Barnabas en Paulus út Antiochië wei op reis stjoerd
1No wienen der yn Antiochië, by de gemeente dêre, inkelde profeten en learaars: Barnabas, Simon dy’t Niger neamd waard, Lusius de Cyreneeër, Manaën de tatebroer fan kening Herodes en Saulus.
2Se hâlden op in kear har earetsjinst foar de Hear en wienen oan it fêstjen, en doe sei de hillige Geast: Wiis Barnabas en Saulus oan foar it wurk dêr’t Ik harren ta roppen haw. 3Doe leinen se harren, nei fêstjen en gebed, de hannen op ’e holle en lieten har gean.
Barnabas en Paulus op Cyprus; Bar-Jezus de tsjoender
4Sa kamen dy mannen, útstjoerd troch de hillige Geast, yn Seleucië oan, en dêrwei sylden se nei Cyprus. 5Nei har oankomst yn Salamis ferkundigen se it wurd fan God yn ’e synagogen fan ’e Joaden. Se hienen ek Johannes by har om har te helpen.
6Doe’t se it hiele eilân ôfreizge hienen oan Pafos ta, troffen se dêr in Joadsk man, dat in tsjoender, in falske profeet wie; dy hiet Bar-Jezus. 7Hy hearde by it gefolch fan ’e goeverneur Sergius Paulus; dat wie in ferstannich man. Dy liet Barnabas en Saulus by him komme en woe graach it wurd fan God hearre. 8Mar Elymas de tsjoender – want sa kin men syn namme oersette – siet harren dwers; dy besocht de goeverneur fan it leauwen ôf te hâlden. 9Saulus, ek wol Paulus neamd, fol fan ’e hillige Geast, seach him lyk yn ’t gesicht, 10en sei: Do falske glûpert, duvelsbern en fijân fan al wat rjochtfeardich is, silsto der dan noait mei ophâlde, de rjochte wegen fan ’e Hear krom te lûken? 11No dan, tink derom, de Hear sil dy straffe; do silst blyn wêze en it sinneljocht in skoftlang net sjen kinne. Fuortynienen waard it pikketsjuster foar syn eagen, en hy rûn en taaste om him hinne om ien dy’t him by de hân liede koe. 12Doe’t de goeverneur seach wat der foarfallen wie, kaam er ûnder de yndruk fan de lear fan ’e Hear en hy naam it leauwen oan.
Paulus’ ferkundiging te Antiochië yn Pisidië
13Paulus-en-dy foeren út Pafos wei en kamen te Perge yn Pamfilië; mar Johannes gong by har wei en sette wer ôf nei Jeruzalem.
14De oaren teagen fan Perge ôf fierder en kamen te Antiochië yn Pisidië; dêr gongen se de sabbats nei de synagoge en sochten plak. 15Nei it lêzen fan wet en profeten stjoerde it synagogebestjoer ien nei harren ta mei it boadskip: Mannen, bruorren, as jimme in bemoedigjend wurd foar de minsken hawwe, sprek dan. 16Paulus kaam oerein, joech in teken mei de hân en sei: Mannen fan Israel en jimme dy’t God ferhearlikje, harkje. 17De God fan dit folk Israel hat ús foarâlden útkard, en Hy hat it folk grut makke, doe’t it as frjemdling yn Egypte wenne, en Hy hat it dêr weihelle mei syn machtige hân. 18Hy hat fjirtich jier lang har oanslaggen ferdroegen yn ’e woestyn, 19Hy hat sân folken yn Kanaän útroege en harren doe it lân as erflik besit jûn, 20dat duorre sa’n fjouwerhûndert-en-fyftich jier. En dêrnei joech Er harren rjochters, oan ’e profeet Samuël ta. 21Fan dy tiid ôf woenen se in kening hawwe, en doe joech God harren Saul, de soan fan Kisj, in man út ’e stam Benjamin, dy’t fjirtich jier regearre. 22Doe’t Er dy ôfset hie, makke Er David ta har kening, dêr’t Er ek fan ferklearre hat: Ik haw David, de soan fan Jesse fûn, in man nei myn hert, dy’t alles dwaan sil wat Ik wol. 23Ut dy syn neiteam hat God, lykas Er tasein hie, Jezus oan Israel as Ferlosser jûn. 24Al foar syn komst hie Johannes it folk Israel oproppen om har te bekearen en har dope te litten. 25Oan ’e ein fan syn libbensrin sei Johannes: Dêr’t jimme my foar oansjogge, dat bin ik net; mar tink derom, nei my komt Ien, dêr’t ik net goed genôch foar bin om Him de sandalen fan ’e fuotten te dwaan.
