Daniël-en-dy oan it Babelske hof
1It tredde jiers, dat Jojakim kening fan Juda wie, kaam Nebûkadnessar, kening fan Babel, op Jeruzalem ta en sleat it yn. 2Doe joech de Hear him kening Jojakim fan Juda yn hannen, mei in part fan it ark út it hûs fan God derby en hy brocht se nei it lân Sjineär ta, yn it hûs fan syn god. Jawis, it ark tôge er yn it skathûs fan syn god.
3Dêrop hiet de kening Asjpenaz, de hofmaster, hy soe út Israel komme litte guon fan keninklik komôf, lju fan kwizekwânsje, 4út ’e jongerein, mei net it minste skeel, kreas fan oansjen, tûk yn alle wysheid, beleard yn wittenskip en skerp fan ynsjoch. Se moasten har ek goed witte te hâlden en te dragen yn it paleis fan ’e kening en de fermogens hawwe foar it ûnderrjocht yn ’e Chaldeeske skriften en taal. 5En de kening parte har it iten ta, elke dei op ’e nij, fan it gastmiel fan ’e kening, en fan ’e wyn dy’t hy dronk, dat se mar dije soenen. Dat moast sa trije jier oanien, en oan ’e ein dêrfan moasten se foar de kening ferskine.
6No besloech it sa, dat der ûnder dy fan Juda wienen Daniël, Chananja, Misjael en Azarja. 7Mar de hofmaster joech har oare nammen: hy sette foar Daniël Beltesjassar, foar Chananja Sadrak, foar Misjael Mesjak en foar Azarja Abednego. 8Doe naam Daniël him mei ynmoed foar, hy woe him net ûnrein meitsje mei it gastmiel fan ’e kening en mei de wyn dy’t er dronk. Dat sadwaande frege er fan ’e hofmaster dat er him dochs net ûnrein hoegde te meitsjen. 9En God makke it sa foar Daniël, dat de hofmaster mei him ophie en him tagedien wie. 10Lykwols, de hofmaster sei tsjin Daniël: Ik bin bang foar myn hear de kening. Hy hat it iten en drinken jim taparte en as jimme der no sútriger út komme te sjen as de feinten dy’t jimme kornuten binne, soe dat op myn earme holle delkomme. 11Doe sei Daniël tsjin de tsjinner dy’t foar it iten rette en troch de hofmaster oan Daniël, Chananja, Misjael en Azarja taskikt wie: 12Prebearje it dochs ris tsien dagen mei jo tsjinstfeinten. Jou ús dan grienten as iten en gewoan wetter as drinken. 13Sjoch dan sels wa’t der better útsjogge: wy of dy feinten dy’t fan it gastmiel fan ’e kening ite. Doch dan mei jo tsjinstfeinten neffens wat jo sjogge. 14Wel, hy harke nei har fan datoangeande en prebearre it tsien dagen mei har. 15No, doe’t de tsien dagen om wienen, seach men dat se in sûner skouwing hienen en foller yn it fleis sieten as alle feinten dy’t fan it gastmiel fan ’e kening ieten. 16Dat tenei liet de tsjinner dy’t foar it iten rette, har gastmiel en de wyn dy’t se drinke moasten, wei en joech har grienten. 17En dy feinten, fjouweresom – de iennichste God joech harren kundigens en skerpens yn allerhanne geskriften en wysheid, mar Daniël joech er bûtendat ynsjoch yn alle gesichten en dreamen.
18Doe’t de tiid om wie, dy’t de kening steld hie, en se foar him ferskine moasten, brocht de hofmaster har yn it paleis foar Nebûkadnessar. 19De kening hâlde in petear mei har: doe koe ûnder har allegearre gjinien Daniël, Chananja, Misjael en Azarja belykje, dat hja moasten har foar de kening opstelle. 20Yn elk stik dêr’t it op wiis begryp oankaam en dêr’t de kening har oer ûnderstie, die it him bliken, dat se al dy útlizzers, dy beswarders yn syn hiele keninkryk wol tsien kear oer koenen. 21Daniël bleau der sels oant it earste jier fan kening Koaresj.