1 Nei dy foarfallen helle kening Ahasfearos Haman, de soan fan Hammedata, de Bûgeeër, tige nei foaren; hy joech him heger steat en sette syn stoel heger as dy fan al syn freonen. 2 En allegearre dy’t oan it hôf wienen, gongen op ’e knibbels foar Haman, want sa hie de kening opdroegen te dwaan. Mordekai lykwols gong net foar him op ’e knibbels. 3 Doe seinen de lju dy’t by de kening oan it hôf wienen tsjin Mordekai: Mordekai, komme jo it befel fan ’e kening net nei? 4 Se sprieken dei oan dei tsjin him en hy harke net nei har; doe fertelden se it oan Haman, dat Mordekai him tsjin it befel fan ’e kening fersette. Hy hie harren ek noch wol ferteld dat er Joad wie.
5 Doe’t Haman seach dat Mordekai de knibbels net foar him bûgde, waard er poerrazend. 6 En hy makke in plan om alle Joaden yn it hiele keninkryk fan Ahasfearos te ferdylgjen. 7 En se makken in wet, yn it tolfte jier fan kening Ahasfearos en se wurpen de lotten, dei foar dei en moanne foar moanne, om op ien dei it folk fan Mordekai út te roegjen. En it lot foel op de fjirtjinde dei fan ’e moanne Adar.
8 Doe sei Haman tsjin kening Ahasfearos: Der is ien folk dat ferstruid tusken de oare folken yn jo hiele keninkryk libbet. Har wetten binne oars as dy fan elk oar folk en de kening syn wetten hâlde se har net oan. It past de kening net om har gewurde te litten. 9 As it de kening goed taliket, dan moat der in befel útgean om har út te roegjen. Dan sil ik tsientûzen sulveren talinten nei de skatkiste fan ’e kening oerskriuwe litte. 10 Doe die de kening syn segelring ôf en joech dy Haman oan ’e hân om in segel op de brieven tsjin ’e Joaden te setten. 11 En de kening sei tsjin Haman: Dat jild meist hâlde. Doch mei dat folk sa’t it dy goed taliket.
12 Sa waarden op de trettjinde fan ’e earste moanne de skriuwers fan ’e kening ûntbean en alhiel neffens de opdracht fan Haman rjochten se in skriuwen oan ’e steedhâlders fan ’e kening, de lânfâden fan elke provinsje fan India oan Etiopië ta, oan ’e foarsten fan ’e folken yn har eigen taal. 13 En der waarden brieven troch middel fan boaden ferstjoerd nei it hiele ryk fan Ahasfearos, mei it befel om it folk fan ’e Joaden te ferdylgjen, op ien dei yn ’e tolfte moanne, dat is Adar, en om har besit bút te meitsjen.
BIt edikt fan kening Ahasfearos
1 Sa is de tekst fan dy brief: Keizer Ahasfearos docht de steedhâlders fan ’e hûndertsânentweintich provinsjes fan India oan Etiopië ta, en de lânfâden dy’t ûnder harren steane, te witten: 2 Al regearje ik dan ek oer gâns folken, ja al is de hiele wrâld myn ryk, dochs wol ik my net yn oermoed ferheffe op myn macht, mar altyd sa myld en sêft mooglik regearje. Ik wol myn ûnderdienen oanienwei in fredich, rêstich libben jaan en soargje dat it ryk oan ’e uterste grinzen ta rêstich en tagonklik is, om sa de frede te bestindigjen dêr’t alle minsken nei útsjogge.
3 Doe’t ik myn riedslju der oer befrege, hoe’t men it safier krije kin, oppenearre Haman him, dy’t der yn ús fermidden útrint troch syn wysheid en dêr’t it bewiis fan levere is, dat er it altyd goed mient en dat men fêst op him oan kin; hy is op ien nei de heechste yn myn ryk. 4 Dy wiisde ús op in kweawillich folk, dat wennet ferspraat tusken alle folken fan ’e wrâld yn en dat komt troch syn wetten yn striid mei alle oare folken. It steurt him noait oan ’e foarskriften fan ’e kening en bringt sadwaande de hearskippij yn gefaar, dy’t wy ta elks tefredenheid yn stân hâlde.
5 Yn oanmerking nimmend, dat dat folk as iennichste oanienwei tsjin alle oare minsken yngiet troch in oare libbenswize neffens frjemde wetten, en út fijânskip tsjin ús bestjoer de slimste dingen docht, dat de festichheid fan ús ryk der mei yn gefaar komt, 6 hawwe wy opdracht jûn, de minsken dy’t Haman jimme yn syn brief oanwiisd hat – Haman, dy’t it bestjoer foar ús waarnimt en as in twadde heit foar ús is – allegearre mei har froulju en bern folslein út te moardzjen troch de swurden fan har fijannen, sûnder hokfoar begrutsjen of meilijen, op ’e fjirtjinde fan Adar, de tolfte moanne, fan dit jier. 7 Dan sille de lju dy’t no en altyd op ús tsjin wienen, op ien dei mei geweld de dea ynjage wurde, dat se tenei noait wer de oarder en rêst yn ús ryk fersteure kinne.
314 In ôfskrift fan dy brief moast as wet yn elke provinsje útfurdige wurde en oan alle folken waard opdroegen, foar dy dei ree te wêzen.
15 Der waard ek yn Sûsan haast makke mei de saak. En de kening en Haman sieten wakker te drinken, mar de stêd wie yn ûnstjoer.