Petrus jout rekkenskip fan syn omgong mei net-Joaden
1De apostels en de Kristenen dy’t rûnom yn Judéa wennen, hearden der fan, dat no ek de heidenfolken it wurd fan God oannommen hienen.
2Doe’t Petrus yn Jeruzalem kaam, namen de Joadske Kristenen him dêroer geweken. 3Se seinen: Jo binnen by net-Joaden yn ’e hûs gien en hawwe mei harren iten. 4Doe lei Petrus harren alles fan begjin oant ein út. Hy sei: 5Ik wie yn ’e stêd Joppe; ik wie oan it bidden, doe rekke ik bûten mysels en seach in fizioen; der kaam in ding nei ûnderen, dat like op in grut lekken dat se oan ’e fjouwer tippen út ’e himel wei sakje lieten, en it kaam deun oan my ta; 6ik seach der mei alle ferstân nei, en doe seach ik de fjouwerfuottige dieren fan ’e ierde, de wylde en de krûpende dieren en de fûgels út ’e loft deryn. 7En ik hearde in stim dy’t tsjin my sei: Kom, Petrus, slachtsje en yt mar. 8Ik sei: Ut-noch-yn net, Hear, want ik haw noch noait wat ûnreins of ûnhillichs yn ’e mûle hân. 9Mar de stim út ’e himel klonk foar de twadde kear en antwurde: Wat God rein ferklearre hat, meisto net ûnhillich neame. 10Dat barde trije kear achter inoar, en doe waard alles wer omheechlutsen nei de himel ta. 11En tink ris oan: op itselde stuit kamen der trije manlju by it hûs dêr’t wy yn tahâlden: dy wienen út Cesaréa nei my tastjoerd. 12De Geast sei tsjin my, dat ik gjin ûnderskie meitsje en mei harren gean moast. Dizze seis bruorren gongen mei my, en sa kamen wy by dy man yn ’e hûs. 13Hy fertelde ús hoe’t er in ingel by him yn ’e hûs stean sjoen hie, dy’t tsjin him sei: Stjoer boadskip nei Joppe en lit Simon by dy komme, dy’t ek wol Petrus neamd wurdt. 14Dy sil dij dingen fertelle, dêrsto mei dyn hiele húshâlding it behâld yn fine silst. 15Ik wie noch mar krekt begûn te praten, doe foel de hillige Geast al op harren, lykas yn it begjin ek op ús. 16Doe skeat my it wurd fan ’e Hear yn it sin, dat Er sein hie: Johannes hat wol mei wetter doopt, mar jimme sille mei hillige Geast doopt wurde. 17As God oan harren no deselde jefte jûn hat as oan ús, doe’t wy ta it leauwen yn ’e Hear Jezus Kristus kamen, wa soe ik dan net wêze moatte om God dêrfan ôfhâlde te kinnen? 18Doe’t se dat hearden, joegen se har der by del, ja se ferhearliken God en seinen: Dus dan hat God ek oan heidenen troch bekearing it libben jûn.
Antiochië, de earste ‘heiden’-gemeente
19De minsken dy’t fersille rekke wienen fanwegen de ferfolging dy’t der om Stefanus kommen wie, reizgen rûnom hinne oan Fenicië, Cyprus en Antiochië ta. Se brochten it wurd, mar inkeld en allinne oan Joaden.
20Dochs wienen der ek in mannich Cyprioaten en Cyreneeërs ûnder harren, dy gongen nei Antiochië en sprieken dêr ek de Griken oan mei it bliid boadskip fan ’e Heare Jezus. 21God sels stie harren by; gâns in keppel minsken kaam ta it leauwen en bekearde him ta de Hear.
22De gemeente yn Jeruzalem kaam te hearren wat der oer dy lju ferteld waard en doe stjoerden se Barnabas nei Antiochië. 23Doe’t dy dêr oankommen wie en de bewizen fan Gods genede sjoen hie, wied er dêr bliid om, en hy trune har allegearre oan om wolberet de Hear trou te bliuwen, 24want it wie in treflik man, fol fan ’e hillige Geast en fan it leauwen. En frijwat minsken waarden ta de Hear brocht. 25Doe reizge er ôf nei Tarsus om Saulus te sykjen; doe’t er him fûn hie, naam er him mei nei Antiochië. 26Dêr bleauwen se tegearre in jier lang by de gemeente en joegen oan gâns minsken ûnderwiis. Yn Antiochië waarden de learlingen foar ’t earst kristenen neamd.
Fan in hongersneed en in helpaksje
27Yn dy tiid kamen der profeten út Jeruzalem yn Antiochië. 28Ien fan harren, Agabus wie syn namme, foarsei troch de Geast, dat der in swiere hongersneed yn ’e hiele wrâld komme soe. Dy is der ek kommen ûnder Claudius. 29Doe praten se ôf, dat alle gemeenteleden, sa folle as elk barre mocht, wat stjoere soenen as stipe foar de bruorren dy’t yn Judéa wennen. 30Dat hawwe se ek dien: se hawwe it jild troch Barnabas en Saulus oan ’e âldsten takomme litten.