It ferset fan Judas de Makkabeeër tsjin de Grykske libbensstyl
1Judas, dy’t ek de Makkabeeër neamd wurdt, en syn maten reizgen temûk de doarpen bylâns; dêr rôpen se de manlju út har famylje op om mei te kommen en namen boppedat elkenien oan, dy’t it Joadendom trou bleaun wie. Sa brochten se tsjin de 6.000 man byinoar. 2Se smeekten de Hear, oft Er dochs goedgeunstich delsjen woe op it folk dat fan alle kanten fertrape waard, Him ûntfermje oer de timpel, dy’t de goddeleazen besmodzen, en 3meilijen hawwe woe mei de stêd dy’t ferlern gean soe en aansens mei de grûn lyk makke wurde. Se smeekten Him om dochs te hearren nei it bloed dat in berop op Him die om wraak te nimmen 4en it misdiedich fermoardzjen fan ûnskuldige bern en de lasterings tsjin syn namme net te ferjitten, mar it kwea te straffen. 5Judas krige in knap leger byinoar en wie de heidens no oermânsk. Gods grime wie omslein yn barmhertichheid. 6Unferwachts foel er stêden en doarpen oan en sette de brân deryn. Hy krige gaadlike punten yn hannen en jage net sa’n bytsje fijannen op ’e flecht. 7Hy naam graach de nacht te baat foar sokke oanfallen. De rop fan syn moed gong it hiele lân oer.
Nikánor ferslein
8Doe’t Filippus ynseach, dat Judas iderkear fierder kaam en dat er it gelok hoe langer hoe faker mei hie, skreau er Ptoleméus, de steedhâlder fan Coelesyrië en Fenisië en frege dy om help foar de saak fan de kening. 9Ptoleméus wiisde der fuortdaliks Nikánor foar oan, de soan fan Patroklos, ien fan ’e fernaamste freonen fan ’e kening en stjoerde dy op slach mei net minder as 20.000 man út allerhande stammen om it hiele folk fan Judéa út te roegjen. As help joech er Gorgias mei, in legerkommandant mei gâns ûnderfining op it stik fan oarlogjen. 10Nikánor rekkene derop, dat er de skatting fan 2.000 talinten, dy’t de kening de Romeinen skuldich wie, ôfbetelje koe mei de Joadske kriichsgefangenen te ferkeapjen. 11Dêrom stjoerde er dan ek daliks boaden nei de kuststêden en bea harren Joadske slaven te keap oan. Hy naam op him dy te leverjen tsjin ien talint de njoggentich en hie gjin aan fan ’e straf dy’t him fan ’e kant fan de Almachtige te wachtsjen stie.
12Judas kaam it nijs fan Nikánor syn fjildtocht ek te witten. Doe’t er syn mannen fertelde, dat it leger fan ’e fijân op kommende wei wie, 13naaiden de mismoedigen, dy’t gjin betrouwen hienen yn Gods gerjochtichheid, derút en namen de wyk. 14De oaren ferkochten alles wat se oer hienen, en smeekten de Hear, oft Er harren rêde woe út ’e hannen fan de goddeleaze Nikánor, dy’t harren foar de slach al ferkocht hie. 15En as de Hear it om harren sels net dwaan woe, dan hopen se dat Er harren dochs helpe soe fanwegen it ferbûn mei har foarâlden en syn hillige en hege namme, dy’t se meikrige hienen. 16De Makkabeeër brocht syn 6.000 man byinoar. Hy fitere harren oan en sei, se hoefden net bang te wêzen foar de fijannen, net yn noed te sitten oer dy grutte mannichte fan heidens, dy’t harren ommers oanfoelen tsjin alle rjocht yn. Se moasten manmoedich stride 17en harsels foarhâlde, hoe’n smaad de heidens tsjin alle rjocht yn oer it hillige stee brocht hienen, hoe ferskriklik dy húshâlden hienen yn ’e stêd en benammen, hoe’t se de Joaden twongen de libbenswize fan har foarâlden op te jaan. 18Us fijannen, sei er, fertrouwe op wapens en dryste dieden, mar wy stelle ús betrouwen op de almachtige God, dy’t mei ien wink ús folk en ek de hiele wrâld delslaan kin. 19Doe neamde er harren de gefallen op, dat God har foarâlden holpen hie, hoe’t ûnder Sanherib 185.000 man omkommen wienen, 20en ek hoe’t se yn ’e slach tsjin de Galatiërs yn Babyloanië, dêr’t se mar mei achttûzen man meifochten – de 4.000 Masedoaniërs, dy’t by har wienen, koenen al neat mear – mei 6.000 man troch de help fan de himel de 120.000 fijannen ferslein hienen en gâns bút meinommen. 