26Mannen, bruorren, jimme dy’t fan Abraham ôfstamje, en alle oaren ûnder jimme, dy’t God ferearje, ús is dit ferlossende wurd brocht. 27Mar de ynwenners fan Jeruzalem en har foarmannen hawwe net ynsjoen dat Hy it wie, en de útspraken fan ’e profeten, dêr’t alle sabbatten út lêzen wurdt, net ferstien, en dochs hawwe se dy neikomme litten troch Him te feroardieljen. 28Al koenen se gjin inkelde rjochtsgrûn foar de deastraf fine, dochs hawwe se Pilatus der op ferge him om hals te bringen. 29Doe’t se alles folbrocht hienen wat der fan Him beskreaun stiet, hellen se Him fan it krúshout ôf en leinen Him yn in grêf. 30Mar God hat Him út ’e dea ferrize litten. 31Dagenlang is Er ferskynd oan ’e lju dy’t mei Him út Galiléa nei Jeruzalem reizge wienen; dy binne no getugen fan Him by it folk. 32Sa sizze wy jimme dit bliid boadskip oan: Wat God oan ús foarâlden tasein hat, is Er oan ús as har bern neikommen; 33Hy hat Jezus út ’e dea ferrize litten, lykas ek yn de twadde psalm beskreaun stiet:
Do bist myn Soan, hjoed haw Ik dy yn it libben roppen.
34En dat Er Him út ’e dea ferrize litte soe, om net ta de fergonklikheid werom te kommen, dêrfan hat Er sa sprutsen:
Ik sil myn fêste godlike besluten oer David oan jimme wiermeitsje.
35Dêrom seit Er ek noch op in oar plak:
Jo sille net tastean dat jo hillige de fergonklikheid ûndergiet.
36David hat ommers wol yn syn tiid in tsjinstfeint fan Gods plan west, mar doe is er stoarn en by syn famylje begroeven; hy hat dus sels de fergonklikheid wol ûndergien. 37Mar Dy’t God ferrize litten hat, Dy hat de fergonklikheid net ûndergien. 38Dit moatte jimme witte, mannen, bruorren: jimme wurdt oansein dat jimme troch Him ferjouwing fan jimme sûnden krije kinne; fan alles dêr’t jimme troch de wet fan Mozes net fan frijsprutsen wurde koenen, 39kin elk dy’t leaut, troch Him frijspraak krije. 40Pas dan mar op, dat jimme net oerkomt wat yn ’e boeken fan ’e profeten sein is:
41Tink derom, jimme ferachters;
besau jimme, ja wurd wei,
want by jimme libben sil Ik wat folbringe,
in ding dat jimme noait leauwe soenen as it jimme ferteld waard.
42Doe’t se nei bûten gongen, stienen de lju derop oan, dat dyselde saken de oare sabbats wer mei harren besprutsen wurde soenen. 43Nei it útgean fan ’e synagoge rûnen ferskate Joaden en ferearders fan God dy’t ta it Joadendom oergien wienen, mei Paulus en Barnabas op, dy’t harren yn in taspraak oantrunen om oan Gods genede fêst te hâlden.
44De oare sabbats kaam omtrint de hiele stêd byinoar om Gods wurd te hearren. 45Doe’t lykwols de Joaden al dat folk seagen, waarden se troch alles hinne oergeunstich; se bestrieden wat Paulus sei mei lastertaal. 46Mar Paulus en Barnabas seinen rûnút: Oan jimme moast it wurd fan God earst brocht wurde; mar no ’t jimme der neat fan witte wolle en jimsels te min achtsje foar it ivige libben, no keare wy ús nei de oare folken. 47Want sa hat de Hear it ús oplein; Ik haw dy oansteld as in ljocht foar de folken, om in behâld te wêzen foar de hiele wrâld.
48De heidenen wienen bliid dat se dat hearden, en prizen it wurd fan ’e Hear; en allegearre dy’t ornearre wienen foar it ivige libben, kamen ta it leauwen, 49en it wurd fan ’e Hear rûn as diggelfjoer troch de hiele kontrei. 50Mar de Joaden stokelen de foarname froulju op dy’t God ferearen en de mannen mei ynfloed yn ’e stêd; se brochten in ferfolging tsjin Paulus en Barnabas oan ’e gong, en ferjagen harren út har gerjochtichheid. 51Doe skodden dy it stof fan ’e fuotten tsjin harren ôf en gongen nei Ikonium, 52en de kristenen waarden fol fan blydskip en fan de hillige Geast.