De suvering fan de timpel
1De Makkabeeër en syn mannen krigen ûnder lieding fan de Hear de stêd en de timpel wer yn hannen. 2Se brieken de alters ôf, dy’t de heidens op ’e merk boud hienen, en ferrinnewearren har hillige romten. 3Nei’t se de timpel suvere hienen, bouden se in nij offeralter. Se makken stiennen gleon, sloegen dêr fjoer út en brochten doe foar ’t earst nei twa jier wer offers. Se soargen ek foar wijreek en lampen en toanbreaën. 4Doe’t se dêr klear mei wienen, lieten se har foaroerfalle en smeekten de Hear, dat Er harren noait wer ta sokke rampen ferfalle litte woe; en mochten se wer ris sûndigje, dat Er harren dan sels genedich straffe woe en net wer oerleverje oan godslasterlike en barbaarske heidens. 5De suvering fan de timpel foel krekt op deselde dei as dat dy troch de heidens ûnthillige wie, op ’e fiifentweintichste fan deselde Kislewmoanne. 6Mei grutte blydskip fierden se acht dagen lang feest en krektsa as se it huttefeest fierd hienen. Se koenen noch goed foar har krije, hoe’t se dat koartlyn fierd hienen, doe’t se as wylde bisten yn ’e bergen en spelonken tahâlden. 7Mei slingers fan klimmergrien, tûken en palmblêden yn ’e hân songen se loflieten foar Him, dy’t derfoar soarge hie, dat de suvering fan syn wente ta in goed ein brocht wie. 8Mei algemiene stimmen namen se it beslút, dat it hiele folk fan ’e Joaden alle jierren dy dagen fierre moast. 9Sa is it dan ôfrûn mei Antíochus, dy’t de bynamme Epifanes hie.
Striid fan Judas tsjin Lysias, Gorgias en oaren
10No sille wy fertelle, hoe’t it mei Antíochus Eúpator gong, de soan fan dy dogeneat. It ferhaal oer de oarlochsellinde sûnder ein breidzje wy koart ôf. 11Nei’t er de macht oernommen hie, beneamde er as rykskânselier in man dy’t Lysias hiet; dy hie ek it bestjoer en kommando oer Coelesyrië en Fenisië. 12Ptoleméus, ek Makron neamd, hie de earste west, dy’t de Joaden rjochtfeardich behannelje woe. Se hienen al safolle ûnrjocht ûnderfûn, dat hy lei him derop út har belangen te behertigjen en frede mei har te hâlden. 13Mar dêrom krekt waard er troch de keningsfreonen by Eúpator oanklage. Iderkear moast er hearre, dat er in ferrieder wie, om’t er út Cyprus, dat Filomètor him tabetroud hie, weigien wie en oerrûn nei Epifanes. Dêrom koe er syn funksje net langer mei eare waarnimme en naam er fergif yn. Sa kaam er oan syn ein.
14Gorgias krige no it bestjoer en kommando oer dy kontreien. Dy hie in leger fan hiersoldaten ûnder him en focht allegeduerigen mei de Joaden. 15Tagelyk makken de Idumeeërs, dy’t de gaadlikste festings yn hannen hienen, it de Joaden tige lestich. Se pikten de mannen op, dy’t út Jeruzalem weiflechte wienen, en besochten de oarloch oan ’e gong te hâlden. 16De Makkabeeër en syn mannen hâlden doe in biddei en smeekten God om harren by te stean yn ’e striid. Doe setten se op de festings fan de Idumeeërs ta. 17Se pakten dy fûl oan en feroveren se. Dy’t op ’e muorre fochten, waarden der allegearre ôfdreaun en dy’t se yn hannen krigen, sloegen se dea; it wienen net minder as 20.000 man. 18Net minder as 9.000 flechten twa tige sterke forten yn, dêr’t alles te finen wie om in belegering úthâlde te kinnen. 19De Makkabeeër liet Simon, Joazef en ek Sachéus mei genôch folk achter om dy te belegerjen. Sels gong er nei plakken dêr’t gau help komme moast. 20Simon syn mannen wienen lykwols te slij nei jild. Se lieten har troch inkelde lju yn ’e forten omkeapje. 70.000 drachmen namen se oan en dêr lieten se guon foar ûntkomme. 21Doe’t de Makkabeeër dat te witten kaam, rôp er de foarmannen fan it folk byinoar en klage de skuldigen oan, dat se mei har fijannen los te litten har eigen bruorren ferkocht hienen. 22As ferrieders liet er harren deadzje en fuort dêrnei naam er de beide forten yn. 23Al syn militaire ûndernimmens gongen him bêst ôf; yn dy twa forten brocht er mear as 20.000 man om hals.
