De wizen begripe Nebûkadnessar syn dream net
1It twadde jiers, dat er kening wie, krige Nebûkadnessar sa’n dream, dat er der oerstjoer fan rekke en dat der him gjin wink mear yn ’e eagen kaam. 2Doe hiet de kening, se soenen de útlizzers, de beswarders, de gûchelders, de Chaldeeske wizen roppe om oan ’e kening syn swiere dream út te lizzen. No, dêr kamen se en stelden har yn postuer foar de kening. 3En de kening sei tsjin har: Dêr hie ik in dream, ik rekke der oerstjoer fan, dat ik moat dy dream witte! 4Doe joegen de Chaldeeërs de kening te hâlden – wat no folget is yn it Arameesk –: O kening, libje foar altiten! Sis jo tsjinstfeinten de dream en wy sille útlis dwaan. 5De kening antwurde de Chaldeeske wizen: Jimme moatte goed witte: as jimme my net de dream mei de útlis derby foar wier te witten dogge, dan sil jim de lea brutsen wurde en jimme huzen wurdt in rûchskerne fan makke! 6As jimme lykwols de dream mei de útlis nei foaren bringe kinne, dan sille jimme geskinken, sier en in soad eare fan myn kant krije, dat fertel my de dream en de útlis. 7Har antwurd wie wer: Lit de kening syn tsjinstfeinten dochs de dream sizze, dat wy de útlis jouwe. 8Mar de kening spriek op: Ik wit it wol foargoed, jimme wolle tiid útwinne, mei’t jim sjogge dat der by my gjin mis op is: 9as jimme my de dream net fertelle dan is der mar ien fonnis oer jimme. Mar jimme hawwe mei-inoar ôfpraat om my wat foar te ligen – in skandestik – op hope fan in oare tiid. Dêrom earst de dream, dan wit ik dat jimme my wier de útlis ek wol jaan kinne. 10De Chaldeeërs antwurden de kening: Gjin minske op ’e ierdboaiem kin klearrichheid jaan yn dizze kwestje fan ’e kening. Likemin hat in kening, hoe grut en machtich ek, sokssawat oait ferge fan wat útlizzer, beswarder of Chaldeeër ek. 11Ommers, it stik dat de kening ferget, is sa slim, dat der gjin oaren ien bestiet, dy’t de kening fertelle kin, útsein goaden en dy hawwe har tahâld net by wa’t fan fleis en bloed binne. 12Dêr makke de kening him poerlilk om. Hy wie wol sa op ien ein, dat hy hiet alle wizen fan Babel om te bringen. 13It beslút waard oeral bekend makke en it stie derta, dat de wizen deade wurden soenen. Ek Daniël en syn maten wienen faai om deamakke te wurden.
Daniël freget en komt de dream te witten
14Op dat stuit sette Daniël mei rie en beskie nei Arioch, de kommandant fan ’e keninklike liifwacht, dy’t derop útgien wie om de wizen fan Babel te deadzjen. 15Hy sette út ein en sei tsjin Arioch, de machthawwer fan ’e kening: Wêrom dit strange beslút fan ’e kening? Doe ferdútste Arioch Daniël de saak.
16Daniël gong yn it paleis en frege oan ’e kening dat er him in termyn stelde. Dan woe er him de útlis bekend meitsje. 17Dêrnei joech Daniël him ôf nei hûs ta om Chananja, Misjael en Azarja oan ’e weet te bringen wat er by de ein hie. 18Syn doel wie, se soenen fan ’e God fan ’e himel begrutsjen ôfsmeke oangeande dit riedsel, dat Daniël en syn maten net mei de oare wizen fan Babel ferdylge waarden.
19Doe waard Daniël yn in nachtlik fizioen it riedsel iepenbier makke. Dêrop prize Daniël de God fan ’e himel. 20Daniël sette út ein en sei:
Heech te priizjen is de namme fan God foar ivich,
want de wysheid en de krêft binne fan Him.
21Hy is it ommers, dy’t tiid en tastân feroaret,
dy’t keningen ôfset en keningen oanstelt.
Hy jout de wysheid oan wizen en oan skranderen it ferstân.
22Hy iepenbieret de djippe en ferhoalene dingen,
Hy wit wat yn it tsjuster leit,
it ljocht hat ommers frij bod by Him!
23Jo, God fan myn foarfaars, loovje en priizje ik,
want dy wysheid en dy krêft, Jo hawwe se my jûn.
En no, no hawwe Jo my trochdien wat wy Jo ôfsmeekten.
Ja, de saak fan ’e kening hawwe Jo ús te witten dien.
