Lysias syn earste tocht
1Lysias, fâd en neef fan ’e kening en rykskânselier, wie poerrazend dat it sa rûn wie. It duorre mar in hoart 2en doe hie er sa’n 80.000 man en syn hiele ruterij byinoar en gong er op ’e Joaden ôf. Hy rekkene derop, dat er fan ’e stêd in wenplak foar Griken meitsje soe. 3De timpel soe er belesting oplizze, lykas er mei de hillichdommen fan oare folken die, en it hegeprysterskip elk jier te keap oanbiede. 4Hy hâlde hielendal gjin rekken mei de macht fan God. Sa wied er út ’e skroeven oer syn tsientûzenen soldaten te foet, syn tûzenen ruters en syn tachtich oaljefanten. 5Hy teach Judéa yn en kaam by Bet-Sûr, in festingstêd dy’t sa’n sânentweintich kilometer fan Jeruzalem ôf leit. Dêr gong er deun omhinne lizzen.
6Doe’t de Makkabeeër en syn mannen hearden, dat Lysias dy festing belegere, bidden se mei it folk ûnder suchten en triennen de Hear om in ingel te stjoeren en Israel te rêden. 7Dêrnei naam de Makkabeeër as earste de wapens op. Hy fjurre de oaren oan har mei him yn ’t gefaar te weagjen en har bruorren te help te kommen. Mei-inoar gongen se der fol kriich op ôf. 8Se wienen noch net fier fan Jeruzalem ôf of dêr ferskynde in ruter hielendal yn ’t wyt. Dy ried foar harren út en swaaide mei syn goudene wapens. 9Doe prizen se allegearre de barmhertige God. Se fielden har sa sterk, dat se wienen ree om har net allinne troch kloften minsken, mar ek troch de wyldste bisten en izeren muorren hinne te slaan. 10Yn slachoarder kamen se dêroan mei har helper út ’e himel. De Hear hie Him oer har erbarme. 11As liuwen fleagen se op ’e fijannen yn en sloegen 11.000 man fuotfolk en 1.600 ruters tsjin ’e grûn; al de oaren jagen se op ’e flecht. 12De measten dêrfan kamen der neaken en ferwûne foarwei. Lysias sels rêde it libben derôf troch út te naaien.
13No wie Lysias lang net dom. Hy makke de balâns op fan ’e klap dy’t er krige hie, en seach doe wol yn, dat de Hebreeërs net te ferslaan wienen, om’t de machtige God oan har kant stie yn ’e striid. Dêrom stjoerde er harren it boadskip, 14dat er op alle billike betingsten in ferdrach slute woe en dat er de kening derta bringe soe har freon te wurden. 15De Makkabeeër hâlde it algemien belang foar eagen en gong akkoart mei alles wat Lysias foarsloech. Alles wat de Makkabeeër oer de posysje fan ’e Joaden foar Lysias op skrift steld hie, skikte de kening yn. 16Yn ’e brief dy’t de Joaden fan Lysias krigen, stie:
De groetnis fan Lysias oan it folk fan ’e Joaden. 17Jim ôffurdigen, Johannes en Absalom, hawwe my dit stik jûn mei jimme hantekeningen. Se hawwe my frege, wat ús fan dizze útstellen tocht. 18No, alles wat de kening foarlein wurde moast, haw ik him dúdlik foarhâlden. Wat oannimlik wie, hat er goed fûn. 19Dêrom, as jim it ryksbelang yn ’t each hâlde, sil ik tenei ek besykje jimme belangen te tsjinjen. 20Jimme ôffurdigen en myn fertsjintwurdigers haw ik opdroegen de fierdere útwurking mei jimme te bepraten. 21Sterkte. Yn it 148ste jier, de 24ste fan ’e Korintyske Zeusmoanne.
22Yn ’e brief fan ’e kening stie dit: De groetnis fan kening Antíochus oan syn broer Lysias. 23No’t ús heit nei de goadewrâld oergien is, wolle wy, dat de ynwenners fan ús keninkryk neat yn ’e wei lein wurdt by it folgjen fan har eigen libbensgewoanten. 24Wy hawwe heard, dat de Joaden neat hawwe moatte fan it oernimmen fan de Grykske libbenstrant, dêr’t ús heit op oan woe; nee, se wolle leaver har eigen libbensgewoanten oanhâlde en freegje oft se neffens har eigen wetten libje meie. 25Us tinkt dat dit folk likemin as de oaren wat yn ’e wei lein wurde mei en dêrom jouwe wy opdracht om harren de timpel werom te jaan en har libje te litten sa’t har foarâlden dat wend wienen. 26It soe dan ek in goed ding wêze, as jo guon nei har ta stjoerden om freonskip mei har te sluten. Dan witte se, hoe’t wy deroer tinke, en kinne se fol fertrouwen en woltemoed har eigen libbensgewoanten folgje.
27De brief fan ’e kening oan it (Joadske) folk wie sa: De groetnis fan kening Antíochus oan de Hege Rie en de oare Joaden. 28As it goed mei jimme giet, soe ús dat tige nei ’t sin wêze. Sels binne wy ek goed by de tiid. 29Meneláos hat ús op ’e hichte brocht fan jimme winsk om wer nei eigen hûs te gean en jim wer oan jim eigen saken te jaan. 30No dan, ik stean derfoar yn, dat it oant de tritichste fan ’e Xantikosmoanne elkenien frij stiet ûnbehindere nei hûs ta te gean en dat der har neat fan oerkomt. 31De Joaden meie krekt as foartiid by it iten en yn oare saken har eigen wetten folgje. Gjinien fan harren mei hoe dan ek lestich fallen wurde, as er út ûnkunde wat ferkeards dien hat. 32Boppedat stjoer ik Meneláos nei jimme ta om alle ûnwissichheid wei te nimmen. 33Sterkte. De fyftjinde fan ’e Xantikosmoanne yn it jier 148.
34Ek de Romeinen stjoerden harren in brief. Dêr stie yn: De groetnis fan Quintus Memmius en Titus Manius, gesanten fan ’e Romeinen, oan it folk fan ’e Joaden. 35Wat Lysias, de neef fan ’e kening, jimme tastien hat, geane wy ek mei akkoart. 36Foar de saken dy’t neffens him oan ’e kening foarlein wurde moasten, moatte jim fuortendaliks ien nei ús ta stjoere. Beried jim der goed oer, dan kinne wy mei útstellen komme, dy’t jim nei ’t sin binne. Wy binne op wei nei Antiochië. 37Stjoer dêrom, sa gau as ’t mar kin, in pear lju dy’t ús te witten dogge, hoe’t jimme it hawwe wolle. 38Sterkte. De fyftjinde fan ’e Xantikosmoanne yn it jier 148.