Opstân fan Sjeba
1No trof it sa, dat dêr in dogeneat wie. Hy hiet Sjeba, soan fan Bikry, in Benjaminyt. Dy blies op ’e rammehoarn en sei:
Wy hawwe neat mear mei David út te stean,
neat mear te ferwachtsjen fan Isai’s soan.
Elk nei syn honk, Israel!
2Doe rûnen alle Israeliten achter David wei, Sjeba, de soan fan Bikry, achternei. Mar de mannen fan Juda hâlden har by har kening, fan ’e Jordaan ôf oan Jeruzalem ta.
David en de tsien byfroulju
3Doe’t de kening yn syn hûs te Jeruzalem oankommen wie, naam er de tsien byfroulju dy’t er achterlitten hie te húswarjen, en sette har yn in hûs apart. Hy ûnderhâlde har, mar hie gjin omgong mear mei har. Hja bleauwen opsletten oant ’e dei fan har dea ta as ûnbestoarne widdowen.
Mobilisaasje tsjin Sjeba
4De kening sei tsjin Amasa: Rop my de manlju fan Juda op. Trije dagen, en dan moatte jo hjir stean! 5Dat Amasa gong fuort om Juda op te roppen. Hy bleau lykwols langer wei as de tiid dy’t David him steld hie. 6Doe sei David tsjin Abisjai: No kin Sjeba, de soan fan Bikry, noch wolris gefaarliker foar ús wurde as Absalom. Nimme jo de tsjinstfeinten fan jo hear en jei him achternei. Oars soed er fersterke stêden fine kinne en foar ús eagen weiwurde. 7Dêrop stieken se ôf, him achternei, de mannen fan Joäb, de Keretiten en de Peletiten en alle helden. Hja gongen Jeruzalem út om achter Sjeba, de soan fan Bikry, oan te jeien.
Joäb fermoardet Amasa
8Doe’t hja by de grutte stien te Gibeön wienen, troffen se Amasa dêr oan. No hie Joäb syn wapenrok opbûn. Syn mantel, dêr hied er in mulriem oerhinne, en dêr wie op ’e heup in swurd oan fêstmakke yn in skie, sa, dat it der by it rinnen maklik út woe. 9Joäb sei tsjin Amasa: Is it goed mei dy, myn broer? En mei syn rjochterhân pakte Joäb Amasa by it burd beet om him in tút te jaan. 10Amasa hâlde it swurd net yn ’e gaten dat Joäb yn ’e hân hie en dy stiek him dêrmei yn it ûnderliif, dat syn yngewant oer de grûn rûn en sûnder dat er nochris hoegde te stekken, stoar Amasa. Mar Joäb jage mei syn broer Abisjai achter Sjeba, de soan fan Bikry, oan.
11Ien fan Joäbs feinten gong by Amasa stean en sei: Wa hâldt it mei Joäb en heart by David? Dan achter Joäb oan! 12No lei Amasa midden op ’e wei en hie himsels yn it bloed berôle. En doe’t de man seach, dat se allegearre stean bleauwen, sleepte er Amasa fan ’e wei ôf it fjild yn en smiet dêr in stik klean oer hinne, omdat alleman dy’t dêr kaam, stean bleau om nei him te sjen. 13Sadree’t er him fan ’e wei ôfhelle hie, gongen se allegearre fierder achter Joäb oan om Sjeba, de soan fan Bikry, achternei te jeien. 14Dy wie troch alle stammen fan Israel hinne gien nei Abel-Bet-Maäka mei alle Bikriten. Dy hienen har fersammele en wienen him ek folge.
Ein fan ’e opstân fan Sjeba
15Doe’t se dêr wienen, belegeren se him yn Abel-Bet-Maäka. Hja smieten in wâl tsjin ’e stêd op, dy’t by de foarmuorre opstie. En alle folk by Joäb raamde tsjin ’e muorren oan om dy del te smiten.
16Doe rôp in wize frou út ’e stêd wei: Harkje ris! Harkje ris! Sis tsjin Joäb: Kom hjir ris wat tichterby, dan wol ik mei jo prate. 17Doe’t er tichtby kommen wie, sei de frou: Binne jo Joäb? Hy sei: Dat bin ik. Hja sei tsjin him: Harkje nei de wurden fan jo tsjinstfaam. Hy sei: Ik harkje al. 18Hja sei: Fan âlds plichten se te sizzen: Freegje it foaral yn Abel. En dan kaam it yn oarder. 19Ik hear by de freedsumen, de trouwen yn Israel, mar jo binne derop út om in stêd te fermoardzjen en dan noch wol in stêd dy’t in mem yn Israel is. Wêrom wolle jo it erfdiel fan ’e Heare ferdylgje? 20Mar Joäb antwurde: Gjin sprake fan! Ik haw gjin ferdylgjen of fernielen yn it sin. 21Sa leit de saak net. Mar in man út it berchlân fan Efraïm, Sjeba hjit er, de soan fan Bikry, hat it tsjin ’e kening, tsjin David, yn ’e kant set. Leverje him allinne út, dan gean ik wer by de stêd wei. De frou sei tsjin Joäb: Goed, syn holle wurdt jo oer de muorre hinne tasmiten. 22De frou wist mei har wize wurden alle minsken safier te krijen, dat se Sjeba, de soan fan Bikry, de holle ôfsloegen en dy nei Joäb tasmieten. Doe blies er op ’e rammehoarn en hja gongen útinoar, by de stêd wei, in elk nei syn eigen tinten. Mar Joäb gong werom nei de kening te Jeruzalem.
23Joäb stie oer it hiele leger fan Israel. Benaja, de soan fan Jojada oer de Keretiten en de Peletiten. 24Adoaram gong oer de hearetsjinsten, Josjafat, de soan fan Achilûd, wie kânselier, 25Sjeja griffier en Sadok en Abjatar prysters. 26Ek Ira, de Jaïryt, wie pryster by David.