Timóteüs wurdt deaslein
24Timóteüs, dy’t al in kear troch de Joaden ferslein wie, helle no in grutte macht frjemd soldatefolk byinoar en Aziatyske hynders. Sa kaam er opsetten om Judéa mei geweld yn ’e macht te krijen. 25Doe’t er tichteby kaam, dienen de Makkabeeër en syn mannen jiske op ’e holle en sekkeguod om ’e mul en smeekten God om help. 26Oan ’e foet fan it alter lieten se har foaroer op ’e grûn falle en smeekten God, dat Er harren genedich wêze woe, in fijân foar har fijannen, in tsjinstanner foar har tsjinstanners, sa’t de wet it dúdlik seit. 27Doe’t se har gebed dien hienen, namen se de wapens en gongen in ein de stêd út. Tichte by de fijannen hâlden se halt.
28Doe’t it begûn te daagjen, foelen se inoar oan; de iene partij hie as garânsje foar in suksesfolle ûndernimming net allinne eigen moed, mar boppedat it berop op God, wylst de oare allinne troch eigen ferwoedenens oanfjurre waard yn ’e striid. 29Yn ’t fûlste fan ’e striid krigen de fijannen fiif skitterjende striders yn ’e loft foar eagen, op hynders mei goudene jaachlinen en dy gongen foar de Joaden út. 30Twa fan harren namen de Makkabeeër tusken har yn en hâlden har wapenreau sa foar him, dat er net rekke wurde koe; mar op ’e fijannen stjoerden se pylken en wjerljochtflitsen ôf. 31De fijannen waarden der blyn fan en har rie ten ein stoden se yn dusoarder útinoar. 25.500 man fuotfolk waarden deaslein en 600 ruters. 32Timóteüs sels naam de wyk nei Gezer, in tige sterke post, dêr’t Chafreas kommandant oer wie.
33Fjouwer dagen lang leinen Judas en syn mannen der fol goede moed omhinne. 34Dy’t deryn sieten, fielden har bûtenwenstige sterk op dat plak en se smieten der ôfgryslike godslasterings út en ûnfoech praat. 35By it oanbrekken fan de fyfte dei, stoden tweintich jongkeardels út it leger fan de Makkabeeër, dy’t gleon fan lilkens wienen fanwegen de godslasterlike taal, by de muorre op. Manhaftich en wyld fan woede sloegen se elkenien del, dy’t har yn ’t paad kaam. 36Op in oare hoeke gongen ek guon by de muorre op. Dy foelen de ferdigeners oan en setten de tuorren yn ’e brân. Se makken brânsteapels en smieten de godslasterers libben yn ’t fjoer. Wer oaren brutsen de poarten iepen, lieten it oare part fan it leger deryn en krigen sa de stêd yn hannen. 37Timóteüs wie weikrûpt yn in put. Hy waard deaslein en syn broer Chaïreas en Apolléfanes ek. 38Doe’t se dat allegear folbrocht hienen, prizen se de Hear mei lofsangen en tanklieten, om’t Er sa goed west hie foar Israel en harren oan ’e oerwinning holp.