Striid fan Judas tsjin kening Demétrius en Nikánor
1Trije jier letter kamen Judas en syn mannen te witten, dat Demétrius, de soan fan Seleukus, mei in grutte float en in sterk leger de haven fan Tripolis ynfearn wie, 2it lân beset hie en Antíochus en syn fâd Lysias ombrocht.
3No wie dêr in man, Alkimos, in eardere hegepryster, dy’t him willemoeds net skjin hâlden hie yn ’e tiid fan ’e opstân. Hy hie wol foar ’t ferstân, dat der foar him net de minste kâns mear wie op feilichheid en tagong ta it hillige alter. 4Likernôch yn it jier 151 gong er nei Demétrius ta mei in gouden kroan en in palmtûke. Boppedat joech er him in pear gewoane olivetûken fan de timpel. Dy deis hâlde er him fierder rêstich, 5mar ûnferwachts krige er in moaie kâns foar syn skandalich plan. Hy waard útnoege foar de gearkomste fan de Hege Rie en Demétrius frege him, hoe’t it mei de Joaden stie en wat se yn ’t sin hienen. Hy antwurde: 6De Joaden dy’t Asideeërs neamd wurde en ûnder lieding steane fan Judas de Makkabeeër, hâlde de oarloch oan ’e gong en stokelje de lju op om yn opstân te kommen. Se wolle it keninkryk net mei frede litte. 7My hawwe se de earefunksje fan myn famylje ôfnommen, it hegeprysterskip bedoel ik. Dêrom bin ik hjirhinne kommen, 8yn ’t foarste plak om de kening syn belangen earlik te tsjinjen en twad yn ’t belang fan myn eigen lânslju, want troch it ûnferstân fan de lju dy’t ik niis neamd haw, is ús hiele folk yn ’t ûnleech rekke, en net sa’n bytsje. 9Dat moatte jo allegearre witte, kening. Lit jo soarch útgean nei ús lân en ús folk, dat sa yn ’t near sit; doch wat jo freonlike goedens foar alle minsken jo ynjout. 10Want salang’t Judas der noch is, komt der foar it ryk gjin frede.
11Doe’t er sa syn wurd dien hie, wienen de oaren, de freonen fan ’e kening, dy’t Judas net sjen mochten, der gau by om Demétrius noch mear op te hysjen. 12Dy liet daliks Nikánor komme, dy’t earder al kommandant fan it oaljefanteleger west hie, en joech him it opperbefel yn Judéa. 13Hy stjoerde him derhinne mei skriftlike opdracht om Judas om hals te bringen, syn mannen útinoar te jeien en Alkimos syn funksje wer te jaan fan hegepryster fan de grutte timpel. 14De heidens yn Judéa, dy’t foar Judas de wyk nommen hienen, sleaten har yn kloften by Nikánor oan. Se tochten, dat it ûngelok en it lijen fan ’e Joaden in gelok foar harren wêze soe.
15Doe’t de Joaden hearden, dat Nikánor opsetten kaam en dat de heidens meidienen, struiden se stof op ’e holle en rôpen Him oan, dy’t syn folk foar ivich stal jûn hie en dy’t sûnder mis syn macht toant, as it derom giet syn erfskip te hoedzjen. 16Op befel fan har foarman joegen se har daliks ôf en rekken mei de fijân yn ’e slach by it plak Dessau. 17Simon, de broer fan Judas, hie it tsjin Nikánor opnommen, mar de fijannen wienen der sa ûnferhoeds, dat hy hie it net earlik hâlde kinnen. 18Dochs paste Nikánor der wol foar op de útkomst net hielendal op ’e wapens oankomme te litten. Hy hie wol heard, hoe moedich as Judas en syn mannen wienen en hoe fêst as se stienen yn ’e striid foar eigen lân. 19Dêrom stjoerde er Poseidónios, Teódotos en Mattatias nei harren ta om mei har ta in fêst akkoart te kommen. 20Doe’t se it útstel fan alle kanten besjoen hienen, lei de oanfierder it syn mannen foar. It die bliken, dat elkenien der foar wie. Sa waard it ferdrach goedkard en oannommen 21en der waard in dei steld, dat beide foarmannen ûnder fjouwer eagen mei-inoar prate soenen. Fan beide kanten ried in wein nei foaren. Der waarden stuollen delset. 22Judas hie op wichtige plakken wapene mannen opsteld: der moast foar de fijannen gjin gelegenheid wêze om ynienen in gemiene streek út te heljen. Mar it petear ferrûn yn folle ienriedigens. 23Nikánor bleau in set yn Jeruzalem en die neat dat tsjin de ôfspraak yngong. Hy stjoerde de kloften minsken dy’t har by him oansletten hienen, nei hûs ta. 24Judas hâlde hy de hiele tiid by him en hy wie him tige tagedien. 25Hy rette him oan om te trouwen en in húshâlding op te setten. Sa troude Judas, joech him del en die mei oan it gewoane libben.
