Minne streken tsjin de Joaden yn Joppe en Jamnia
1Doe’t dy ôfspraken makke wienen, reizge Lysias wer nei de kening en de Joaden gongen wer oan it wurk op har eigen lân. 2Mar inkelde bestjoerders dêre, Timóteüs en de soan fan Gennéus Apollónius, fierder Hierónymus, Démofon en mei harren de oanfierder fan ’e Cyprioaten Nikánor, gunden de Joaden gjin fredich en rêstich libben.
3It folk fan Joppe helle wol in hiel minne streek út. Se noegen de Joaden dy’t by harren yn ’e stêd wennen, út oan board te gean en lieten harren mei frou en bern yn boaten stappe, dy’t se yn ’e haven klear lizzen hienen, as wienen se neat gjin kwea fan doel. 4It hie in mienskiplik beslút west fan ’e hiele stêd en de Joaden namen it oan; se woenen graach frede hâlde en hienen der gjin euvelmoed yn. Mar doe’t se in goed ein út ’e wâl wienen, lieten dy fan Joppe harren mei-inoar sinke. It wienen op syn minst twahûndert. 5Doe’t Judas fan dy wredens tsjin syn lânslju hearde, rôp er syn mannen op, 6en nei’t er God, de rjochtfeardige rjochter, om help frege hie, gong er op ’e moardners fan syn stambruorren ôf, stiek de nachts de haven yn ’e brân, liet de skippen ferbrâne en elkenien deastekke dy’t dêr in hinnekommen socht hie. 7Om’t de stêdspoarten lykwols ticht sieten, sette er wer ôf; mar hy wie fan doel werom te kommen en de hiele boargerij fan Joppe út te roegjen. 8Mar doe’t er te witten kaam, dat dy fan Jamnia itselde yn ’t sin hienen mei de Joaden dy’t dêr wennen, 9foel er by nacht de Jamniten oan. Haven en float sette er de brân yn. De lôge wie oant yn Jeruzalem te sjen en dat leit der goed trijenfjirtich kilometer ôf.
De ekspedysje yn Gileäd
10Doe’t se dêrwei wer op Timóteüs ta setten en sa’n oardel kilometer hân hienen, foelen de Arabieren har op ’e lea, minstens 5.000 man fuotfolk, dêrby 500 ruters. 11It waard in swiere striid, mar mei Gods help wûnen Judas en syn mannen it. De nomaden waarden ferslein en fregen Judas om in ferbûn mei har te sluten. Se seinen ta, dat se him geiten en skiep leverje soenen en ek mei oare dingen helpe. 12Judas liet yn him omgean, dat se him wis yn in soad dingen gerive koenen, en wie dan ek ree frede mei harren te sluten. Nei’t dat mei hânslach befestige wie, gongen se werom nei har tinten.
13Judas die ek in oanfal op Kaspis, in sterke stêd mei muorren derom hinne. Yn dy stêd wenne in griemmank fan alle soarte folk. 14De ynwenners hienen alle fertrouwen yn har machtige muorren en har romte fan iten. Se gongen dan ek frijwat ûnbeskoft tsjin Judas en syn mannen te kear; se rachten harren út en smieten dêr godslasterings en ûnfoech praat trochhinne. 15Mar Judas en syn mannen rôpen de grutte Machthawwer fan ’e wrâld oan, dy’t yn ’e tiid fan Jozua sûnder stoarmrammen of oar swier belegeringsark de muorren fan Jericho delhelle hie. Doe raamden se as wylden op ’e muorre yn. 16Mei’t God harren helpe woe, namen se de stêd yn en it waard sa’n ûnwitende slachting, dat de mar dêr tichteby suver oerrûn fan ’t bloed en dy hie in breedte fan sa’n 400 meter.
17135 kilometer fierderop kamen se yn Charaka, by de saneamde Tûby-Joaden. 18Timóteüs fûnen se net yn dy kontreien. Dy hie dêr neat út ’e wei sette kinnen en wie fuortgien. Mar yn ien fan dy plakken hied er in tige sterke besetting achterlitten. 19Dêr gongen Dositéus en Sosipatros, legerkommandanten fan Judas, op ôf. Se fersloegen de mannen dy’t Timóteüs yn ’e festing achterlitten hie, mear as 10.000.
20De Makkabeeër ferdielde doe syn leger yn trijen. Oer twa ôfdielings stelde er Dositéus en Sosipatros as oanfierders oan en jage doe Timóteüs achternei, dy’t in leger hie fan 120.000 man fuotfolk en 25.000 ruters. 21Doe’t Timóteüs hearde, dat Judas op him tasetten kaam, stjoerde er de froulju en bern en wat er fierder by him hie, nei it plak dat Karnion hiet. Dat wie suver net benei te kommen, sa smel wienen de berchpaden dêrhinne. 22Doe’t it earste leger, dat fan Judas, opdage, sloech de fijannen de skrik om ’t hert; troch de ferskining fan de Alsjende, waarden se sa deabenaud, dat se stoden fuort, alle kanten út. It gong sa mâl, dat se waarden faak troch eigen folk oanfallen en mei it skerp fan har eigen swurden delstutsen. 23Mei faasje sette Judas harren achternei. Hy stuts de skurken del en brocht sa hast 30.000 om hals.
