e tolfte moanne, de moanne Adar, doe’t it wurd en de wet fan ’e kening ta útfiering komme moasten, de deis dat de fijannen fan ’e Joaden hope hienen harren oermânsk te wurden, kaam it krektoarsom, dat de Joaden waarden har haters oermânsk. 2De Joaden organisearren har yn al har stêden en yn alle provinsjes fan kening Ahasfearos, om hannen te slaan oan ’e lju dy’t har ûnheil sochten. Gjinien koe it tsjin har hâlde, want alle folken hienen respekt foar har krige. 3En alle foarsten fan ’e provinsjes, de steedhâlders, de lânfâden en de amtners fan ’e kening stipen de Joaden, want se hienen respekt krige foar Mordekai. 4Want Mordekai wie tige yn tel yn it keninklike paleis en der gong rop fan him út yn alle provinsjes, want dy Mordekai waard al machtiger-oan. 5Sa sloegen de Joaden har fijannen mei it skerpe swurd, ta de dea en ta de ferdylging, en se dienen mei har haters wat se woenen. 6Yn ’e stins fan Sûsan deaden en ferdylgen de Joaden fiifhûndert man. 7En Parsandata, Dalfon, Aspata, 8Porata, Adalja, Aridata, 9Parmasta, Arisai, Aridai en Waizata, 10de tsien soannen fan Haman, de soan fan Hammedata, de Joadeferfolger, makken se dea, mar de bút stieken se gjin hân nei út.
11Doe’t no op dy dei it tal deaden yn ’e stêd Sûsan oan ’e kening bekend makke wie, 12sei de kening tsjin keninginne Ester: Yn ’e stins fan Sûsan hawwe de Joaden al fiifhûndert man deamakke en ferdylge bûten de tsien soannen fan Haman. Wat sille se dan net dien hawwe yn ’e kening syn oare provinsjes! Wat is no dyn fraach, – der sil oan foldien wurde. En wat is dyn winsk – it sil dy tastien wurde. 13Doe sei Ester: As it de kening goed taliket, dan moat moarn ek noch oan ’e Joaden yn Sûsan tastien wurde neffens de wet dy’t foar hjoed jildt, te dwaan. En de tsien soannen fan Haman moatte op ’e peal spytst wurde. 14De kening bestelde sa te dwaan en in wet waard útfurdige yn Sûsan, en de tsien soannen fan Haman waarden op ’e peal spytst. 15De Joaden, dy’t yn Sûsan tahâlden, organisearren har ek de fjirtjinde dei fan ’e moanne Adar, en makken yn Sûsan trijehûndert man dea, mar de bút stieken se gjin hân nei út.
16En de oare Joaden, dy’t yn ’e provinsjes fan ’e kening tahâlden, organisearren har ta ferdigening fan har libben en hienen har wille oan ’e ûndergong fan har fijannen. Se makken 75.000 fan har haters dea, mar de bút stieken se gjin hân nei út. 17Dat wie op ’e trettjinde dei fan ’e moanne Adar, en op de fjirtjinde dei rêsten se út en makken dêr in dei fan feestmiel en wille fan.
18De Joaden fan Sûsan kamen lykwols gear op ’e trettjinde en fjirtjinde, en sy rêsten op de fyftjinde en makken dêr in dei fan feestmiel en wille fan. 19Dêrom fiere de Joaden fan it plattelân, dy’t yn iepen stêden wenje, de fjirtjinde dei fan de moanne Adar mei wille en feestmiel en as in dei om elkoar geskinken te jaan.
It Pûrimfeest fêstlein
20Mordekai skreau dy foarfallen op. Hy stjoerde brieven oan alle Joaden, tichteby en omfierrens, yn alle provinsjes fan kening Ahasfearos, 21om harren te ferplichtsjen jierliks like goed de fjirtjinde as de fyftjinde fan ’e moanne Adar te fieren. 22– It hienen ommers dagen west, dat de Joaden rêst krigen fan har fijannen en it wie de moanne ommers, dy’t foar harren feroare wie fan drôvens yn wille en fan rouwe yn feestdei – . Dy dagen moasten se dagen fan feestmiel en wille fan meitsje, dêr’t se elkoar geskinken op jaan soenen en jeften oan ’e earmelju. 23De Joaden makken in regel, sa’t se al begûn wienen te dwaan en sa’t Mordekai har skreaun hie. 24Haman ommers, de soan fan Hammedata, de Agagyt en Joadeferfolger, hie fan doel west om de Joaden út te roegjen en hy hie it Pûr, dat is it lot, wurpen om har te fernielen en út te roegjen. 25Mar, doe’t Ester foar de kening kaam, hie dy swart op wyt hjitten, dat it gemiene plan, dat Haman tsjin de Joaden betocht hie, op syn eigen holle delkomme moast en dat se him en syn soannen op ’e peal spytse moasten. 26Dêrom wurde dy dagen Pûrim neamd neffens de útdrukking Pûr. Hjirom dan, om al wat yn dy brief beskreaun stie en om wat se yn dit stik fan saken sels sjoen hienen en om wat se der fan meimakke hienen, 27stelden de Joaden fêst en makken der in regel fan foar harsels en har neiteam en foar al wa’t him by har oanslute soe, dat se sûnder ien kear oer te slaan dy beide dagen jierliks fiere soenen, lykas harren foarskreaun wie, en op ’e stelde tiid. 28Dy dagen soenen betocht wurde en fierd yn elk geslacht, yn elke famylje, yn elke provinsje, yn elke stêd. Sa soenen dy Pûrimdagen by de Joaden net yn ûnbrûk reitsje en de betinking derfan by har neiteam net ophâlde.
De ûnferjitliken: Ester en Mordekai
29Keninginne Ester, de dochter fan Abichael, mei Mordekai de Joad, lieten noch in skriuwen útgean mei har folle gesach om dizze twadde Pûrimbrief fan krêft te meitsjen. 30Se stjoerden brieven oan alle Joaden yn de hûndertsânentweintich provinsjes fan it keninkryk fan Ahasfearos, mei wurden fan frede en trou, 31om dy Pûrimdagen te fieren op har fêste tiden, lykas Mordekai, de Joad, en keninginne Ester it har foarskreaun hienen, en lykas se harsels en har neiteam de regel steld hienen fan it festjen en weekleien. 32De útspraak fan Ester stelde dy Pûrimsaken fêst en it waard beskreaun yn in boek.