Nikánor syn dea
26Doe’t Alkimos de tagedienens fan dy beide mannen foar inoar sjoen hie, gong er mei it ferdrach nei Demétrius ta. Hy sei tsjin him, dat Nikánor frjemd mei de belangen fan it ryk omsloech. Dy hie ommers Judas, in earsten steatsfijân, as syn opfolger oanwiisd. 27De kening waard troch alles hinne lilk. It lasterpraat fan de trochtrape dogeneat makke him poer en hy skreau Nikánor, dat er oer it ferdrach min te sprekken wie. Hy joech him oarder de Makkabeeër yn ’e boeiens te slaan en op slach nei Antiochië bringe te litten.
28Doe’t Nikánor dat boadskip krige, wie er alhiel fan ’e wize. It wie him tige yn ’e wei it ferdrach te ferbrekken mei in man dy’t neat gjin ferkeards dien hie. 29Fan ’e oare kant koed er min tsjin de kening yngean en dêrom wachte er in gaadlike gelegenheid ôf om lâns in omwei it befel nei te kommen. 30De Makkabeeër murk lykwols, dat Nikánor stiver tsjin him die en stúmsker waard yn ’e omgong mei him. Dy stúmskens wie gjin goed teken, tocht him en dêrom helle er in fiks tal fan syn mannen byinoar en hâlde er him foar Nikánor beskûl.
31Nikánor krige al gau foar ’t ferstân, dat de oare him te glêd ôf west hie. Doe gong er nei de grutte hillige timpel, dêr’t de prysters dwaande wienen mei de gewoane offers en sei tsjin harren, dat se de man oan him útleverje moasten. 32Dy dienen der in eed op, dat se net wisten, wêr’t de man wie, dêr’t er om socht. 33Doe stiek Nikánor de rjochterhân nei de timpel út en swarde: As jimme Judas net yn ’e boeiens oan my útleverje, meitsje ik dizze timpel lyk mei de grûn, ik ferniel it alter en set op ditselde plak in prachtige timpel foar Dionysos. 34Mei’t er dat sein hie, gong er fuort. De prysters stieken de hannen omheech nei de himel en rôpen Him oan, dy’t altiten foar ús folk opkomt. Se smeekten: 35O Hear, der is neat op ’e wrâld dêr’t Jo net sûnder kinne, mar dochs hawwe Jo wollen, dat de timpel, jo wente, by ús wie; 36hâld, alderhillichste Hear, Jo hûs, dat krekt suvere is, foar altiten ûnbesmet.
De dea fan âlde Razis
37Under de âldsten fan Jeruzalem wie in man dy’t Razis hiet. Fan him waard Nikánor oanbrocht, dat er tige foar syn folk opkaam, dat er in tige goede namme hie en om syn tagedienens ‘de heit fan ’e Joaden’ neamd waard. 38Al yn ’e earste dagen fan ’e opstân hied er om syn Joad-wêzen foar it ferhoar moatten; frijmoedich hied er liif en libben weage foar de Joadske saak. 39Nikánor woe no ris goed útkomme litte, hoe min as er it op ’e Joaden stean hie. Hy stjoerde mear as 500 man om dy Razis op te pakken. 40Hy tocht, dat er de Joaden dêrmei in fikse klap jaan soe.
41Doe’t de troepen Razis syn stins ynnimme soenen, de bûtenpoarte ramaaiden en fjoer komme lieten om de doarren yn ’e brân te stekken, liet Razis, dy’t fan alle kanten yn ’e knipe siet, him yn syn eigen swurd falle. 42Hy woe leaver mei eare stjerre as dat er yn hannen fan skurken foel en mishannelings ûndergean moast, dy’t net by syn weardichheid pasten. 43Mar it gong sa hurd, dat de stek kaam net op ’t rjochte plak en wylst de binden troch de doarren brutsen, draafde er ûnferfeard de muorre op en liet him dêr manmoedich ôf falle boppe op de soldaten. 44Dy stoden achterút en sa kaam er midden yn ’e romte te lâne, dy’t der kommen wie. 45Hy sykhelle noch en syn moed joech gjin belies. Al rûn it bloed by him del en al dienen syn wûnen him noch sa’n pine, hy kaam oerein en fleach midden tusken it folk troch. Op in steile rots bleau er stean. 46Hielendal leechblet, luts er himsels noch mei de beide hannen de terms út it liif en smiet dy nei it folk ta; ûnderwilens bidde er de Hear fan libben en geast him dy ienkear werom te jaan. Sa stoar er.