1Nei’t de Heare him rêden hie út ’e macht fan al syn fijannen en fan Saul, song David in liet foar de Heare mei dizze wurden:
2Heare, myn rots, myn berchfêsting, ferlosser fan my,
God is myn rots; ik sykje myn taflecht by Him.
3Myn skyld, myn sterke befrijing, myn hege stins,
út geweld wei ferlosse Jo my.
4Oan Him dy’t te loovjen is, de Heare, haw ik roppen
en ik bin fan myn fijannen ferlost.
5Ja, deadlike weagen foelen oer my hinne,
floeden fan ferdjer kamen my oer ’t mad,
6strûpen fan it deaderyk hie ik om my hinne,
strikken fan ’e dea hâlden my fêst.
7Doe’t it my oanfleach, rôp ik oan de Heare,
oan myn God rôp ik.
Hy hearde út ’e timpel myn stim.
Myn helpgerop berikte syn earen.
8Doe skokte en skodde de ierde,
de grûnfêsten fan ’e himel beven.
Dy skokten want Hy waard lilk.
9Omheech fleach Him reek út ’e noas,
frettend fjoer ta syn mûle út,
gleone stikken stoden baarnend by Him wei.
10De himel twong Er del, dat dy omleech kaam,
tsjustere wolken ûnder syn fuotten.
11Hy klom op in kearûb-ingel en fleach,
Hy saaide op ’e wjukken fan ’e wyn.
12Tsjusternis sette Er as in tinte om Him hinne,
in skerm wie it fan dûnkere wolken.
13De glâns foar Him út
sette koalen fjoer yn ’e brân.
14De Heare liet it út ’e himel wei tongerje
de Heechste joech (dêrwei) syn lûd.
15Hy skeat pylken ôf en fersille har,
wjerljocht en ferbjustere har.
16De djipten fan ’e see kamen foar it ljocht,
de grûnfêsten fan ’e ierde leinen bleat
fanwegen it driigjen fan de Heare,
fan it ferwoedene blazen út syn noas.
17Hy rikte fan boppen del en griep my,
Hy skuorde my út ’e wetterfloed.
18Hy ferloste my fan myn sterke fijân,
fan haters, dy’t my oermânsk wienen.
19Hja sieten my dwers op myn ûnheilsdei,
mar de Heare waard myn stipe.
20Hy fierde mij frij yn ’e romte,
Hy rêde my út, om’t Er my tagedien wie.
21De Heare leanne my neffens myn frommens,
neffens myn skjinne hannen fergoede Er my,
22want ik hâlde my oan ’e wegen fan de Heare,
ik wie net yn goddeleazens fan myn God ferfrjemde.
23Al syn rjochtsregels hâlde ik ommers foar eagen
en syn foarskriften wykte ik net fan ôf.
24Ik wie oprjocht foar Him
en paste wol op foar de sûnde.
25De Heare fergoedet my neffens myn frommens,
neffens myn ûnskuld foar syn eagen.
26Foar de trouwe binne Jo trou,
foar de oprjochte keardel binne Jo oprjocht,
27by de reine hâlde Jo Jo rein,
foar de falske lykwols binne Jo ûnberekkenber.
28It folk yn ellinde rêde Jo,
mar jo eagen binne tsjin ’e heechmoedigen;
Jo fernederje har.
29Jo ommers, Heare, binne myn lampe.
De Heare ferljochtet myn tsjuster.
30Mei Jo ommers berin ik in binde,
mei myn God bespring ik in skâns.
31Dizze God syn wei is folslein,
it wurd fan ’e Heare is suver,
in skyld is Hy foar dy’t by Him skûlje.
32Want wa is God, behalven de Heare, en wa is in rots?
33Dizze God is myn sterke taflecht.
Hy sljochtet my it paad,
34Hy makket my sa fluch as in hart,
en hâlde my oerein op myn hichten.
35Myn hannen learde Er de kriich,
dat myn earmen de koperen bôge spanne koenen.
36Jo joegen my jo heil as in skyld.
Dat Jo my ferhearden, makke my grut.
37Jo joegen my romte om te gean,
myn ankels swikten net.
38Ik ferfolge myn fijannen en ferdylge har,
ik kearde net om, ear’t ik se ferdien hie.
39Ik ferdie, ik ferplettere har en se kamen net wer oerein.
Hja foelen ûnder myn fuotten.
40Jo gurden my mei krêft ta de kriich.
Dy’t tsjin my opstienen, ûnderwurpen Jo oan my.
41Jo jagen myn fijannen op ’e flecht
en myn haters – ik roege se út.
42Hja rôpen om help – mar gjin helper;
om de Heare – mar Hy antwurde har net.
43Ik ferpolvere har as moude op ’e grûn,
as slyk op ’e strjitten fergriemde ik se, ik tewâde har.
44Jo rêden my út ’e reboelje fan myn folk,
Jo hawwe my bewarre foar it gif fan ’e folken.
In naasje dy’t ik net koe, waard my tsjinstber.
45Frjemden hawwe har oan my ûnderwurpen,
amper hienen se fan my heard, of hja harken nei my.
46Frjemden beloeken alhiel
en kamen bang út har stinzen.
47Heil de Heare! Hulde oan myn Rots!
Heech (ús) God, de rots fan myn rêding!
48Dy God jout my wrake,
Hy ûnderwerpt naasjes oan my.
49Hy lit my oan myn fijannen ûntkomme.
Jo tille my boppe myn tsjinstanners út,
Jo rêde my fan ’e man fan grut geweld.
50Dêrom loovje ik Jo, o Heare, mids de folken,
en foar jo namme sjong ik psalmen,
51dy’t grut makket de útrêding fan syn kening
en geunst ferlient oan syn salvling,
oan David en syn neigeslacht, foar altyd.