21Mei’t er harren sa oantreaste hie en reemakke om foar de wetten en it heitelân te stjerren, ferdielde er syn leger yn fjouweren. 22Hy joech oer trije dielen ien fan syn bruorren it kommando, Simon, Joazef en Jonatan. Elk hie 1.500 man ûnder him. 23Sels naam er it kommando oer it earste fjirdepart. Earst liet er Elazar út it hillige boek foarlêze en doe joech er de striidrop ‘God helpt’ en pakte Nikánor oan. 24De Almachtige joech syn help en sa brochten se oer de 9.000 fijannen om hals. It grutste part fan Nikánor syn mannen rekke ferwûne en krige mankeminten en it hiele leger waard útinoar jage. 25It jild fan ’e mannen dy’t kommen wienen om harren te keapjen, krigen se no sels yn hannen. Se setten de fijannen noch in moai ein achternei, mar doe moasten se dermei ophâlde, want se hienen it net langer oan tiid. 26It wie de deis foar de sabbat en dêrom koenen se der net fierder achteroan.
27Se brochten de wapens fan ’e fijannen byinoar en namen mei, wat dy op en oan har hienen. Doe hâlden se sabbat. Se prizen en ferhearliken de Hear noch folle mear as oars, omdat Hy harren dy deis bewarre en harren in earste teken fan syn barmhertichheid jûn hie. 28Nei de sabbat joegen se in part fan ’e bút oan de mannen dy’t der min oan ta wienen, oan de widdowen en de wezen. It oare ferparten se ûnderinoar en ûnder har bern. 29Doe’t se dêr klear mei wienen, bidden se mei-inoar, dat de barmhertige Hear wer hielendal goed mei syn tsjinners wêze woe.
Timóteüs en Bakchides ferslein
30Doe’t se it opnamen tsjin ’e troepen fan Timóteüs en Bakchides, sloegen se dêr oer de 20.000 man fan dea en krigen in stikmannich fan har berchforten stevich yn hannen. De geweldige bút ferdielden se earlik yn twaën. De earste heite ferparten se ûnderinoar en de oare ûnder dy’t der min oan ta wienen, en ûnder de widdowen en wezen. De âlde minsken waarden ek net fergetten. 31De wapens fan ’e fijannen sochten se flitich byinoar en brochten dy op plakken dêr’t se fan pas kamen. Wat der fierder noch oan bút wie, brochten se nei Jeruzalem. 32De kommandant fan Timóteüs syn liifwacht sloegen se dea. It wie in tige minnenien, dy’t de Joaden slim pleage hie. 33Doe’t se it feest fan ’e oerwinning fierden, ferbaarnden se de mannen dy’t de hillige poarten yn ’e brân stutsen hienen; dêr wie Kallistenes ek by. Dy hie him ferskûle yn ien fan de gewoane huzen, mar hy krige no syn trekken thús foar syn goddeleazens.
34Sa wie de trijedûbele skurk Nikánor, de man dy’t de tûzen keaplju komme litten hie om de Joaden te keapjen, 35mei help fan de Hear lytsman makke troch de lju dy’t by him net yn tel wienen. Hy die syn pronk út en as in fuortrûne slaaf besocht er te ûntkommen oer binnenpaden. Hy mocht bliid wêze, dat it him nei de ûndergong fan syn leger noch slagge om yn Antiochië te kommen. 36Dat wie no de man dy’t de Romeinen tasein hie, dat se de oarlochsskatting krije soenen út ’e opbringst fan ’e kriichsgefangenen yn Jeruzalem. Oan him koe de hiele wrâld sjen, dat de Joaden in helper hienen en dan ek net te ferslaan wienen, om’t se har trou hâlden oan de wetten dy’t Hy har jûn hie.