Paulus fertelt fan syn bekearing en fan syn sindingsopdracht
1Mannen, bruorren en heiten, harkje nei de ferantwurding dy’t ik no foar jimme dwaan wol. 2– Doe’t se hearden dat er harren yn ’e taal fan ’e Joaden taspriek, waarden se noch helte stilder. – Hy ferfette: 3Ik bin in Joad, te wrâld kommen te Tarsus yn Cilicië, mar opbrocht hjir yn dizze stêd; as learling fan Gamaliël sekuer ûnderwiisd yn ’e wet fan ’e foarâlden. Ik wie in fûlen strider foar God, op ’e selde wize as jimme allegearre hjoed-de-dei noch binne; 4ik haw dizze rjochting oan ’e dea ta ferfolge, meidat ik manlju en froulju yn ’e boeiens slaan en opslute liet, 5lykas de hegepryster en de hiele Rie fan âldsten fan my getuge kinne; fan harren hie ik ek brieven mei krige, doe’t ik nei de kristenen yn Damaskus reizge, om ek de minsken dêr yn ’e boeiens te slaan en nei Jeruzalem te bringen om straft te wurden. 6Ik wie ûnderweis en kaam al moai ticht by Damaskus; it wie om middei hinne, doe omstriele my ynienen in fûl ljocht út ’e himel. 7Ik foel oer de grûn en hearde in stim tsjin my sizzen: Saul, Saul, wêrom ferfolgesto My? 8Ik antwurde: Wa binne Jo, Hear? En Hy sei tsjin my: Ik bin Jezus de Nazoreeër, dysto ferfolgest. 9Dy’t by my wienen, seagen wol it ljocht, mar hearden net de stim fan Him dy’t ta my spriek. 10Ik sei: Wat moat ik dwaan, Hear? En de Hear sei tsjin my: Kom oerein en gean nei Damaskus, dêr sil dy alles sein wurde wat dy te dwaan stiet. 11Omdat ik net mear sjen koe – sa gril wie dat ljocht – krigen myn maten my by de hân en sa kaam ik yn Damaskus.
12No wie dêr in Ananias, in man dy’t from neffens de wet libbe en dy’t by alle Joaden dy’t dêr wennen, op in goede namme lei, 13dy socht my op, gong njonken my stean en sei: Broer Saul, slach de eagen op. En op itselde stuit seach ik him stean. 14Hy sei: De God fan ús foarâlden hat jo ornearre om syn wil te kennen, om de Rjochtfeardige te sjen en syn stim te hearren. 15Want jo sille foar Him getuge by alle minsken, fan wat jo sjoen hawwe en heard. 16No dan, wêr wachtsje jo noch op? Kom oerein, rop Him oan en lit jo dope en jo sûnden ôfwaskje. 17Doe’t ik yn Jeruzalem werom wie, rekke ik bûten mysels by it bidden yn ’e timpel; 18ik seach de Hear en Dy sei tsjin my: Meitsje oan en gean, sa gau ast kinst, út Jeruzalem wei, want se sille dyn getugenis oer My net oannimme. 19Doe sei ik: Hear, se witte mar al te goed, hoe’t ik dwaande west haw de minsken dy’t yn Jo leauwe, op te pakken en yn ’e synagogen te giseljen; 20en dat ik, doe’t it bloed fan jo getuge Stéfanus fergetten waard, der sels by stien haw en it der wakker mei iens wie en dat ik op de klean fan syn moardners past haw. 21Doe sei Er tsjin my: Gean, want Ik sil dy omfierrens stjoere nei de oare folken.
Paulus mei as Romeinsk boarger net gisele wurde
22Oant safier ta hienen se him noch hieltyd oanheard, mar doe’t er dat sei, begûnen se te skreauwen: Slach dy keardel dea! Dy mei net yn libben bliuwe! 23Doe’t se sa raasden, har mantels útsmieten en moude yn ’e loft smieten, 24liet de kolonel him yn ’e kazerne bringe, en joech oarders om him ûnder swypslaggen yn ’t ferhoar te nimmen, om sa gewaar te wurden, om wat reden se sa tsjin him raasden.
25Doe’t se him yn ’e hâlding brochten foar it giseljen, sei Paulus tsjin de kaptein dy’t derby stie: Meie jimme in Romeinsk boarger giselje en dat sûnder dat er feroardiele is? 26Doe’t de kaptein dat hearde, gong er nei de kolonel ta en rapportearre it him mei de wurden: Wat binne jo no fan doel? Dy man is ommers in Romeinsk boarger. 27De kolonel gong nei him ta en sei tsjin him: Fertel my ris, binne jo in Romeinsk boarger? Hy sei: Jawis! 28Doe ferfette de kolonel: Ik haw foar dat boargerskip in slompe jild jaan moatten. Paulus sei: En ik bin der mei berne. 29Op slach lieten doe de mannen dy’t Paulus yn ’t ferhoar nimme soenen, him gewurde. Ek de kolonel krige it krap, no’t er yn ’e rekken krige dat it in Romeinsk boarger wie, dy’t er yn ’e boeiens slaan litten hie.
30Omdat er krekt witte woe wêr’t de Joaden him fan beskuldigen, liet er him de oare deis út ’e sel helje, en joech oarder dat de hegeprysters en de hiele Hege Rie byinoar komme moasten; doe liet er Paulus nei ûnderen bringe en foar harren komme.