Mordekai wol de Joaden rêde
1 Doe’t Mordekai fernaam wat der klearmakke wie, skuorde er syn klean stikken en klaaide him yn sekkeguod en bestruide him mei jiske. Hy rûn oer it plein fan ’e stêd en rôp lûd: Der wurdt in folk útroege dat neat misdien hat! 2 Sa kaam er oan ’e poarte fan ’e kening ta en dêr bleau er stean; want gjin minske mocht yn sek en jiske yn it paleis fan ’e kening komme. 3 Underwilens wie der yn idere provinsje dêr’t it skriuwen bekend makke wie, rou en geskriem en geklei by de Joaden, en se spraten har in bêd fan sekkeguod en jiske.
4 De slavinnen en hovelingen fan ’e keninginne kamen om har dat te fertellen. De keninginne waard tige kjel, doe’t se hearde wat der bard wie. Se stjoerde klean om dêr Mordekai mei te klaaien en him de rouklean ôf te nimmen, mar hy liet him net beprate.
5 Doe liet Ester Hatak komme, har hoveling, dy’t har ta har persoanlike tsjinst beskikt wie, en joech him bestel om foar har by Mordekai it hoe-en-wat oan ’e weet te kommen. [ 6 ] 7 Mordekai fernijde him al wat him oerkommen wie en ek fan it bedrach fan tsientûzen talinten, dat Haman tasein hie oan ’e skatkiste foar it útroegjen fan ’e Joaden. 8 Ek in ôfskrift fan ’e wet dy’t yn Sûsan útfurdige wie om har út te roegjen, joech er mei om dat Ester sjen te litten. Ek moast er har hjitte om nei de kening te gean en him te smeekjen en by him te pleitsjen foar har folk. Tink oan de tiid datst noch net yn oansjen wiest en by my grutbrocht waardst. Want Haman, de ûnderkening, hat ús deafonnis útsprutsen; rop de Hear oan en pleitsje by de kening foar ús en ferlos ús fan ’e dea. 9 Dêrnei gong Hatak deryn en brocht Ester de wurden fan Mordekai oer.
10 Ester lykwols sei tsjin Hatak: Gean nei Mordekai en sis: 11 Alle folken fan it keninkryk witte, dat der gjin inkelde man of frou dy’t sûnder roppen te wêzen yn it binnenste hôf by de kening komt, it libben derôf rêdt, òf de kening moat him syn gouden skepter tastekke; dan bliuwt er yn libben. Ik bin al yn gjin tritich dagen by de kening roppen. 12 Hatak brocht Mordekai alle wurden fan Ester oer. 13 Doe sei Mordekai tsjin Hatak: Gean hinne en sis tsjin har: Ester, meitsje dysels mar net wiis, datsto as iennichste fan alle Joaden it libben der ôfrêde silst, omdatsto yn it paleis fan ’e kening bist. 14 Mar, wolsto op dit pas net hearre, dan sil der fan in oare kant grif wol útkomst en rêding foar de Joaden komme, mar do en dyn famylje sille omkomme. Wa-wit lykwols, oftsto net mei it each op in tiid as dizze keninginne wurden bist.
15 Doe stjoerde Ester de man werom nei Mordekai mei it boadskip: 16 Gean hinne en bring alle Joaden dy’t te Sûsan tahâlde byinoar. Festje foar my, yt en drink nachts noch deis, trije dagen lang. Ik sil mei myn slavinnen allyksa sûnder iten bliuwe. Sa sil ik dan nei de kening ta, al is it tsjin ’e wet, ek as dat myn ûndergong betsjut. 17 Dêrmei gong Mordekai fuort en die alhiel sa’t Ester him hjitten hie.
CIt gebed fan Mordekai
1 En Mordekai die in gebed, dêr’t er alle dieden fan ’e Heare yn oanhelle.
2 Hy sei: Heare, Heare, almachtige Kening, alles is yn jo macht, en der is net ien dy’t it tsjin Jo yn ’e kant set, as Jo Israel rêde wolle;
3 want Jo hawwe himel en ierde makke en al wat wy bewûnderje ûnder de himel.
4 Jo binne Hear fan alles en dêrom kin net ien Jo wjerstean.
5 Jo witte alles; it is Jo ek bekend, Heare, dat ik dit net út oermoed, grutskens of earsucht dien haw, dat ik net knibbelje wol foar dy grutske Haman;
6 want om Israel te rêden soe ik him mei alle wille de fuotsoallen tútsje wolle.
