Paulus yn Masedoanië en Grikelân
1Neidat it trelit saksearre wie, liet Paulus de kristenen by him komme en spriek harren moed yn; hy naam ôfskie fan harren en reizge ôf nei Masedoanië. 2Doe’t er dy kriten bereizge hie en de lju mei gâns taspraken bemoedige hie, kaam er yn Grikelân. 3Dêr bleau er trije moanne. Mar krekt op it stuit dat er nei Syrië oerfarre woe, makken de Joaden in komplot tsjin him; doe besleat er om mar oer Masedoanië werom te gean. 4Yn syn selskip wienen Sopater, de soan fan Pirrus, út Beréa, Aristarchus en Secundus út Tessaloníka, fierder Gajus út Derbe, en Timóteüs, en út Asia Tichicus en Trófimus. 5Mar dy reizgen foarút en wachten ús op yn Troäs. 6Sels foeren wy nei it Joadske Peaskefeest út Filippy wei; yn minder as fiif dagen (tiids) kamen wy by harren dêr yn Troäs, dêr’t wy doe noch sân dagen bleauwen.
Paulus preket yn Troäs; Eútichus falt út it finsterbank
7Doe’t wy op ’e earste dei fan ’e wike byinoar kommen wienen om brea te brekken, spriek Paulus, dy’t de oare deis wer fuort soe, de gemeenteleden ta, en hy preke mar oan en mar wei, wol oan middennacht ta. 8Der brânden frijwat lampen yn ’e boppeseal dêr’t wy byinoar wienen. 9Der siet in jongfeint dy’t Eútichus hiet, yn it finsterbank, dy rekke yn in djippe sliep doe’t Paulus salang oan it wurd bleau; doe foel er fan sliep befongen fan ’e tredde ferdjipping ôf nei ûnderen en waard dea opnommen. 10Paulus gong nei ûnderen ta, liet him oer de jonge falle en sloech de earms om him hinne; doe sei er: Meitsje jim mar net oerstjoer, want der sit libben yn him. 11Doe gong er wer nei boppen, bruts it brea en iet derfan en nei’t er noch gâns in skoft, oan ’e dage ta, oan it wurd west hie, reizge er ôf. 12Mar de jonge brochten se sûn en wol fuort; dat wie in hiele ferromming foar harren.
Paulus-en-dy reizgje nei Miléte
13Wy wienen al earder yn it skip gien en foeren nei Assus, om dêr Paulus oan board te nimmen; dat hie er sa beöardere, want hy woe sels te foet reizgje. 14Doe’t er ús yn Assus troffen hie, namen wy him oan board en gongen nei Mitiléne. 15Dêrwei sylden wy wer fuort en kamen de oare deis foar Chios; de deis dêroan stutsen wy oer nei Samos, en noch in dei letter kamen wy yn Miléte oan. 16Want Paulus wie fan doel om Efeze foarby te farren, dat er gjin tiid yn Asia hoegde te ferliezen; hy sette der faasje achter, om as er it rêde koe, de deis fan it Pinksterfeest yn Jeruzalem te wêzen.
Paulus nimt ôfskie fan ’e Eféziërs
17Ut Miléte wei stjoerde er boadskip nei Efeze dat de âldsten fan ’e gemeente by him komme moasten. 18Doe’t dy dêr wienen, sei er tsjin harren: Jim witte hoe’t ik, fan ’e earste dei ôf dat ik yn Asia oan lân kaam, al dy tiid by jimme west haw; 19hoe’t ik de Hear tsjinne haw yn alle nederigens, ûnder fertriet en besikingen dy’t oer my kamen troch de komplotten fan ’e Joaden. 20Jim witte ek dat ik noait bang west haw, jimme yn it iepenbier en by jim thús foar te hâlden en te learen wat foar jimme fan belang wie, 21troch Joaden en Griken te beswarren, har ta God te bekearen en yn Jezus, ús Hear, te leauwen. 22Sa bin ik dan no, bûn troch de Geast, nei Jeruzalem ûnderweis, sûnder te witten wat my dêr fierder oerkomme sil, 23oars net as dat de hillige Geast my fan stêd ta stêd warskôget, dat my boeiens en benearing te wachtsjen steane. 24Mar foar mysels is myn libben my it neamen net wurdich, as ik it mar ta in goed ein bringe mei, en de opdracht folbringe, dy’t ik fan de Heare Jezus krigen haw: de ferkundiging fan it bliid boadskip fan Gods genede.
25Sa wit ik dan no, dat net ien fan jimme allegearre, dy’t ik op myn reis Gods keninkryk ferkundige haw, my oait wer sjen sil. 26Dêrom ferklearje ik jimme hjoed-de-dei plechtich, dat ik gjin skuld haw as wa ek fan jimme ferlern gean mocht. 27Want ik haw net skroomd om jimme Gods hiele riedsplan oan te sizzen. 28Pas goed op jimsels en op de hiele keppel, dêr’t de hillige Geast jimme de lieding oer jûn hat, om de gemeente fan God te hoedzjen, dy’t Er sines makke hat troch it bloed fan syn eigen Soan. 29Dit wit ik: As ik fuort bin, sille wrede wolven by jimme ynkringe, dy’t de keppel net mije sille, 30ja, út jimme eigen rûnte sille mannen nei foaren komme dy’t de wierheid ferdraaie om gemeenteleden mei te krijen. 31Wês dêrom op jim iepenst, en ferjit net, hoe’t ik jimme trije jier lang nachts en deis oan ien tried wei man foar man mei triennen warskôge haw. 32En no betrou ik jimme ta oan God en oan it wurd fan syn genede, dat de macht hat om op te bouwen en jimme mei allegearre dy’t Him tawijd binne, in bliuwend besit te jaan. 33Net ien syn sulver of goud of syn klean haw ik begeard. 34Jimme witte sels, dat dizze hannen de kost fertsjinne hawwe foar mysels en foar myn maten. 35Yn alles haw ik jimme sjen litten, dat men sa arbeidzje moat om foar de swakken soargje te kinnen, en dat men de wurden fan de Hear yndachtich wêze moat. Dy hat ommers sels sein: Jaan jout mear gelok as krijen.
36Doe’t er dat sein hie, foel er op ’e knibbels en die in gebed mei harren allegearre. 37Se begûnen allegearre lûd te gûlen, se foelen Paulus om ’e hals en tuten him; 38foaral (wienen se) ûntdien omdat er sein hie, dat se him net wer sjen soenen. Doe brochten se him nei it skip.