24Timóteüs sels foel yn hannen fan Dositéus en Sosipatros har mannen. Mei fyn ynlein praat smeekte er, dat se him libben gean litte woenen. Hy hie, sa sei er, de âlden fan mannichien fan har yn hannen, fan guon oaren de bruorren en dy koe it oars wolris net sa bêst ôfgean. 25By heech en by leech stie er derfoar yn, se soenen harren sûn en wol werom krije. Om har neisten te behâlden lieten se him doe frij.
26Op syn tocht nei Karnion en it timpelgebiet fan ’e goadin Atargatis brocht Judas 25.000 man om hals. 27Nei’t dy ferslein en útroege wienen, sette er op Efron ta, in sterke stêd, dêr’t in grutte macht fan allerhande folk tahâlde. Sterke jongkeardels stienen foar de muorren en ferdigenen dy mei krêft. Yn ’e stêd wie in grutte foarrie fan oarlochsark. 28Mar Judas en syn mannen rôpen de Machtige oan, dy’t mei geweld de krêften fan ’e fijannen brekt. Se krigen de stêd yn ’e macht en sloegen fan ’e ynwenners sa’n 25.000 dea.
29Dêrwei setten se op Skytópolis ta, sa’n 100 kilometer fan Jeruzalem ôf. 30De Joaden dy’t dêr wennen, koenen net oars sizze as dat de Skytopoliten goed en freonlik foar harren west hienen: yn minne tiden hienen dy harren bystien. 31Judas en syn mannen seinen de Skytopoliten dêr tank foar en trunen har oan like freonlik foar har folk te bliuwen. Doe gongen se nei Jeruzalem, want it feest fan ’e wiken wie oansteande.
Fjildtocht tsjin Gorgias
32Nei it feest fan ’e wiken, dat ek Pinkster neamd wurdt, setten se derop út tsjin Gorgias, de kommandant fan Iduméa. 33Dy kaam mei 3.000 man fuotfolk en 400 ruters yn ’t fjild. 34Doe’t de legers mei-inoar yn ’e slach rekken, sneuvelen der inkelde Joaden. 35In Dositéus, ien fan de mannen fan Bakénor, in gewanten hynsterider, gong achter Gorgias oan. Hy pakte him by de mantel en luts him mei geweld mei. Hy woe dy ferflokte fint libben yn hannen hawwe. Mar ien fan ’e Trasyske ruters stode op him ta en sloech him de earm ôf. Sa ûntkaam Gorgias nei Maresja. 36Esdris en syn mannen fochten in set troch, mar wienen op ’t lêst ynein. Doe rôp Judas de Hear oan, dat Er him kenne litte soe as meistrider en foargonger yn ’e striid. 37Yn syn memmetaal sette er lofsangen yn as oprop ta striid, stode doe ûnferwachts op ’e mannen fan Gorgias yn en jage dy tebek. 38Doe brocht Judas syn leger wer byinoar en gong nei de stêd Adûllam. Om’t it de sânde dei wie, suveren se harsels neffens de regel en hâlden dêr de sabbat.
It offer foar de sûnde fan ’e fallenen
39De oare deis hellen Judas en syn mannen de liken fan ’e sneuvele soldaten op – it koe net langer wachtsje – en brochten se nei har âffaarsgrêf om se by har famylje te lizzen. 40Op alle deaden fûnen se ûnder de klean ôfgoadebyldsjes út Jamnia. Dat is de Joaden by de wet ferbean. It wie elkenien no wol dúdlik, wêrom’t se sneuvele wienen. 41Allegearre prizen se it dwaan fan de Hear, de rjochtfeardige rjochter, dy’t it ferburgene oan ’t ljocht bringt. 42Se gongen yn gebed en fregen, oft dy misset hielendal útfage wurde koe. De eale Judas fermoanne it folk har frij te hâlden fan sûnde. Se hienen no mei eigen eagen sjoen, wat de fallenen troch har sûnde oerkommen wie. 43Doe helle er by al syn folk jild op en liet twatûzen drachmen nei Jeruzalem ta bringe om dêr foar de sûnde in offer op te dragen. It wie in eale en treflike died, dat er sa om de ferrizenis tocht. 44As er ommers net leaud hie, dat de sneuvele soldaten ferrize soenen, hie it healwiis en oerstallich west foar de deaden te bidden. 45Mar om’t er foar eagen hie, dat de minsken dy’t from stjerre, in hearlik lean te wachtsjen stiet, wie dit in hillich en from betinken. Dêrom liet er in soenoffer foar de deaden opdrage, dat se fan har sûnden ferlost wurde soenen.