Fierdere striid fan Nikánor en Judas
1Nikánor kaam te witten, dat Judas en syn mannen de kant fan Samaria út wienen, en hy naam it beslút om harren op ’e rêstdei oan te fallen. Dat wie it feilichst. 2De Joaden yn syn leger, dy’t twongen wienen om mei te gean, seinen: Bring harren dochs net sa wreed en barbaarsk om hals, haw earbied foar de hillige dei, dy’t de Alsjende sa’n apart plak jûn hat. 3Mar de trochtrape dogeneat frege oft der in Hear yn de himel wie, dy’t foarskreaun hie sabbat te hâlden. 4Doe’t se seinen: Ja, de libbene Hear yn de himel is sels de Machtige dy’t it gebod jûn hat om de sânde dei yn eare te hâlden, 5doe antwurde Nikánor: En ik bin de machtige hjir op ierde en ik jou befel om de wapens op te nimmen en te dwaan, wat de kening wol. It slagge him lykwols net syn gemien plan te folbringen.
6Yn syn blastige grutskens sette er it krop sa heech, dat er doe al it beslút naam om in machtich oerwinningsteken te setten mei wat er op Judas en syn mannen bút meitsje soe. 7De Makkabeeër bleau lykwols fol fertrouwen. Hy hie de fêste hope dat hy help krije soe fan de Hear. 8Hy rôp syn mannen ta, dat se net bang wêze moasten foar de oanfal fan ’e heidens. As se tochten oan ’e help dy’t se earder fan de himel krige hienen, mochten se dochs ferwachtsje, dat de Almachtige harren ek dizze kear de oerwinning jaan soe. 9Hy spriek harren moed yn troch de wet en de profeten oan te heljen en har yn ’t sin te bringen, wat foar slaggen se al net levere hienen. 10Sa fjurre er harren oan en wiisde tagelyk nochris op ’e ûnbetrouberens en it eedbrekken fan ’e heidens. 11Sa wapene er elk fan harren, net sasear mei de feilige útrissing fan skyld en lâns as wol mei de moed dy’t treflike wurden jouwe. Tige gelokkich makke er harren allegearre ek troch in dream te fertellen, dêr’t men wol op oan koe. 12Dit wie it, wat er sjoen hie: Oníos, de eardere hegepryster, in man sûnder wryt of slyt, beskieden yn ’e omgong, evenredich yn syn dwaan en litten en dy’t goed syn wurd dwaan koe, in man dy’t him fan jongs ôf útlein hie op alles wat deugdsumens eigen is, dy Oníos hied er mei de hannen foarút bidden sjoen foar de hiele Joadske mienskip. 13Fierder wie der noch in man ferskynd mei griis hier dêr’t in bûtengewoane glâns oer lei. It skittere om him hinne, wûnderlike moai. 14Oníos hie sein: Dit is de freon fan ús lânslju, ien dy’t faak bidt foar it folk en de hillige stêd: Jeremia, Gods profeet. 15Jeremia hie doe syn rjochterhân útstutsen en Judas in gouden swurd jûn mei de wurden: 16Nim dit hillige swurd – God jout it dy – en ferslach dêr de fijannen mei.
17Oantrune troch de treflike wurden fan Judas, dy’t ta moedige dieden oansetten en jongfeintsjes mannekrêft joegen, namen se it beslút om net langer yn it fersterke kamp te bliuwen, mar manmoedich yn ’e oanfal te gean en de fijân sa fûl oan te pakken, dat it pleit besljochte waard: de stêd, de godstsjinst en de timpel wienen ommers yn gefaar. 18De noed dy’t se hienen foar frou, bern, bruorren, susters en famylje woech sa swier net as dy foar de timpel. De soarch dêroer kaam earst en wûn it fan al it oare.
19De minsken dy’t yn ’e stêd achterbleaun wienen, sieten net minder yn ûnrêst; fol spanning fregen se har ôf, hoe’t de fjildtocht ôfrinne soe. 20Alleman wachte op ’e einstriid, dy’t mei gauwens komme soe. De fijannen hienen har al byinoar opsteld, har leger stie yn slachoarder, op wichtige punten wienen oaljefanten set, de ruters stienen sydlings.
