Paulus wurdt yn Tyrus en yn Cesaréa warskôge foar de reis nei Jeruzalem
1Doe’t wy ús mei lijen fan har losmakke hienen en ûnder seil gien wienen, setten wy rjochtút rjochtoan koerts nei Kos, de oare deis nei Rodos en dêrwei nei Patara. 2Dêr fûnen wy in skip dat krekt oerstekke soe nei Fenicië, wy gongen oan board en foeren ôf. 3Nei’t wy Cyprus yn ’t sicht krigen en oan bakboard lizze litten hienen, foeren wy nei Syrië, en rûnen de haven fan Tyrus yn; want dêr moast it skip de lading losse. 4Wy sochten dêr de kristenen op en bleauwen dêr in wike; dy warskôgen Paulus troch de Geast, hy soe net nei Jeruzalem gean. 5Mar doe’t ús tiid om wie, setten wy dochs ôf en reizgen fierder; se brochten ús allegearre, mei har froulju en bern, fuort oant bûten de stêd. Op it strân foelen wy op ’e knibbels en dienen in gebed. 6En wy namen ôfskie faninoar. Doe gongen wy oan board en sij wer nei hûs.
7Us seereis kaam ta in ein, doe’t wy út Tyrus wei yn Ptolemaïs oankamen. Wy begroeten dêr de gemeenteleden en bleauwen ien dei by harren. 8De oare deis reizgen wy ôf en kamen yn Cesaréa oan; dêr gongen wy by de evangelist Filippus, ien fan ’e sân, yn ’e hûs, en wy bleauwen by him. 9Dy hie fjouwer ûngetroude dochters, dy’t profetearren. 10Doe’t wy dêr al in moai skoft tahâlden hienen, kaam dêr in profeet út Judéa oan, dy’t Agabus hiet; 11dy kaam op ús ta, krige Paulus de mulriem ôf, bûn himsels oan hannen en fuotten en sei: Dit seit de hillige Geast: De man fan wa’t dizze mulriem is, sille de Joaden yn Jeruzalem krektsa bine en him oan ’e heidenen útleverje. 12Doe’t wy dat hearden, stienen wy – en ek de lju út dat plak – der tige by him op oan, hy soe net nei Jeruzalem opgean. 13Mar Paulus antwurde: Wat steane jim te gûlen en my it hert weak te meitsjen? Ik bin der ommers klear foar, om my yn Jeruzalem net allinne bine te litten, mar ek om dêr te stjerren foar de Heare Jezus. 14Omdat er him dochs net beprate liet, hâlden wy deroer op; wy seinen: Dan moat it mar komme sa’t de Hear it wol.
Paulus yn Jeruzalem by Jakobus; hy docht mei oan in Joadske gelofte
15Doe’t ús tiid om wie, makken wy ús klear foar de reis en gongen op nei Jeruzalem. 16Der gongen ek inkelde gemeenteleden út Cesaréa mei ús; dy brochten ús by in Mnason út Cyprus, dy’t allang kristen wie, dêr’t wy útfanhûzje soenen.
17Doe’t wy yn Jeruzalem kamen, hellen de gemeenteleden ús mei blydskip yn. 18De oare deis gong Paulus mei ús nei Jakobus; alle âldsten kamen dêr ek. 19Nei’t Paulus harren begroete hie, fertelde er fan stikje ta bytsje, wat God troch syn wurk ûnder de net-Joaden dien hie.
20Doe’t se dat hearden, joegen se God de ear; en se seinen tsjin him: Jo sjogge wol, broer, hoefolle tûzenen der ûnder de Joaden binne dy’t it leauwen oannommen hawwe, en dat binne allegearre fûle foarstanners fan ’e wet. 21No hawwe dy (oer jo) fertellen heard, jo soenen alle Joaden dy’t tusken de oare folken yn wenje foarhâlde om Mozes ûntrou te wurden, troch te sizzen dat se har bern net mear besnije moatte en net mear neffens ús wizânsje libje. 22Hoe sit dat no? Se sille sûnder mis hearre dat jo hjir kommen binne. 23Doch dêrom mar, wat wy no tsjin jo sizze: Wy hawwe hjir fjouwer man dy’t in gelofte dien hawwe; 24nim dy mei, lit jo tagelyk mei harren suverje, en betelje foar harren de kosten fan it kealskearen fan ’e holle; dan sil elk ynsjen dat der neat fan oan is wat se oer jo heard hawwe, mar dat jo sels fêsthâlde oan it ûnderhâlden fan de wet. 25Wat de net-Joaden oangiet dy’t kristen wurde binne, wy hawwe harren as ús beslút skreaun dat se har te wacht nimme sille foar fleis dat fan ôfgoade-offers komt, foar bloed, foar fleis fan smoarde bisten en foar ûntucht. 26Doe naam Paulus dy mannen de oare deis mei, liet him tagelyk mei harren suverje, en gong yn ’e timpel om oan te jaan, wannear’t de termyn fan har suvering ôfrûn wêze soe, en it offer foar elk fan harren brocht wurde soe.
Opskuoryn Jeruzalem; Paulus wurdt oppakt
27Doe’t de sân dagen hast om wienen, seagen de Joaden dy’t út Asia kommen wienen, him yn ’e timpel; se brochten it hiele folk yn opskuor, pakten him beet 28en raasden: Help ús, mannen fan Israel! Dit is de man, dy’t oeral oan alle minsken in leare foarhâldt dy’t tsjin it folk, de wet en dit stee yn giet; en no hat er ek noch Griken yn ’e timpel brocht en dit hillich stee ûntwijd. 29Want se hienen Paulus earder al mei Trófimus fan Efeze yn ’e stêd sjoen en no mienden se dat er dy mei yn ’e timpel nommen hie. 30De hiele stêd rekke yn ûnstjoer en it folk troppe gear; se pakten Paulus beet en sleepten him ta de timpel út; fuort neitiid waarden de doarren ticht dien.
31Wylst se it derop oan stjoerden om him dea te slaan, krige de kolonel fan it bataljon de tiding, dat hiele Jeruzalem yn ûnstjoer wie. 32Dy fleach fuortynienen mei syn soldaten en offisieren op harren ta. Sa gau’t se de kolonel en de soldaten seagen, hâlden se der mei op Paulus te slaan. 33Doe kaam de kolonel tichterby, liet Paulus oppakke en him dûbelde boeiens oandwaan. Doe fernaam er dernei, wa’t dat wie en wat er dien hie. 34Mar út de kliber rôp de iene dit, de oare dat; en doe’t er troch it lawaai net gewaar wurde koe hoe’t it krekt siet, joech er oarder, om him nei de kazerne te bringen. 35Mar doe’t Paulus by de treppen kaam, moast er noch troch de soldaten droegen wurde, mei sa’n geweld krong it folk op, 36want de hiele kliber rûn der achteroan en raasde mar: Fuort mei him!
37Op ’t stuit dat er yn ’e kazerne brocht wurde soe, frege Paulus de kolonel: Mei ik jo faaks wat sizze? Dy antwurde: Kenne jo dan Gryksk? 38Binne jo dan dy Egyptner net, dy’t in skoft lyn oproer makke hat en mei 4000 opstannelingen de woestyn yngien is? 39Mar Paulus sei: Ik bin in joadsk man, in boarger fan Tarsus, in net ûnferneamde stêd yn Cilicië; ik freegje jo permisje, it folk ta te sprekken. 40Dy permisje joech de kolonel en Paulus gong op ’e treppen stean en joech in teken mei de hân. Doe’t it o sa stil wurden wie, hâlde er yn ’e taal fan ’e Joaden dizze taspraak.