Daniël fernijt de kening de dream
24Fangefolgen gong Daniël nei Arioch ta, oan wa’t de kening besteld hie om de wizen fan Babel te ferdylgjen. Hy gong hinne en spriek him sa oan: Ferdylgje de wizen fan Babel dochs net, bring my yn it paleis foar de kening, dan sil ik him tekst en útlis dwaan. 25Yn tûzen hasten brocht Arioch doe Daniël foar de kening en sa spriek er him oan: Ik haw in man fûn, dy’t by de ballingen fan Juda heart, hy kin de útlis oan ’e kening bekend meitsje! 26De kening naam it wurd en sei tsjin Daniël, dy’t no Beltesjassar neamd waard: Binne jo de man dy’t by steat is om my de dream dy’t ik sjoen haw, mei de útlis, oan ’e weet te bringen? 27Doe joech Daniël de kening dit antwurd: It riedsel dêr’t de kening oer befrege, koenen de wizen, de beswarders, de útlizzers en de stjerrekundigen net oan ’e kening bekend meitsje. 28Der is lykwols in God yn ’e himel, dy’t riedsels iepenbier makket, en Hy bringt kening Nebûkadnessar oan ’e weet, wat der yn it lêstoan fan ’e dagen foarfalle sil. Jo dream en de fizioenen dy’t jo op jo bêd foar jo krigen, wienen sa: 29Jo, o kening, krigen op bêd prakkesaasjes oer wat der neityd wêze soe; doe brocht Hy dy’t riedsels iepenbier makket, jo oan ’e weet wat der barre sil. 30En dit riedsel is my net klear wurden, om’t ik safolle mear wysheid yn my haw as elk oar libben minske. It is der mar om te rêden, dat men it oan ’e kening útlizze sil en dat jo út ’e prakkesaasjes dy’t yn jo omgongen, wiiswurde kinne.
31Jo, o kening, seagen wat foar jo. Sjedêr, in ûnbidich byld! Dat byld wie heech en hie in bûtenwenstige glâns. It stie foar jo oer, in heislik gesicht wie it! 32Dat byld dan: it hie in holle fan klearebare goud, in boarst en earms fan sulver, it liif en de siden fan koper, 33de skonken fan izer, de fuotten foar in part fan izer en foar in part fan tichelklaai. 34Jo seagen der hieltyd mar nei, oant der him in stien losskuorde, sûnder dat der in hân oan te pas kaam. Dy batste it byld sa op syn fuotten fan izer en tichelklaai, dat er se yn diggels sloech. 35Op dat stuit waarden tagelyk it izer, de tichelklaai, it koper, it sulver en it goud fermoarzele, net liker as by ’t simmer tsjêf op ’e terskflier. En de wyn liet it opstowe, dat elk spoar útwiske rekke. Mar de stien dy’t it byld sa tramtearre, waard in grutte berch, dy’t de hiele ierde besloech.
De betsjutting fan it byld mei de gouden holle
36Dat wie de dream en no sille wy foar de kening de útlis sizze. 37Jo, o kening, binne in kening boppe alle keningen, want de God fan ’e himel hat jo it keningskip, it fermogen, de krêft en de gloarje taskikt. 38En de minskebern, oeral dêr’t se mar wenje, it bisteguod fan ’e ierde mei it fûgelguod yn ’e loft hat Hy jo yn hannen jûn. Hy hat jo skepper en skriuwer makke oer alles yn syn hiele hear en fear. Jo binne dy holle fan goud! 39Mar nei jo sil der in oar keninkryk opkomme, minder heech as jowes en in tredde keninkryk dêrnei fan koper, dat baas is oer de hiele ierde. 40In fjirde keninkryk sil hurd wêze as izer, om’t izer alles fynstampt en fermeallet. No dan, lykas izer dat oan splinters slacht, sa sil it dat allegearre fynstampe en oan grom slaan. 41En dat jo seagen de fuotten en de teannen foar in part út pottebakkersklaai en foar in part út izer – dat sil in ferdield keninkryk wêze: hurdens fan izer sil deryn wêze. Jo hawwe ommers sjoen, hoe’t it izer mongen wie mei in ierden besleek fan liem. 42Dat de teannen fan ’e fuotten foar in part fan izer en foar in part fan bewurke klaai wienen, dat wiist oan, hoe’t in beheind diel fan dat keninkryk hurd wêze sil en in oar part broazelich. 43Dat jo it izer mongen seagen mei in ierden besleek fan liem, hat yn: se sille troch ûnder inoar te trouwen besykje har mei-inoar te fermingen. Mar it sil har net slagje oaninoar fêst te klibjen, likemin as izer him fermingt mei ierdewurk.
44Yn ’e dagen fan dy keningen lykwols sil de God fan de himel in keninkryk opkomme litte, dat foar ivich net te neate makke wurdt, likemin wurdt dit keninkryk oan in oar oerlitten. Dat keninkryk sil al dy keninkriken fynstampe en oan har ein helpe, mar sels sil it foar ivich bestean. 45Jo seagen, no? hoe’t der út in berch him in stien losskuorde sûnder dat der in hân útstutsen waard, dy’t it izer, it koper, de tichelklaai, it sulver en it goud oan grús sloech: de grutte God hat oan ’e kening trochdien wat der nei dizze tiid wêze sil. De dream is wis en de útlis kinne jo op oan.
46Op dat stuit foel kening Nebûkadnessar foaroer mei it gesicht op ’e grûn en brocht er Daniël hulde: moal- en wijreekoffers hiet er oan him te offerjen. 47En hy joech Daniël as andert: Wier-wier is jimme God de heechste God, dy’t it oer keningen te sizzen hat en ferburgene dingen útbringt, want do koest dit riedsel oan it ljocht bringe. 48Doe makke de kening Daniël grut: hy joech him gâns grutte geskinken en makke him bestjoerder fan alle omkriten fan Babel mei alle sizzenskip oer alle wizen fan Babel. 49Doe frege Daniël de kening, hy soe it útfierend bewâld fan ’e provinsje Babel taparte oan Sadrak, Mesjak en Abednego; Daniëls sels soe dan oan it hof fan ’e kening wêze.