It byld dêr’t eare oan tabrocht wurde moast
1Kening Nebûkadnessar liet in byld fan goud meitsje, tweintich jellen heech en seis breed. Hy sette it op yn ’e delling fan Dûra, yn ’e gerjochtichheid fan Babel. 2Doe liet kening Nebûkadnessar allegearre byinoar komme: de lânfâden, de steedhâlders, de militaire machthawwers, de riedjouwers, de skathâlders, de rjochtskundigen, de stedsmajoars en alle hege amtners út elke provinsje. Se moasten by de ynwijing fan it byld komme, dat kening Nebûkadnessar opset hie. 3Doe waarden de lânfâden, de steedhâlders, de militaire machthawwers, de riedjouwers, de skathâlders, de rjochtskundigen, de stedsmajoars en alle hege amtners út elke provinsje byinoar brocht om it byld dat kening Nebûkadnessar opset hie yn te wijen. Dêr stienen se dan foar it byld dat Nebûkadnessar opset hie. 4Doe rôp in omropper út alle macht: Jimme wurdt oansein, folken en naasjes fan hokker tongslach ek: 5Op it stuit, dat jimme it lûd hearre fan ’e hoarn, skalmei, liere, lute, harpe, doedelsek en hokfoar spylark ek, sille jimme oer de grûn delfalle om it gouden byld hulde te bringen, dat kening Nebûkadnessar opsette litten hat. 6En wa’t net oer de grûn delfalt om hulde te bringen, sil fuortendaliks midden yn in oven mei fûlbaarnend fjoer wijd wurde. 7Dat sadwaande foelen op dy tiid, dat alle folken it lûd fan ’e hoarn, skalmei, liere, lute, harpe, doedelsek en oar spylark hearden, alle folken en naasjes fan hokker tongslach ek oer de grûn om hulde te bringen oan it byld fan goud, dat kening Nebûkadnessar opsette litten hie.
Trije man wegerje
8Omreden hjirfan kamen yn dyselde snuorje Chaldeeske lju oansetten om de Judeeërs oan te kleien. 9Se namen it wurd en seinen tsjin kening Nebûkadnessar: O kening, libje foar altiten! 10Josels, o kening, hawwe oarder jûn, dat elk minske dy’t it lûd heart fan ’e hoarn, skalmei, liere, lute, harpe, doedelsek en oar spylark, oer de grûn falle sil om hulde te dwaan oan it gouden byld; 11en dat wa’t net oer de grûn falt om hulde te bringen, midden yn ’e oven fan fûlbaarnend fjoer wijd wurde sil. 12No binne der lju, Judeeërs, dy’t jo it útfierend bewâld oer de provinsje Babel jûn hawwe, Sadrak, Mesjak en Abednego, dy lju hawwe har oan jo, o kening, net steurd. Jo goaden ferearje se net, it gouden byld dat jo opsette litten ha, bringe se gjin hulde.
13Op itselde stuit hiet Nebûkadnessar, opsternaat en gleon fan lilkens, om Sadrak, Mesjak en Abednego te heljen. Op slach brochten se dy manlju foar de kening. 14Nebûkadnessar sette út ein en sei tsjin har: Is it wier, Sadrak, Mesjak en Abednego, dat jimme myn goaden gjin eare jouwe en it byld fan goud dat ik opset ha, gjin hulde bringe? 15As jimme no reewillich binne om staf en af as jimme it lûd hearre fan ’e hoarn, skalmei, lier, lute, harpe, doedelsek en oar spylark, del te fallen en hulde te bringen oan it byld dat ik makke haw ... mar as jimme nèt hulde dogge, op datselde stuit sille jimme wijd wurde yn ’e oven fan fûlbaarnend fjoer en wat god is der dan, dy’t jimme út myn hannen rêdt? 16Sadrak, Mesjak en Abednego joegen kening Nebûkadnessar dit as antwurd: Wy hoege jo dêr gjin inkeld wurd op werom te jaan. 17It mei wêze dat ús God, dy’t wy ferearje, ús rêde kin út ’e oven mei fûlbaarnend fjoer, en út jo hannen, o kening, rêde wol. 18Mar mocht it net sa wêze, – jo moatte goed foar it ferstân hawwe, o kening, dat wy jo goaden net earje en it gouden byld, dat jo opset hawwe, gjin hulde dwaan sille.
