Timóteüs komt der as tredde man by
1Sa kaam er ek yn Derbe en Lystra. Dêr wenne in gemeentelid, dy hiet Timóteüs; syn mem wie in Joadine dy’t kristen wurden wie, syn heit in Gryk; 2hy lei by de kristenen yn Lystra en Ikonium op in goede namme. 3Omdat Paulus him graach meihawwe woe op reis, liet er Timóteüs besnije, om de Joaden dy’t yn dy oarden wennen; want dy wisten allegearre dat syn heit in Gryk wie.
4Op har reis by de stêden lâns brochten se de lju de besluten oer, dy’t de apostels en de âldsten te Jeruzalem nommen hienen, en seinen dat se har dêr oan hâlde moasten. 5Sa waarden de gemeenten aloan sterker yn it leauwen en alle dagen kamen der mear leden by.
It fizioen fan Paulus yn Troäs
6Se reizgen troch Frigië en Galatië, mar de Geast kearde it op, dat se yn Asia it evangeelje brochten. 7Doe’t se oan Misië ta kommen wienen, besochten se wakker nei Bitinië te slagjen, mar de Geast fan Jezus woe it net lije. 8Sadwaande lieten se Misië lizze en kamen by Troäs oan ’e kust. 9Dêr krige Paulus de nachts in fizioen: der stie in Masedoaniër foar him, dy’t in berop op him die mei de wurden: Stek oer nei Masedoanië om ús te helpen. 10Doe’t er dat fizioen hân hie, dienen wy fuortynienen war om yn Masedoanië te kommen, want wy makken derút op, dat God ús roppen hie om dêr it bliid boadskip te bringen.
Nei Filippy; de earste bekearlingen yn Europa
11Wy sylden dus út Troäs wei lyk op Samotrace oan, en de oare deis nei Neapolis; 12dêrwei wer nei Filippy, de belangrykste stêd fan dat part fan Masedoanië en in Romeinske delsetting. Yn dy stêd hâlden wy in deimannich ta. 13Doe’t it sabbat wie, gongen wy troch de poarte de stêd út, by in rivier lâns, omdat wy ornearren dat dêr in plak om te bidden wêze moast; wy joegen ús del en sprieken de froulju ta dy’t dêr byinoar kommen wienen. 14Der siet ek in frou te harkjen, dy hiet Lydia, in poarperferkeapster út de stêd Tiatíra, dy’t God al fereare; de Hear brocht har derta om mei ynmoed nei Paulus’ wurden te harkjen. 15Se waard, mei har hiele húshâlding, doopt. Doe noege se ús tige: As jimme fan betinken binne, dat ik in echte kristinne bin, kom dan by my útfanhûs; en se twong it ús suver oan.
Paulus en Silas wurde oppakt; in sipier wurdt kristen
16Op in kear wienen wy ûnderweis nei it gebedsplak, doe kaam ús in slavinne temjitte, dy’t in wiersizzende geast hie en har eigeners gâns fertsjinst ynbrocht mei har wiersizzerij. 17Dy rûn Paulus en ús hieltyd achternei mei lûd gerop: Dy minsken binne feinten fan ’e allerheechste God, se sizze jimme oan, hoe’t jimme ta behâld komme kinne. 18Dat die se dagenlang. Mar Paulus krige der syn nocht fan; hy draaide him om en sei tsjin de geast: Ik sis dy yn ’e namme fan Jezus Kristus: Gean út har wei. En op datselde stuit gong er út har wei.
19Mar doe’t har eigeners seagen dat se gjin kâns op fertsjinst mear hienen, grypten se Paulus en Silas en sleepten dy nei de merk, foar it stedsbestjoer. 20En doe’t se harren dêr foar de stedsbestjoerders brocht hienen, seinen se: Dy minsken bringe ús stêd yn ûntstjoer. It binne Joaden 21en se besykje ús in libbenswize oan te praten, dy’t wy as Romeinen net oernimme of oanhâlde meie. 22Doe kaam ek it hiele folk tsjin harren yn opstân, en de stedsbestjoerders lieten harren de klean fan it liif skuorre en har giselje. 23Nei’t se harren gâns stokslaggen jûn hienen, smieten se har yn it wachthûs, en droegen de sipier op om har sekuer yn ’e gaten te hâlden. 24Om’t dy dy opdracht krige hie, smiet er harren yn ’e binnenste sel en sette har fuotten fêst yn it blok.
25Mar om middernacht hinne wienen Paulus en Silas oan it bidden en songen loflieten ta God, wylst de oaren dy’t dêr sieten, nei har harken. 26Doe kaam der ynienen sa’n swiere ierdskodding, dat de fûneminten fan ’e gefangenis trillen derfan; op ’t selde stuit fleagen alle doarren iepen, en alle minsken foelen de keattingen ôf. 27De sipier waard wekker en doe’t er seach dat de doarren fan it wachthûs iepen stienen, luts er syn swurd, en hy hie himsels omtrint tekoart dien, omdat er miende dat de gefangenen útnaaid wienen. 28Mar Paulus rôp lûd: Doch josels neat, want wy binne hjir allegearre noch! 29Doe frege er om ljocht, stode nei binnen en triljend oer syn lea, foel er foar Paulus en Silas del. 30Hy liet har derút en sei: Hearen, wat moat ik dwaan om behâlden te wurden? 31Sij seinen; Leau yn ’e Heare Jezus, en jo sille mei jo hiele húshâlding behâlden wurde. 32Sa ferkundigen se him, en alle oaren yn syn hûs, it wurd fan God. 33En op itselde stuit, midden yn ’e nacht, naam er harren mei en wosk har wûnen út; doe liet er him fuortynienen dope, mei syn hiele húshâlding. 34Hy naam harren mei nei boppen, nei syn hûs, en sette harren iten foar; hy wie och sa bliid, dat er no mei syn hiele húshâlding yn God leaude. 35Doe’t it dei wurden wie, stjoerden de stedsbestjoerders har boaden derop ôf mei it boadskip: Lit dy minsken los. 36De sipier brocht dy wurden oan Paulus oer: de stedsbestjoerders hawwe boadskip stjoerd, dat jimme loslitten wurde moatte. Kom der dus mar út, ik winskje jim goereis. 37Mar Paulus sei tsjin harren: Se hawwe ús sûnder foarm fan proses yn ’t iepenbier giselje litten, – en wy binne noch wol Romeinske boargers! – en ús yn it wachthûs smiten; en no sille se ús der stikem wer út sette! Gjin sprake fan! Se moatte sels mar komme om ús derút te heljen. 38De boaden brochten dy wurden oan ’e stedsbestjoerders oer. Dy waarden deabenaud, doe’t se hearden dat it Romeinske boargers wienen, 39dat se kamen sels en praten moai mei harren om; doe lieten se harren derút en stienen der by har op oan om út ’e stêd te gean. 40Mar doe’t se út it wachthûs wei wienen, gongen se earst noch nei it hûs fan Lydia: Dêr troffen se de gemeente, praten har moed yn en reizgen doe ôf.