Mordekai krijt in fizioen
1 Yn it twadde jier fan ’e regearing fan keizer Ahasfearos, op ’e earste Nisan, krige Mordekai in fizioen. Dy Mordekai wie de soan fan Jaïr, de soan fan Simeï, de soan fan Kisj út ’e stam Benjamin; 2 in Joad dus, dy’t yn ’e stêd Sûsan wenne, in man fan oansjen dy’t in funksje hie oan it hôf fan ’e kening. 3 Hy stamme ôf fan ’e ballingen dv’t kening Nebûkadnessar fan Babel út Jeruzalem mei kening Jekonja fan Juda meifiere litten hie.
4 Dat fizioen fan him wie sa: Der klonk in freeslik lûd fan tongerslaggen en in ierdbeving, dat de ierde rekke yn ûnstjoer; 5 en der kamen twa mânske draken opsetten, klear om mei-inoar te fjochtsjen en dy gûlden om mâlens. 6 Op it hearren fan dat gegûl makken alle folken har klear om it folk fan ’e rjochtfeardigen te beoarlogjen. 7 Dat wie in tsjustere, in swarte dei; it wie allegearre fertriet en benaudheid, ellinde en alteraasje op ’e ierde; 8 it hiele rjochtfeardige folk rekke yn ûnstjoer, sa bang wienen se foar it ûnheil dat har bedrige; se makken har der al op klear, dat se stjerre moasten. 9 Doe rôpen se oan God. Op har roppen ûntstie der as út in lytse welle in grutte rivier, in breed wetter. 10 Doe waard it ljocht, de sinne gong op; en de nederigen krigen it eareplak en roegen de grutte lju út.
11 Doe’t Mordekai de sliep út hie, woe dat fizioen dat er hân hie, him mar net út it sin; hy besocht oer alle boegen gewaar te wurden wat God fan doel wie te dwaan, oant de nacht kaam.
Mordekai bringt in komplot tsjin Ahasfearos út
12 En Mordekai lei yn it paleis op bêd, en Bigtan en Teares, de eunúchen dy’t dêr de wacht hâlden, ek. 13 Hy hearde dat se mei-inoar rieplachten. Doe gong er nei, wat se fan doel wienen; hy waard gewaar dat se in oanslach op it libben fan kening Ahasfearos yn it sin hienen, en hy brocht de kening dêr fan op ’e hichte. 14 Doe liet de kening de beide eunúchen útfreegje, en doe’t se bekend hienen, waarden se terjochtsteld.
15 De kening liet dat foarfal yn syn kroniken te boek stelle, en Mordekai makke der ek in ferslach fan op. 16 De kening joech Mordekai in funksje yn it paleis, en teffens in beleanning foar wat er dien hie. 17 Mar Haman, de soan fan Hammedata, in Bûgeeër dy’t tige yn oansjen wie by de kening, besocht Mordekai en syn folk ôfbrek te dwaan, fanwegen it gefal mei dy beide keninklike eunúchen.
1In keninginne rekket út ’e geunst
1 Nei’t dat him ôfspile hie, yn ’e tiid fan Ahasfearos – hy is de Ahasfearos, dy’t fan de Indyske Oséaan ôf hearske oer hûndertsânentweintich provinsjes – 2 yn ’e dagen dan, dat kening Ahasfearos op ’e keningstroan siet yn ’e stins Sûsan, 3 it tredde jiers fan syn regear, doe sette er al syn freonen en de eallju fan Perzië en Medië en de foarsten fan ’e steedhâlders in gastmiel, 4 en dêrnei, nei’t hy harren de rykdom fan syn keningshearlikheid en de kostbere pracht fan syn majesteit hûnderttachtich dagen lang sjen litten hie, 5 doe’t dy feestdagen foarby wienen, sette de kening in miel foar alle folk dat yn ’e stêd wenne, fan ’e foarnaamste ôf oan de minste ta, in feest dat sân dagen duorre, yn ’e foartún fan it keninklike paleis. 6 Dat wie opsierd mei linnense en katoenen gerdinen, mei linnense en readpoarperen stringen fêstset oan ’e gouden en sulveren blokken fan moarmeren en stiennen pylders. Gouden en sulveren rêstbanken stienen op in flier fan smaragd, parlemoerstien en moarmer, de matrassen wienen trochskinend, mei bûnte blommen fersierd, mei roazen yn ’t rûnom. 7 Der wienen gouden en sulveren bekers yn in hâlder fan karbonkelstien fan tritichtûzen talinten en der wie eale wyn út ’e keninklike kelders yn oerfloed, sa’t de kening dy sels drinkt. 8 En it drinken barde net neffens in foarskreaune regel. Want sa woe de kening it hawwe en hy hie oarder jûn oan alle haden fan syn paleis om it himsels en de oare minsken nei ’t sin te meitsjen.
9 Keninginne Wasty hie de froulju ek in gastmiel set yn it keninklike paleis dêr’t kening Ahasfearos wie. 10 De sânde deis, doe’t de kening in fleurich sin hie fan ’e wyn, hiet er Mehûman, Bizzeta, Charbona, Bigta, Abagta, Setar en Karkas, de sân hovelingen dy’t kening Ahasfearos persoanlik betsjinje moasten, 11 om de keninginne foar de kening te bringen yn keninginnepronk en mei de keninklike kroan op, om de foarsten en folken sjen te litten hoe kreas se wie, want se hie in moai foarkommen. 12 Keninginne Wasty lykwols wegere om mei de hovelingen te kommen. Doe waard de kening poer en syn grime lôge yn him op. 13 En hy sei tsjin syn freonen: Sa en sa hat Wasty sprutsen. Sprek dêr no in rjochtlik oardiel oer út. 14 By him kamen Karsena, Tarsis en Marsena, de foarsten fan Perzië en Medië dy’t tichte by de kening stienen en nei de kening de measte macht hienen. 15 En dy dienen útspraak, wat der neffens rjocht barre moast mei keninginne Wasty, no’t se net dien hie neffens it befel fan kening Ahasfearos, dat de hovelingen har oerbrocht hienen. 16 Doe spriek Memûkan tsjin de kening en de foarsten: Keninginne Wasty hat it net allinne raar lizze litten foar de kening oer, mar ek foar alle foarsten en bestjoerders fan ’e kening 17 – want hy hie harren de wurden fan ’e keninginne oerbrocht, dat se him tsjinsprutsen hie. 18 Lykas hja de kening tsjinsprutsen hat, sa sille hjoed noch de oare foarstinnen fan de hearskers fan Perzië en Medië, dy’t hearre wat de keninginne sein hat, it weagje om har manlju krektlyksa te misledigjen. 19 As it de kening goed taliket, moat der in keninklike oarder fan him útgean, dy’t ynskreaun wurde moat yn ’e wetten fan Perzen en Meden en dy’t dus net wer ynlutsen wurde kin, dat Wasty net wer foar kening Ahasfearos komme mei. En har steat fan keninginne moat de kening jaan oan in oarenien, dy’t better is as hja. 20 As dizze oarder fan ’e kening, as er dy útgean lit, bekend wurdt yn syn hiele keninkryk, dan sille alle froulju, fan ’e earmste ôf oan ’e rykste ta, har manlju yn eare hâlde. 21 Dy foarslach stie de kening en de foarsten wol oan en hy die sa’t Memûkan sein hie. 22 Hy stjoerde brieven troch it hiele keninkryk, oan elke provinsje yn eigen taal, dat der ûntsach yn ’e húshâldingen wêze soe.