19Dêrop waard Nebûkadnessar siedende lilk en it gesicht ferluts alhiel foar Sadrak, Mesjak en Abednego oer, hy joech dalje en hiet de oven sânris sa gleon te stoken as gewoanwei. 20En oan in ploechje gewante keardels út syn leger hiet er, Sadrak, Mesjak en Abednego te binen en har del te soalen yn ’e oven mei fûlbaarnend fjoer. 21Fuortynienen waarden dy manlju bebûn yn har mantels, broeken, wollekapen en oare útris en delsoald yn ’e oven mei fûlbaarnend fjoer. 22En mei’t de kening syn wurd wrede wet wie en de oven sa bot opstookt waard, sloech de lôge fan it fjoer de mannen, dy’t Sadrak, Mesjak en Abednego nei boppen brochten, al dea. 23Underwilens foelen dy trije lju, Sadrak, Mesjak en Abednego midden yn ’e oven fan fûlbaarnend fjoer, bebûn en wol.
Rêden út it fjoer
24In toarn letter waard kening Nebûkadnessar ysbaarlike kjel en gong halje-trawalje oerein, hy socht om wurden en sei tsjin syn steatsrieden: Hawwe wy net trije man midden yn ’e oven wijd, bebûn en wol? Hja antwurden de kening: Grif, o kening! 25Hy gong fierder en sei: Sjoch, ik nim fjouwer manlju waar! Se panderje dêr frij om yn it fjoer en der mankearret har neat! En de fjirde, dat liket wol in goadesoan! 26Fuortendaliks kaam Nebûkadnessar tichter by de iepening fan ’e oven mei fûlbaarnend fjoer; hy die de mûle iepen en hiet: Sadrak, Mesjak en Abednego, jimme, tsjinners fan ’e heechste God, kom derút, kom hjirhinne! Daliks kamen Sadrak, Mesjak en Abednego midden út it fjoer wei. 27Doe troppen de lânfâden, de steedhâlders, de militaire machthawwers en de riedjouwers fan ’e kening gear. Se murken dat it fjoer gjin macht oer dy mannen har lea krige hie, sels it hier op ’e holle wie har net skroeid en oan har mantels wie neat feroare. Der wie sels gjin branlucht oan har kommen.
28Nebûkadnessar naam it wurd en sei: Heech te priizjen is har God, dat is te sizzen dy fan Sadrak, Mesjak en Abednego, dy’t syn ingel stjoerd hat en syn tsjinners útrêden! Se tidigen op Him en gongen tsjin it sizzen fan ’e kening yn. Se joegen har lichem oer, om’t hja gjin oare goaden earje woenen en hulde dwaan as har eigen God. 29Dat no jou ik in oarder: elk folk en elke naasje fan wat foar tongslach ek, dy’t de God fan Sadrak, Mesjak en Abednego leechleit, sil de lea brutsen wurde en har huzen wurdt in rûchskerne fan makke, om’t der gjin oare God is, dy’t sa ferlosse kin. 30Op slach brocht de kening Sadrak, Mesjak en Abednego ta heger steat yn ’e provinsje Babel.
In neare dream
31Kening Nebûkadnessar oan alle folken en naasjes fan hokker tongslach ek: mei it jimme hieltyd better gean! 32Ik soe graach kundskip jaan fan ’e tekens en wûnders dy’t de allerheechste God by my dien hat.
33Syn tekens – wat binne se aldertigenst!
Syn wûnders – wat binne se geweldich!
Syn keningskip is in keningskip foar ivich;
Syn bewâld is fan âlder op âlder!