Paulus en Silas yn Tessaloníka; de stêd yn opskuor
1Se reizgen oer Amfipolis en Apollónia en kamen yn Tessaloníka, dêr’t in Joadske synagoge wie. 2Sa’t er wend wie, gong Paulus dêrhinne, en trije sabbatten lang prate er mei harren oer de Skriften; 3hy lei dy út en bewiisde dat de Messias lije en út ’e dea ferrize moast; en de Jezus dy’t ik jimme ferkundigje, sa sei er, dat is de Messias. 4Der wienen guon fan harren, dy’t oertsjûge rekken en har by Paulus en Silas joegen, ek in grut tal Griken dy’t God ferearen en net sa’n bytsje foarname froulju.
5Mar de Joaden koenen dat net rjocht sette; se hierden guon fan it minste rap-en-rút ôf en setten de stêd op ’e kop troch allegear folk op ’en baan te bringen. Doe krongen se op nei it hûs fan Jazon, want se woenen Paulus-en-dy foar de folksgearkomste bringe. 6Doe’t se harren net fine koenen, sleepten se Jazon en in pear oare gemeenteleden foar de stedsbestjoerders en rôpen: No binne dy lju, dy’t de hiele wrâld yn opskuor brocht hawwe, hjir ek al, 7en Jazon hat har ûnderdak jûn; se geane allegearre yn tsjin ’e keizer syn foarskriften, want se beweare dat der in oarenien kening is: Jezus! 8Mei dat geskreau brochten se it folk en de stedsbestjoerders fan ’e wize. 9Earst doe’t der in boarchstelling foar Jazon en de oaren jûn wie, lieten se har los.
Paulus en Silas yn Beréa
10De bruorren lieten Paulus en Silas dyselde nachts noch nei Beréa gean. Doe’t se dêr oankamen, gongen se nei de synagoge fan ’e Joaden. 11Dy wienen harren mear tagedien as dy yn Tessaloníka; se mochten o sa graach nei it evangeelje hearre en seagen alle dagen weroan yn ’e Skriften nei, oft it allegearre wol wier wie. 12Der kamen dan ek gâns fan harren ta it leauwen, en ek net sa’n bytsje foarname Grykske froulju en manlju.
13Mar de Joaden fan Tessaloníka hienen sa gau net fernommen dat Paulus it wurd fan God yn Beréa ferkundige, of se gongen dêrhinne om dêr ek it folk op te setten en oerstjoer te meitsjen. 14Doe lieten de bruorren Paulus fuortynienen ôfreizgje nei de kust; mar Silas en Timóteüs bleauwen dêr noch. 15De lju dy’t Paulus fuortbrochten, gongen oan Athene ta mei him; doe kamen se werom mei boadskip foar Silas en Timóteüs, dat dy sa gau mooglik by him komme moasten.
Paulus yn Athene; hy hâldt in taspraak op ’e Areópagus
16Wylst Paulus yn Athene op harren wachte, seach er mei argewaasje dat de stêd grôtfol mei ôfgodsbylden stie. 17Hy debatearre dan yn ’e synagoge mei de Joaden en de ferearders fan God, en ek alle dagen mei de lju dy’t tafallich op ’e merk wienen. 18Der rekken ek guon fan ’e Epikureeske en Stoyske wiisgearen mei him yn petear. Guon seinen: Wat wol dy kletsmajoar eins beweare? oaren: It skynt in propagandist foar frjemde goaden te wêzen, want hy ferkundige Jezus en de ferrizenis. 19Se namen him mei, brochten him nei de Areópagus en seinen: Soenen wy ris witte meie watfoar nije lear it is, dêr’t jo it oer hawwe? 20Want jo fertelle ús dingen dy’t ús frjemd taharkje; dêrom wolle wy wolris witte, wat dat betsjut. 21Want alle Atheners en ek de bûtenlanners dy’t dêr wenje, besteegje al har tiid dêroan, om wat nijs te fertellen of te hearren.
22En Paulus gong midden op ’e Areópagus stean en sei: Mannen fan Athene, as ik it goed sjoch, binne jimme oer alle boegen tige godstsjinstich. 23Want doe’t ik troch de stêd kuiere en beseach wat jimme allegearre ferearje, haw ik ek in alter fûn dêr’t op stie: Oan in ûnbekende God. No dan, wat jimme ferearje sûnder dat jimme it kenne, dat ferkundigje ik jimme. 24De God dy’t de wrâld makke hat en alles wat deryn is, Hy dy’t de Hear fan himel en ierde is, wennet net yn timpels dy’t minskehannen makke hawwe, 25en Hy wurdt ek net troch minskehannen fersoarge, krekt as soed Er ek mar fan ien ding ferlet hawwe; Hy jout ommers sels oan allegearre it libben, it sykheljen, ja alles. 26Hy hat út ien stamfaar alle naasjes opkomme litten om it hiele ierdopperflak te bewenjen; hy hat de krekte tiden fan har bestean en de grinzen fan har wengebiet fêststeld, 27dat se God sykje soenen, yn ’e hoop Him taastendewei te finen; Hy is ommers ek net fier fan elk fan uzes ôf. 28Want yn Him libje wy, bewege wy ús en besteane wy, lykas guon fan jimme dichters sein hawwe: Want wy stamje fan Him ôf.
29As wy dan fan God ôfstamje, moatte wy ek net miene, dat it godlike liket op goud, sulver of stien, of op wat in minske úttocht en makke hat. 30God wol dan no net mear tinke oan de tiden dat de lju fan neat wisten. Op dit stuit lit er de minsken oproppe om har allegearre, wêr dan ek, te bekearen, 31want Hy hat in dei fêststeld dat Er oer de hiele wrâld in rjochtfeardich oardiel sprekke litte sil, troch in Man dy’t Er dêrfoar oanwiisd hat. It bewiis dêrfan hat Er oan alle minsken levere troch Him út ’e dea ferrize te litten.
32Doe’t se oer in ferrizenis fan deaden hearden, hienen guon de gek dermei, mar oaren seinen: Wy wolle jo dêr letter noch wolris oer hearre. 33Sa gong Paulus by harren wei. 34Mar der wienen inkelde manlju dy’t har by him oansleaten en ta it leauwen kamen; dêr wie Dionysius de Areöpagyt by, en in frou dy’t Damaris hiet, en noch in pear oaren.