7 Nee, ik haw dit dien om in minske gjin heger eare te jaan as God. Ik sil foar net ien knibbelje bûten Jo, myn Heare, en ik sil dit net út grutskens dwaan.
8 No dan, Heare God, Kening, God fan Abraham, sparje jo folk, want se binne fan doel ús út te moardzjen, ja se hawwe yn ’t sin om út te roegjen wat fan âlde tiden ôf jo eigendom west hat.
9 Ferjit jo folk dochs net, dat Jo út Egypte befrijd hawwe.
10 Harkje nei myn gebed en haw meilijen mei jo folk. Feroarje ús fertriet yn blydskip, dat wy yn ’t libben bliuwe om jo lof te sjongen, Heare! Ja, lit it folk net útstjerre waans mûle Jo prizet.
11 En hiele Israel rôp út alle macht, want se hienen de dea foar eagen.
Esters fêstjen en gebed
12 Ek keninginne Ester naam har taflecht ta de Heare yn har striid op dea en libben.
13 Se die de staasjeklean út en roudracht oan; ynpleats fan kostlik rûkersguod struide se oerdiedich jiske en smoargens op ’e holle; se kastijde har lichem danich en op it plak dêr’t oars har kostbere sieraden sieten, liet se no har hierfrissels delhingje.
14 Doe sei se yn in gebed oan ’e God fan Israel: Heare, ús Kening, Jo binne de Iennichste; help my dy’t allinne stean en oars gjin helper haw as Jo,
15 want ik jou my yn it gefaar.
16 Ik haw fan bern ôf yn myn heite famylje altyd sizzen heard, dat Jo, Heare, út alle folken Israel en út alle foarâlden ús stamfaars ôfsûndere hawwe om foar altyd jo eigendom te wêzen, en dat Jo harren altyd behannele hawwe sa’t Jo sein hienen.
17 Mar no hawwe wy tsjin Jo sûndige en Jo hawwe ús útlevere oan ús fijannen,
18 omdat wy har goaden eare hienen; Jo steane yn jo rjocht, Heare.
19 Mar no wienen se noch net tefreden mei ús bittere slavernij; nee, se hawwe de hannen omheechhâlden nei dy fan har ôfgodsbylden,
20 om it beslút dat Jo útsprutsen hienen teneate te dwaan en jo erfdiel te ferdwaan; om harren dy’t Jo loovje it swijen op te lizzen en in ein te meitsjen oan ’e gloarje fan jo hûs en oan jo alter;
21 om de heidenen jubelje te litten ta eare fan har ûngoaden en in ierdske kening foar ivich te bewûnderjen.
22 O Heare, jou jo macht net oan har, dy’t net besteane. Lit de minsken net húnjend laitsje om ús ûndergong, nee, lit har opset op har eigen holle delkomme en stel in foarbyld oan him, dy’t de ferfolging tsjin ús geande makke hat.
23 Tink om ús, Heare, lit sjen wa’t Jo binne op ’e dei dat wy beneare wurde! Jou my moed, Kening fan ’e goaden en Hearsker oer alle machten!
24 Jou my ynnimmende taal yn ’e mûle as ik yn ’e hoale fan ’e liuw kom en bring him ta oare gedachten, dat er de man hatet dy’t ús bestriidt; want dan is it dien mei dy man en mei al syn meistanners.
25 Befrij ús troch jo macht en help my, dy’t allinne stean en oars neat haw as Jo, Heare. Jo witte alles.
26 Jo witte ek, dat ik gjin nocht haw oan ’e eare dy’t de goddeleazen my jouwe en dat ik in ôfgriis haw fan ’e bysliep mei ûnbesnienen en mei hokfoar frjemdling ek.
27 Jo kenne myn swierrichheden: dat ik in ôfgriis haw fan it teken fan myn weardichheid, dat ik op ’e holle haw as ik my oan it folk sjen litte moat; ik griis derfan as fan in smoarge bandoek, en troch ’en dei draach ik it net.
28 Ek haw ik, jo tsjinstfaam, net fan Haman syn tafel iten, ik haw it feestmiel fan ’e kening gjin eare oandien en gjin offerwyn dronken.
29 Ja, ik haw net fleurich west fan ’e dei dat myn libben sa feroare oan no ta, oars net as om Jo, Heare, God fan Abraham.
30 O God, jo krêft wint it fan allegearre – wy binne ús rie te’n ein – harkje nei ús en befrij ús út ’e macht fan dy’t it ferkearde wolle, en befrij my út myn benaudens.