1Deade miggen bedjerre de salve fan in salveminger,
sa hat in bytsje dwaasheid faak mear ynfloed
as wysheid en oansjen.
2De wize hat it hert oan ’e goede kant
en de dwaas hat it oan ’e ferkearde kant.
3Hokfoar wei de dwaas ek op giet,
hy hat nearne ferstân fan
en by alles seit elk, dat er in dwaas is.
Wysheid hat altyd alles foar
4As in hearsker tsjin dy útfalt,
rin dan net fan dyn post,
want troch kalmte bekomt de oerstjoerens.
5Ik haw in min ding sjoen ûnder de sinne,
it kaam troch in misset fan in hearsker:
6In dwaas waard op ’e heechste posten set
en lju fan oansjen waarden fernedere.
7Ik haw slaven op it hynder riden sjoen
en foarsten rûnen as slaven op ’e grûn.
8Dy’t in kûle dolt, kin der sels yn falle
en dy’t in muorre ôfbrekt, kin troch in slange biten wurde.
9Wa’t stien brekt, kin him derby beseare
en wa’t hout kappet, rint gefaar.
10As it izer stomp is en de sneed wurdt net slipe,
dan moat men folle mear krêft sette.
Dêrom hat it alles foar, de wysheid goed te brûken.
11As de slange foar de beswarring al biten hat,
hat de beswarder gjin foardiel fan syn keunst.
12De wurden út ’e mûle fan in wize bringe geunst,
mar de lippen fan in dwaas dogge himsels de dea.
13De earste wurden út syn mûle binne ûnferstân
en de lêste binne bare ûnsin.
14De dwaas brûkt in bulte wurden,
mar gjinien wit wêr’t it om te rêden is,
en wa sil him fertelle, wat der noch mear komt?
15It bodzjen makket in dwaas allinnich mar wurch,
hy kin it paad nei de stêd net iens fine.
16Wee dij, lân, as in bern kening oer dy is
en as dyn hearskers moarnsier al feesthâlde;
17heil dij, lân, as in ealman kening oer dy is
en as dyn hearskers op syn pas feesthâlde,
goed by de tiid en net dronken.
18Troch luie hannen fersakje de bynten
en troch sloppe hannen lekt it hûs.
19In miel wurdt set om de wille
en wyn makket it libben fleurich,
mar jild moat alles mooglik meitsje.
20Ferwinskje de kening net iens yn gedachten
en ferwinskje de rike net yn dyn sliepkeamer;
want de fûgels yn ’e loft mochten it ris oerbringe
en de wjukte boaden it fierder fertelle.