Gean mar gewoan oan it wurk
1Stjoer dyn brea it wetter mar op,
want nei ferskate dagen fynst it wol wer.
2Ferdiel dyn besit yn sân, acht parten,
want do witst net, wat ûnheil oer de ierde komme kin.
3As de wolken fol reinwetter sitte,
jitte se dat op it lân út
en as in beam nei noard of nei súd falt,
op it plak dêr’t er falt, bliuwt er lizzen.
4Wa’t al mar om ’e wyn tinkt,
komt noait oan siedzjen ta
en wa’t al mar nei de wolken sjocht,
komt noait oan sichtsjen ta.
5Likemin asto witst hoe’t der libbensgeast komt
yn it biente yn ’e memmeskurte fan in frou dy’t swier is,
likemin witsto hoe’t God te wurk giet by alles dat Er makket.
6Siedzje dyn sied mar yn ’e moarntiid
en gun dyn hân gjin rêst oant de jûntiid,
want do witst net oft it iene wurk slagget of it oare,
of dat beide likegoed útfalle.
7Swiet is it ljocht en in wille foar de eagen is it
om de sinne te sjen.
8As in minske dus gâns jierren libbet,
lit him dan altyd bliid mei it libben wêze,
mar lit him ek tinke oan ’e tsjustere tiid, dy’t lang duorje sil:
Al wat dan komt is neatichheid.
Tink oan ’e Skepper yn ’e jonge jierren
9Haw wille, jongfeint, yn ’e jonge jierren,
lit dyn hert yn ’e feintetiid fleurich wêze,
gean de wei dy’t dyn hert begeart
en dêr’t dyn eagen nei sjogge,
mar wit dat God fan al dy dingen dy rekkenskip freegje sil.
10Kear dus it fertriet bûten dyn hert
en hâld de kwalen bûten dyn lichem,
want de jonkheid en de libbensmoarn
binne neatichheid.