In oare keninginne socht
1 Doe’t nei dy foarfallen de grime fan ’e kening bekommen wie, tocht er werom oan Wasty, wat se dien hie en wat er oer har besletten hie. 2 Doe seinen de tsjinstfeinten fan ’e kening: Lit se foar de kening ûnbedoarne jonge froulju sykje, kreas fan uterlik. 3 Dêrta moat de kening amtners oanstelle yn alle provinsjes fan it keninkryk, dy’t alle jongfammen mei in kreas uterlik byinoar bringe moatte nei de stêd Sûsan yn ’e harem; dy moatte dan tabetroud wurde oan de keninklike hoveling dy’t haremwachter is en se moatte har oalje en de fierdere fersoarging jaan. 4 De jongfaam dan, dy’t de kening oanstiet, moat keninginne wurde ynpleats fan Wasty. Dy foarslach stie de kening oan en sa die er.
5 No wie der yn ’e stêd Sûsan in Joad; syn namme wie Mordekai, soan fan Jaïr, soan fan Simeï’, soan fan Kisj, in Benjaminyt, 6 dy’t fuortfierd wie út Jeruzalem, doe’t kening Nebûkadnessar fan Babel de bewenners dêrfan yn ballingskip fierd hie. 7 Hy hie in pleechdochter, in dochter fan Aminadab, in broer fan syn heit, en dy hiet Ester. Doe’t se har âlders ferlear, brocht er har grut oant hja frou wie. It wie in jongfaam, kant fan lea en kreas fan uterlik.
8 Doe’t no it beslút fan ’e kening bekend wurden wie en ferskate jongfammen byinoar brocht waarden yn ’e stêd Sûsan ûnder tafersjoch fan Hegai, waard ek Ester by Hegai, de haremwachter brocht. 9 En de jongfaam stie him oan en wûn syn geunst, dat hy beskikte har sa gau mooglik de salve en har taks fan iten; se krige sân fan ’e treflikste slavinnen út it keninklike paleis ta har foldwaan en hy behannele har en har tsjinsters goed yn ’e harem. 10 Ester hie har folk en komôf net opjûn, want Mordekai hie har hjitten, dat se dat net opjaan soe. 11 En dei oan dei rûn Mordekai foar de foartún fan ’e harem op en del om te witten te kommen, wat der mei Ester barre soe.
12 Wannear’t no in jongfaam oan bar wie om nei kening Ahasfearos ta, nei’t der tolve moannen om wienen – want sa wie de tiid foar it opmeitsjen yndield: seis moanne foar salvjen mei mirre-oalje en seis moanne mei sjippe en geurige krûden foar froulju – 13 dan kaam dy jongfaam sa by de kening: al wat se sei, joech er har út ’e harem mei nei it paleis fan ’e kening ta. 14 De jûns gong se dêrhinne en de oare moarns kaam se werom nei in oar haremgebou, dêr’t hoveling Hegai de hoeder fan ’e froulju wie. Se mocht net wer nei de kening, behalven as se by namme roppen waard.
15 Doe’t no Ester, de dochter fan Aminadab, Mordekai syn omke, dy’t hy as dochter oannommen hie, oan bar kaam om nei de kening ta, wiisde se neat ôf fan wat de hoveling en haremwachter har rette, en Ester foel yn ’e smaak by elk dy’t har seach. 16 Sa waard Ester nei kening Ahasfearos brocht yn ’e tolfte moanne, it sânde jier fan syn regear. 17 En Ester foel by de kening yn ’e smaak en kaam yn ’e geunst mear as alle oare jongfammen. Hy sette har in frouljuskroan op ’e holle. 18 En de kening sette al syn freonen en machthawwers in gastmiel dat sân dagen duorre, en hy fierde de brulloft mei Ester. Syn ryk joech er ferlichting fan lêsten. 19 En Mordekai die tsjinst by it hôf. 20 Noch altyd hie Ester har folk net opjûn, want sa hie Mordekai har hjitten, God te freezjen en syn geboaden te hâlden, lykas yn ’e tiid dat se by him wie, en Ester feroare har libbenswize net.
Mordekai ûntdekt in komplot
21 Yn dyselde tiid waarden de beide hovelingen dy’t oan ’t haad fan ’e liifwacht stienen, fergrime, omdat Mordekai opgong makke hie, en se leinen it derop oan, kening Ahasfearos te fermoardzjen. 22 Mordekai lykwols kaam de saak oan ’e weet en fertelde it oan Ester. Dy die it berjocht oer de oanslach wer troch oan ’e kening. 23 De kening naam de beide hovelingen foar ’t ferhoar en liet se op ’e peal spytse. En de kening joech oarder, yn ’e kronyk fan ’e keninklike bibleteek mei lof op te skriuwen, hoe fertsjinstlik Mordekai him makke hie.