In nije ferfolging; Jakobus wurdt de holle ôfslein, mar Petrus komt wer frij
1Om ’e selde tiid liet kening Herodes guon leden fan ’e tsjerke oppakke en mishannelje. 2En Jakobus, de broer fan Johannes, liet er sels de holle ôfslaan. 3Omdat er seach, dat soks de Joaden nei ’t sin wie, gong er noch fierder en liet ek Petrus oppakke. It wie yn ’e tiid fan it Joadske Peaskefeest. 4Doe’t er him yn hannen hie, liet er him yn it wachthûs sette en joech him oan fjouwer ploegen fan elk fjouwer soldaten oer om de wacht by him te hâlden, want hy wie fan doel, him nei ôfrin fan it Peaskefeest yn it iepenbier foarkomme te litten. 5Sa bewekken se Petrus yn it wachthûs; ûnderwilens waard der yn ’e gemeente oanienwei foar him bidden ta God.
6Doe’t Herodes him no foarkomme litte woe, lei Petrus dy eigenste nachts tusken twa soldaten yn te sliepen, mei twa keattings fêstbûn, en de skyldwachten hâlden wacht foar de doar fan it wachthûs. 7Ynienen stie der in ingel foar him en der skynde ljocht yn syn ferbliuw; de ingel makke Petrus wekker troch him yn ’e side oan te stompen en sei: Kom oerein, gau! Doe foelen de keattings him fan ’e hannen. 8De ingel sei tsjin him: Doch dyn riem om en byn dyn sandalen ûnder. En dat die er. Hy sei tsjin him: Slach dyn mantel om en kom my achternei. 9Petrus gong mei him derút; hy hie net foar it ferstân, dat it echt wie wat de ingel die, hy miende dat er in fizioen hie. 10Se slaggen troch de earste en troch de twadde wachtpost hinne, en doe stienen se foar de izeren doar dy’t op ’e stêd útkaam. Dy gong fansels foar harren iepen, se gongen nei bûten en rûnen tegearre ien strjitte fierder; doe gong de ingel ynienen by him wei. 11Petrus kaam wer ta himsels en sei: No bin ik der wis fan, dat de Hear syn ingel stjoerd hat om my te befrijen út ’e macht fan Herodes en fan alles wêr’t de Joaden op tidigen. 12Doe’t er dêroer ta klearrichheid kommen wie, gong er nei it hûs fan Maria, de mem fan Johannes dy’t ek wol Markus neamd wurdt. Dêr wienen frijwat minsken byinoar kommen om te bidden. 13Hy kloppe op ’e doar fan it foarhûs en der kaam in faam oan, dy’t Rodé hiet, om iepen te dwaan. 14Mar doe’t se oan it lûd hearde dat it Petrus wie, die se fan klearebare blidens de doar net iepen, mar fleach it hûs wer yn en fertelde dat Petrus by de foardoar stie. 15De oaren seinen tsjin har: Do bist net wiis. Mar sij hâlde mar út dat it al sa wie. Doe seinen se: Dan is it syn ingel. 16En Petrus hâlde mar oan mei klopjen. Doe’t se iepen dienen, seagen se dat er it dochs wie, en stienen fersteld. 17Hy joech harren in teken mei de hân, dat se stil wêze moasten. Doe lei er (harren) út hoe’t de Heare him út it wachthûs befrijd hie, en hy sei: Fertel it ek oan Jakobus en de oare bruorren. Doe gong er fuort, en reizge nei in oar plak.
18De oare deis joech it in hiele opskuor ûnder de soldaten: wat wie der dochs mei Petrus bard?
19Nei’t Herodes om ’e nocht om him sykje litten hie, ûnderstie er de skyldwachten en liet dy fan kant meitsje. Sels gong er út Judéa wei nei Cesaréa en bleau dêr in skoft.
Hoe’t Herodes Agrippa oan syn ein kaam
20Herodes hie tige it grou op ’e Tyriërs en de Sidoaniërs. Mar dy stjoerden in mienskiplik gesantskip nei him ta; se wisten de keninklike keamerhear Blastus op har kant te krijen en fregen om frede. Dat dienen se omdat har lân itende bliuwe moast troch ynfier út de kening sines. 21Op in stelde dei gong Herodes yn ’e keningspronk op syn earetroane sitten en hâlde in plechtige taspraak; 22en it folk jubele: Dat is de stim fan in god en net fan in minske! 23Fuortynienen sloech in ingel him del, omdat er God de eare net joech; hy waard fan ’e wjirmen tefretten en stoar.
Barnabas en Saulus komme werom
24Mar it wurd fan ’e Hear naam fuortgong en krige wat langer wat mear oanhing. 25Neidat Barnabas en Saulus de stipe ôfdroegen hienen, kamen se út Jeruzalem werom, en namen Johannes mei, dy’t ek Markus neamd waard.