Paulus yn Korinte. Foar de rjochtbank fan Gallio
1Dêrnei gong er út Athene wei, nei Korinte. 2Dêr krige er kunde oan in Joad, dy’t Aquila hiet, fan komôf út Pontus, en koartlyn mei syn frou Priscilla út Italië kommen, omdat Claudius oarder jûn hie dat alle Joaden út Rome wei moasten; hy socht harren op 3en omdat se fan itselde fak wienen, bleau er by harren en se arbeiden mei-inoar; it wienen tintmakkers fan har fak. 4Alle sabbatten debattearre er mei de Joaden yn ’e synagoge, en die syn bêst om Joaden en Griken te oertsjûgjen.
5Doe’t Silas en Timóteüs oankommen wienen, út Masedoanië wei, joech Paulus him alhiel oan it preekjen, en ferkundige de Joaden dat Jezus de Messias is. 6Doe’t dy dêr lykwols tsjin opkamen en him berabben, skodde er de klean út en sei tsjin harren: It is jim eigen skuld, dat jimme ferlern geane; ik kin der neat oan dwaan en gean tenei nei de heidenen. 7Doe gong er dêr wei, nei it hûs fan in man dy’t Titius Justus hjitte, in ferearder fan God, dy’t nêst de synagoge wenne. 8En de synagogebestjoerder Crispus waard kristen mei syn hiele húshâlding, en hiel wat Korintiërs dy’t nei Paulus harken, leauden en lieten har dope.
9Doe sei de Hear op in nacht yn in fizioen tsjin Paulus: Wês net bang, mar sprek en hâld dy net stil; 10want Ik stean dy by en net ien sil in hân útstekke om dy wat te dwaan, en wit-hoe-folle yn dizze stêd hearre by myn folk. 11Sa bleau er dêr oardel jier en joech by harren ûnderrjocht yn it wurd fan God. 12Mar doe’t Gallio goeverneur fan Achaje wie, foelen de Joaden as ien man op Paulus oan. Se sleepten him foar de rjochtbank 13en seinen: Dy man besiket de lju oer te heljen ta in earetsjinst dy’t yn striid is mei de wet. 14Paulus soe der krekt op yngean, doe sei Gallio tsjin de Joaden: As it om in misdie of om in gemiene streek te rêden wie, soe ik jimme oanklacht earlik oannommen hawwe. 15Mar sokke strideraasjes oer in wurd, oer nammen en oer dy wet fan jimme, dêr moatte jimme sels mar mei rêde; dêr wol ik gjin rjochter oer wêze. 16Doe jage er harren foar de rjochtbank wei. 17Mei-inoar griepen se de synagogebestjoerder Sóstenes en joegen him foar de rjochtbank in wân bruien; mar Gallio waard der oars noch oars fan.
Paulus reizget werom nei Antiochië
18Paulus bleau dêr noch ferskate dagen. Doe naam er ôfskie fan ’e bruorren en gong mei in skip nei Syrië, mei Priscilla en Aquila; earst hied er yn Kenchréae him it hier knippe litten, want hy hie in gelofte dien. 19Doe’t se yn Efeze oankommen wienen, gong er dêr by de oaren wei; sels gong er nei in synagoge ta, dêr’t er mei de Joaden debatearre. 20Mar doe’t se him fregen, langer te bliuwen, sloech er dat ôf. 21Hy naam ôfskie mei de wurden: Ik kom by jimme werom, as God it wol. Doe foer er út Efeze wei. 22Hy kaam yn Cesaréa oan, gong oan lân en reizge nei Jeruzalem, en dêrnei fierder nei Antiochië.
Paulus reizget wer troch Lyts-Azië
23Nei’t er dêr in skoft tahâlden hie, gong er fuort, reizge achter inoar Galatië en Frygië troch, wylst er oeral de kristenen moed ynprate.
Apollos ferkundiget it evangeelje
24No wie der in Joad yn Efeze kommen, dy’t Apollos hiet, fan komôf út Alexandrië, in geleard man, dy’t tige thús wie yn ’e Skriften. 25Dy wie ûnderlein yn ’e lear fan ’e Hear; hy spriek fol fjoer en fertelde yn syn ûnderrjocht tige sekuer hoe’t it mei Jezus gien wie, al hied er dan ek allinne mar weet fan ’e doop fan Johannes. 26Dy man die ek al frijmoedich it wurd yn ’e synagoge. Doe’t Priscilla en Aquila him heard hienen, namen dy him mei en leinen him Gods wei dúdliker út. 27Doe’t er oerstekke woe nei Achaje, treasten de bruorren him oan en skreauwen de gemeenteleden dêre in brief, dat se him freonlik ûntfange moasten. Doe’t er der ienkear wie, hienen de leauwigen troch Gods geunst in grutte stipe oan him 28want fûl bestried er de Joaden yn ’t publyk, en brocht bewizen út ’e Skrift by, dat Jezus de Messias is.