Ynlieding
1Dit stiet yn it boek dat Barûch, soan fan Nearia, soan fan Maäseja, soan fan Sedekía, soan fan Chasadja, soan fan Chilkía, yn Babel skreaun hat, 2it fiifde jiers, op ’e sânde fan ’e moanne, op ’e selde tiid dat de Chaldeeërs Jeruzalem ynnommen en yn ’e jiske lein hienen. 3Barûch lies dit boek foar oan Jekonja, soan fan kening Jojakim fan Juda, en oan al it folk dat kommen wie om te harkjen: 4De eallju, de prinsen, de âldsten, ja oan allegearre, lyts en grut dy’t yn Babel wennen by de rivier de Sûd.
5Doe weeklagen en fêsten se en rôpen God oan yn it gebed. 6En se brochten jild byinoar, en in elk joech nei’t him barre mocht. 7Dat stjoerden se nei Jeruzalem ta, nei hegepryster Jojakim, soan fan Chilkía, soan fan Sjallûm, en nei de oare prysters, en nei allegearre dêr by him yn Jeruzalem.
8Dat wie yn ’e selde tiid as dat Barûch it reau naam, dat by it hûs fan de Hear hearde en dat út ’e timpel roofd wie, om it op ’e tsiende fan ’e moanne Siwan nei Judéa werom te bringen. It wienen de sulveren skalen en sa, dy’t kening Sedekía fan Juda, soan fan Josjía, meitsje litten hie, 9nei’t Nebûkadnessar, kening fan Babel, Jekonja, de foarsten, de faklju, de hegerein en it gewoane folk út Jeruzalem fuortband en nei Babel ta brocht hie.
10En sy skreauwen: Sjoch, it jild dat wy jim stjoere, dat is om dêr brânoffers en sûnde-offers en wijreek foar te keapjen, en om moaloffers klear te meitsjen en om dy te offerjen op it alter fan de Hear, ús God. 11Bid ek foar it wolwêzen fan Nebûkadnessar, kening fan Babel, en foar dat fan syn soan Belsjassar; dat harren libben op ierde duorje mei salang as de himel oer de ierde stiet. 12Dan sil de Hear ús ljocht en krêft jaan, dat wy ûnder de hoede fan Nebûkadnessar, kening fan Babel en ûnder dy fan syn soan Belsjassar libje meie. En dat wy harren tiden en tiden tsjinje meie en wakker by harren yn ’e geunst komme. 13Bid ek foar ús ta de Hear, ús God. Want wy hawwe tsjin Him sûndige. En oan hjoed-de-dei ta binne syn grime en syn grammoedigens noch noait fan ús ôfkeard.
14Lês dit boek foar. Want dêrom stjoere wy it jim ta, dat jimme op ’e feestdagen en op ’e oare dagen dy’t dêrfoar steane, yn it hûs fan de Hear it foarlêze soenen. 15En dat jimme sizze sille: De Hear ús God is ien en al gerjochtichheid. Mar wy, wy moatte ús skamje. Sa leit it der hjoed-de-dei hinne. Wy, de mannen fan Juda, de ynwenners fan Jeruzalem, 16ús keningen en ús foarsten, ús prysters en ús profeten en ús foarâlden, 17wy hawwe sûndige tsjin de Hear. 18Wy hawwe net om syn sizzen jûn en net harke nei wat de Hear ús God sei; en de foarskriften dy’t Hy ús oplei, ha wy ús net oan hâlden. 19Ja, fan de dei ôf, dat de Hear ús foarâlden út Egypte helle oan hjoed-de-dei ta, ha wy tsjin de Hear ús God dwers en ferkeard west en yn ús ûnferskilligens steurden wy ús net oan wat Hy sei.
20En sa hingje hjoed-de-dei de rampen ús oan. En de flok, dy’t de Hear troch syn tsjinstfeint Mozes ús foarâlden foarhâlden hat, deselde deis dat Hy se út Egypte helle om ús in lân te jaan dat oerrint fan molke en hunich. 21En wat de Hear ús God ús sei troch de profeten dy’t Er nei ús tastjoerde, dêr woenen wy likemin nei harkje. 22Wy gongen eigen wegen. In elk fan uzes die wat syn ûndogensk hert him ynjoech. Sa tsjinnen wy frjemde goaden en dienen wat de Hear ús God net hawwe woe.