Gods rjochtfeardich oardiel
1Dat sadwaande makke de Hear syn wurd wier dat er tsjin ús sein hie, en tsjin ús rjochters, dy’t Israel rjochte hawwe, ús keningen en ús foarsten en tsjin alleman fan Israel en Juda. 2Nearne ûnder de stjerren hawwe har sokke slimme dingen ôfspile as yn Jeruzalem, en sa is útkommen wat yn ’e wet fan Mozes al beskreaun stiet, 3te sizzen, dat wy it fleis fan ús eigen bern ite soenen, de iene dat fan syn bloedeigen soan, de oare dat fan syn bloedeigen dochter. 4Ja, de Hear joech ús folk yn ’e macht fan alle keninkriken om ús hinne, har lân waard in wyldernis en sy waarden in spotslach en in ôfgriis by al de folken om ús hinne, dêr’t Hy har oer fersille hie. 5Ynstee fan de earste te wurden rekken se yn it ûnleech, om’t wy sûndigen tsjin de Hear ús God mei’t wy net harkje woenen nei wat Hy sei.
6De Hear ús God is ien en al gerjochtichheid. Mar wy, wy en ús foarâlden, wy moatte ús skamje. Sa leit it der hjoed-de-dei hinne. 7Al de rampen dêr’t de Hear ús mei drige hie, se binne oer ús kommen. 8En noch ha wy de Hear net smeke, dat in elk fan ús him dochs ôfkeare mocht fan al de minne dingen, dy’t syn ûndogensk hert him ynstiek. 9De Hear hâlde al dy rampen al klear. Hy hat se oer ús brocht. Hy is rjochtfeardich yn al syn dwaan. 10Hy lei ús al dy geboaden op. Mar wy joegen net om syn sizzen en hâlden ús net oan ’e foarskriften dy’t de Hear ús dúdlikernôch jûn hie.
11En no Heare, God fan Israel, Jo, dy’t jo folk út Egypte helle ha mei in sterke hân, mei tekens en wûnders, mei grutte macht en in útstutsen earm, Jo, dy’t dêrtroch tige namme makke hawwe, sa’t dat hjoed-de-dei noch is, 12wy hawwe sûndige, goddeleas west en ûnrjocht dien, dwers tsjin alles yn dat Jo ús oplein hienen.
13Och, Heare God, wês dochs net langer fergrime op ús, want wy binne noch mar sa’n lyts keppeltsje mids al de folken dêr’t Jo ús oer fersille hawwe. 14Och Hear, wol nei ús bidden en smeekjen harkje en ferlos ús. Doch it om Josels! O, lit ús dochs yn ’e graasje komme by har dy’t ús fuortsleept hawwe, 15dat de hiele wrâld it witte sil dat Jo, Hear, ús God binne en dat Israel en syn neiteam op jo namme set binne.
16O Hear, wol dochs delsjen út jo hillige went en om ús tinke. Kear jo ear nei ús ta en harkje. 17Doch jo eagen iepen, Hear, en sjoch dochs! De ferstoarnen binne yn it deaderyk. Har lichem sit gjin geast mear yn. Dat hja binne it net dy’t de Hear earje kinne en syn rjochtfeardigens priizje. 18Nee, mar de libbene minske, de minske slim yn it lijen, dy’t delbûgd fan fertriet, omrint mei útgûlde eagen en in úthongere siele, dy is it dy’t Jo eare jaan sil, o God, en sprekke sil fan jo rjochtfeardigens.
19En no, Hear, ús God, wy lizze hjir mei ús gebed foar Jo. Net fanwegen it rjochtfeardige dat ús foarâlden en ús keningen út ’e wei set hawwe. 20O nee! Jo hawwe jo grime en grammoedigens oer ús útgetten, sa’t Jo dat al sizze litten hienen troch jo feinten, de profeten, dy’t tsjin ús seinen: 21Dit hat de Hear te sizzen: Bûch de rêch en tsjinje de kening fan Babel en jimme meie bliuwe yn it lân dat Ik jimme foarâlden jûn ha. 22Mar as jimme net dogge wat de Hear seit, en de kening fan Babel net tsjinje, 23dan sil Ik út ’e stêden fan Juda en út Jeruzalem fuortbanne it lûd fan ’e fleur en fan ’e wille, de stim fan ’e breugeman en fan ’e breid, en it hiele lân sil foar wyld komme te lizzen, dat der gjin mins mear wennet.
24Wy hawwe lykwols net harke nei wat Jo seinen, en de kening fan Babel net tsjinne. En sa hawwe Jo de wurden wier makke, dy’t Jo ús sein hienen troch jo feinten, de profeten, te sizzen, dat de bonken fan ús keningen en dy fan ús foarâlden út harren grêven smiten wurde soenen. 25En sa toarkje dy dêr om: deis yn ’e gleone sinne, nachts yn ’e fûle kjeld. Sy binne jammerdearlik oan ’e ein kommen: troch de honger en troch it swurd en troch de pest. 26It is fanwegen de ferkeardens fan Israel en fan Juda, dat it hûs dat op jo namme set is, der hjoed-de-dei sa hinneleit. 27En dochs hawwe Jo, o Hear, ús God, noch mei ús dien neffens al jo myldens en hiel jo grutte barmhertichheid, 28sa’t Jo troch jo tsjinner Mozes al sein hienen, de deis dat Jo him opdroegen om yn it bywêzen fan ’e Israeliten jo wet op te skriuwen, te witten: 29As jimme net harkje nei wat Ik sis, dan sil Ik dizze machtige heap mids de heidenfolken, dêr’t Ik him hinne fersilje sil, betarre litte ta in hantsjefol. 30En Ik wit, se sille net nei My harkje, dit dôfhûdige folk. Mar yn it lân dêr’t Ik se hinne banne sil, dêr sille se ta ynkear komme, 31en dan sille se witte, dat Ik de Hear, har God, bin. En dan sil Ik har in hert jaan om te ferstean en earen om te hearren. 32Se sille yn it lân dêr’t se hinne ferballe binne, My priizje en oan myn Namme weromtinke. 33En se sille har fan har dôfhûdigens en har glûpske streken bekeare en it sil har yn it sin komme hoe’t it har foarâlden fergien is, mei dy har sûndigjen tsjin de Hear. 34En dan, dan sil Ik har werombringe nei it lân dat Ik Abraham en Izaäk en Jakob mei in eed tasein haw, en dat sil harres wer wêze. En dan sil Ik har oanwinne litte en wier net ynkoartsje. 35Dan sil Ik mei harren in ivich ferbûn oangean: Ik sil har God wêze en sy myn folk. En nea en te ninter sil Ik myn folk Israel wer sette út it lân, dat Ik har jûn haw.