Kening Antíochus Epifanes syn útein
1Om dyselde tiid kaam Antíochus mei syn leger yn dusoarder werom út de Perzyske kontreien. 2Hy wie yn ’e stêd Persépolis slagge en hie fan doel west de timpel leech te heljen en de stêd hielendal yn hannen te krijen, mar it folk wie yn opstân kommen en hie him tebek slein. Antíochus wie fuortjage troch de befolking en moast slûksturtsjend werom. 3Doe’t er tichteby Ekbátana wie, hearde er wat Nikánor en de mannen fan Timóteüs oerkommen wie. 4Hy waard poer en krige it yn ’e holle om de skande fan syn flecht op ’e Joaden te ferheljen. Dêrom joech er de menner oarder om oan ien stik troch te jeien oan it eindoel ta. Mar de straf fan de himel reizge mei. Sa gau’t ik der bin, hie er yn syn oerdwealskens sein, meitsje ik fan Jeruzalem ien grut Joadegrêf. 5Mar de Hear, dy’t alles sjocht, de God fan Israel, sloech him mei in mankemint dat net te sjen, mar ûngeneeslik wie. Hy hie dy wurden noch mar kwalik sein, of hy krige in ûndraachlike pine yn ’t liif, mei slimme stekken yn ’e yngewanden. 6Dat kaam de rjochte oer, want hoefolle oaren hied er sels net ynwindich knoeid mei har ôfgryslik te folterjen.
7Hy tocht der lykwols net oer yn te binen. Hy sette it krop noch heger, spuide fjoer en flam tsjin de Joaden en joech syn menner befel om noch hurder te riden. Mar doe’t de wein fierder stode, slingere hy der mei in smak ôf en kaam sa ûngelokkich telâne, dat de lea wie him oeral stikken. 8Dizze man mei syn ynbylding dat er mear as in minske wie, tocht krektlyn noch, dat er de baren fan ’e see betwinge en hege bergen op ’e skealjes wage koe; en no lei er tsjin ’e grûn en waard op in berje fuortdroegen. Sa liet syn lot foar alleman Gods macht dúdlik útkomme. 9Ja, der kamen him ek noch allegear wjirms út ’e eagen en wylst er noch hime fan pine en smert rotte it fleis him al by syn libben fan it lichem ôf. It hiele leger kearde it hert yn ’t liif om fan ’e stank dy’t it ôfjoech. 10De man dy’t niis noch miend hie, dat er de stjerren fan ’e himel wol rikke koe, dy koe no troch gjinien fuortbrocht wurde, omdat de stank net út te hâlden wie. 11Hielendal te lider slein, begûn er no syn healwize grutskens fan him ôf te setten. Oan ien stik wei ferlegen fan pine kaam er ta it ynsjoch, dat it Gods swipe wie, dy’t him sa trof. 12En om’t er sels de stank ek net mear ferneare koe, sei er: Men heart jin ûnder Gods macht del te jaan en men moat as minske net it boppeminsklike wolle. 13Doe bidde de dogeneat ta God, dy’t wier gjin meilijen mear mei him hawwe soe, en hy beloofde, 14dat er fan de hillige stêd, dêr’t er earder sa hastich hinne soe om dy lyk mei de grûn te meitsjen as ien grut Joadegrêf, no in frije stêd meitsje woe, 15dat er de Joaden, dy’t neffens him gjin begraffenis fertsjinnen en allinne wurdich wienen, dat se mei har bern as fretten foar de rooffûgels en wylde beesten smiten waarden, allegearre deselde rjochten jaan woe as de Atheners, 16dat er de hillige timpel, dy’t er earder leech stellen hie, mei de prachtichste geskinken fersiere woe; dat er al it hillige guod dûbeld en dwers weromjaan woe en de kosten fan ’e offers út eigen bûse betelje. 17En dan woed er sels ek noch Joad wurde en oeral hinne gean, dêr’t mar minsken wennen, om Gods macht bekend te meitsjen.
18De pinen saksearren lykwols hielendal net, om’t Gods rjochtfeardich fonnis al oer him fallen wie. Hy liet alle hope farre en skreau de Joaden as in soarte fan smeekskrift de brief dy’t hjirûnder stiet:
19‘De eale Joadske boargers winsket kening en legerkommandant Antíochus it bêste ta: sûnens en wolwêzen. 20As it goed is mei jimme en jim bern en as de saken jim nei ’t sin geane, dan bin ik dêr, fol fertrouwen op ’e himel, God tige tankber foar. 21Ik lis siik op bêd en tink allegeduerigen mei grutte leafde werom oan jimme earbewizen en freonlikens. Op myn weromreis út ’e Perzyske kontreien bin ik slim siik wurden.
Dêrom tinkt my, dat ik soargje moat foar de feilichheid fan allegearre. 22Ik jou it noch net op, nee, ik haw goede hoop troch de sykte hinne te kommen, 23mar ik haw yn my omgean litten, dat ús heit ek in opfolger oanwiisde, as er nei de boppelannen teach. 24As him dan ris wat ûnferwachts foardwaan soe of as der boadskippen oer swierrichheden kamen, dan wisten de minsken yn it hiele lân, oan wa’t it bestjoer oerdroegen wie, en hoegden se har net ûngerêst te meitsjen. 25Omdat ik fierder klear foar ’t ferstân haw, dat de machthawwers tichteby en om ús ryk hinne nei in kâns útsjogge en ôfwachtsje hoe’t it mei my komme sil, haw ik myn soan Antíochus as kening oanwiisd. As ik nei de noardlike kontreien gong, haw ik de measten fan jimme noch alris frege om foar him te soargjen en him yn ’e geunst te nimmen. Wat ik him skreaun haw, doch ik hjir in ôfskrift fan by. 26Dêrom bid en smeek ik jimme, dat jim myn woldieden yndachtich wêze wolle, dy foar it algemien en dy foar elk fan jim apart, en dat elkenien fan jim my en myn soan like tagedien bliuwe sil as oant no ta. 27Ik bin der wis fan, dat er myn winsken folgje sil en skaplik en minsklik mei jim omgean.’
28Sa is dy moardner en godslasterer dan oan syn ein kommen, nei’t er it slimste lijen dat er oaren oandien hie, sels ûndergean moast; hy stoar yn ’e frjemdte, midden yn it berchlân, in jammerlike dea. 29Filippus, syn maat fan jongs ôf oan, naam it lyk mei. Mar, omdat hy it net op ’e soan fan Antíochus stean hie, naam er de wyk nei Egypte, nei Ptoleméus Filomètor.