De soannen fan Rispa
1Yn Davids tiden wie it ris trije jier lang hongersneed, jier op jier, dat David frege rie oan de Heare. De Heare sei: Op Saul en syn hûs leit in bloedskuld, omdat er Gibeöniten deade hat. 2Doe liet de kening de Gibeöniten komme en prate mei har. De Gibeöniten wienen gjin Israeliten, mar se wienen in oerbliuwsel fan ’e Amoriten. Alhoewol’t de Israeliten har der in eed op dien hienen, hie Saul yn syn iver foar de Israeliten en de Judeeërs, besocht har om te bringen – 3David sei tsjin ’e Gibeöniten: Wat moat ik foar jim dwaan en wêr sil ik it wer goed mei meitsje, dat jimme it erfdiel fan ’e Heare wer segenje kinne?
4De Gibeöniten seinen tsjin him: Sulver en goud is it ús yn ’e saak fan Saul en syn hûs net om te rêden en om ien yn Israel te deadzjen, dat stiet net oan ús. Hy sei: Wat sizze jim dan dat ik dwaan moat? 5Hja seinen tsjin ’e kening: De man dy’t in ein oan ús meitsje woe en dy’t derop út wie om ús út te roegjen dat wy yn ’e hiele gerjochtichheid fan Israel net mear fuortbestean soenen, 6leverje ús fan dy syn soannen sân manlju út. Wy sille har dan foar de Heare ophingje yn Gibeä dêr’t Saul weikaam, de útkarde fan ’e Heare. De kening sei: Ik sil se útleverje. 7De kening sparre Mefibosjet lykwols, de soan fan Saul syn soan Jonatan, om ’e wille fan ’e eed by de Heare dy’t der tusken har, tusken David en Sauls soan Jonatan, bestie. 8Dat de kening naam de beide soannen, dy’t Rispa, de dochter fan Ajja, oan Saul skonken hie, te witten Armony en Mefibosjet en fiif soannen fan Sauls dochter Mearab, dy’t dy skonken hie oan Adriël, de soan fan Barzillai, de Mecholatyt. 9Hy joech har oer oan ’e Gibeöniten en dy hongen se op foar de Heare, op ’e berch. Sa stoaren dy sân tagelyk. Hja waarden deade yn ’e earste dagen fan ’e rispinge, it begjin fan ’e koarnrispinge.
10Doe naam Rispa, de dochter fan Ajja, in roukleed en lei dat foar har del op ’e rots. Hja wie dêr fan it begjin fan ’e rispinge oant it reinwetter út ’e loft wei op harren delspielde. Hja kearde deis de fûgels fan ’e loft by harren wei, en nachts de dieren fan it fjild.
11Doe’t David ferteld waard, wat Rispa, de dochter fan Ajja, de frou fan Saul, dien hie, 12gong er hinne en helle it oerskot fan Saul en syn soan Jonatan by de boargers fan Jabesj yn Gileäd wei. Dy hienen dat doe stikem fan it stedsplein te Bet-Sjeän weinommen, dêr’t de Filistinen har ophongen hienen, de deis dat de Filistinen Saul op ’e Gilboä ferslein hienen. 13Hy naam it oerskot fan Saul en syn soan Jonatan dêrwei mei en ek fersammelen se it oerskot fan dy’t ophongen wienen. 14Dy begroeven se mei it oerskot fan Saul en syn soan Jonatan yn it lân fan Benjamin, yn in sydkeamer fan it grêf fan syn heit Kisj. Hja dienen alles sa’t de kening hjitten hie. Dêrnei ûntferme God Him wer oer it lân.
Fjouwer wapenfeiten tsjin ’e Filistinen
15Der wie wer ris in slach tusken de Filistinen en Israel. David wie, mei syn mannen by him, delkommen. Hja strieden mei de Filistinen en David rekke der ynein fan. 16Jisjby-Benob, ien fan ’e soannen fan Rafa, hie in spearpunt mei in gewicht fan trijehûndert sikkel oan brûns en hy hie in nij (swurd) om ’e mul. Dy sei, hy soe David ferslaan. 17Mar Abisjai, de soan fan Serûja, kaam David te help en rekke de Filistyn dat er it bestoar. Doe beswarden Davids mannen him en seinen: Jo moatte tenei net mear mei ús de striid yngean. Oars soenen jo de lampe fan Israel útdwêste kinne.
18It wie dêrnei dat der wer ris in slach wie mei de Filistinen, te Gob. Sibbekai de Chûsatyt, fersloech doe Saf, ek ien fan Rafa’s bern.
19Op ’e nij wie der in slach mei de Filistinen te Gob en Elchanan, de soan fan ’e Betlehemmer Jaare, fersloech (Lachmy, de broer fan) Goliat, de Gattyt. Syn spear hie in stâle sa grou as in weverspeal.
20Nochris wer kaam it ta in slach te Gob. Dêr wie in tige lange man, dy’t sels fingers oan ’e hannen en sels teannen oan ’e fuotten hie, fjouwerentweintich mei-inoar. Ek dy wie ien fan ’e soannen fan Rafa. 21Hy dage Israel út, mar Jonatan, de soan fan Davids broer Sjimai, fersloech him.
22Dy fjouwer stammen ôf fan Rafa en hja foelen troch de hân fan David en syn mannen.