21Doe’t de Makkabeeër al dy macht seach, it ferskaat fan wapens en de woeste krêft fan ’e oaljefanten, stiek er de hannen nei de himel út en rôp de Hear oan, dy’t wûnders docht. Hy wist dat de oerwinning net oan de wapens is, mar dat de Hear dy jout oan wa’t dy nei syn oardiel wurdich is. 22Sa wie syn gebed: ‘Hear, Jo hawwe jo ingel stjoerd yn de tiid fan kening Hizkia fan Judéa; troch him binne hast 185.000 man út it legerkamp fan Sanherib omkommen, 23Hear fan ’e himel, stjoer no wer in goede ingel foar ús út om skrik en beving om him hinne te struien. 24Lit de goddeleazen dy’t de striid opnimme tsjin jo hillich folk, troch jo machtige earm delslein wurde.’ 25Nikánor en syn mannen kamen oansetten mei trompetten en oerwinningslieten. 26Doe’t Judas en syn mannen de striid yngongen, rôpen se God oan en bidden se. 27En wylst se mei de hannen fochten en mei it hert ta de Hear bidden, fersloegen se net minder as 35.000 man; Gods help treaste har tige oan.
28Doe’t de striid ôfrûn wie en se tige bliid ôfsette koenen, seagen se Nikánor yn syn folle wapenris tsjin ’e grûn lizzen. 29It wie in lûd jûchhei trochinoar en se prizen yn har memmetaal de Almachtige. 30En Judas, dy’t altiten mei hert en siel foar syn lânslju opkommen wie, de man waans leafde foar syn folk noch like fûl wie as yn syn jonge jierren, Judas joech befel Nikánor de holle ôf te snijen en syn earm oan ’t skouder ta en dy nei Jeruzalem te bringen.
31Doe’t er dêr sels oankaam, rôp er it folk byinoar en sei, dat de prysters foar it brânofferalter stean gean moasten. De besetting fan ’e Sitadel liet er der ek by komme. 32Doe liet er de holle sjen fan Nikánor, dy smoarge dogeneat, en ek de earm dy’t de godslasterer brutaalwei útstutsen hie nei de timpel fan de Almachtige. 33Hy snie de goddeleaze de tonge út en sei, dat er dy yn stikjes oan ’e fûgels jaan woe. De holle en de earm, de ynstruminten fan syn dwaasheid, liet er foar de timpel ophingje. 34Doe songen se mei-inoar de lof fan de Hear, dy’t sa machtich tuskenbeiden kommen wie. Har wurden klonken oan de himel ta: Heech te priizjen is Hy dy’t syn wente ûnbesmet bewarre hat. 35Doe hong er de holle fan Nikánor oan de hege muorre fan ’e Sitadel, goed te sjen foar elkenien as dúdlik bewiis fan ’e help dy’t de Hear brocht hie.
36Ienriedich waard besletten, dat dizze dei noait ûngemurken foarby gean mocht, mar dat dy altiten fierd wurde moast de deis foar it Mordekaifeest, de trettjinde fan ’e tolfte moanne, dy’t yn it Syrysk Adar hjit. 37Dat wie dan de ein fan Nikánor syn skiednis. Sûnt dy tiid is de stêd yn ’e macht fan de Hebreeërs bleaun. Hjir meitsje ik dan ek in ein oan myn ferhaal.
38As it goed skreaun is en as it knap yninoar sit, dan bin ik ta myn doel kommen. As it net folle om ’e hakken hat en mar matichjes is, dan haw ik der net mear fan meitsje kinnen. 39Kleare wyn is gjin drinken en klearebare wetter likemin, mar trochinoar mongen smeitsje se tige; sa makket in kreas yninoar set ferhaal it lêzen ta in geniet. Lit dat it lêste wurd wêze.