Fierdere striid mei Antíochus en Lysias. Meneláos syn útein
1Yn it jier 149 kamen Judas en syn mannen der ûnferwachts achter, dat Antíochus Eúpator mei in grutte legermacht ûnderweis wie nei Judéa. 2Lysias, syn fâd en kânselier wie by him. Se hienen in Gryksk leger fan 110.000 man fuotfolk, 5.300 ruters, 22 oaljefanten en 300 weinen mei seinen oan ’e tsjillen.
3Meneláos hie him by harren oansletten. Mei falsk praat poende er Antíochus oan. It wie him der net om te dwaan it heitelân te rêden, mar om yn funksje bliuwe te kinnen. 4Mar de heechste kening makke Antíochus syn woede tsjin ’e dogeneat wekker. Doe’t Lysias bewiis bybrocht, dat Meneláos de skuld fan alle ellinde wie, joech de kening opdracht him nei Beréa te bringen en him om hals te bringen op ’e manier sa’t se dêr wend wienen. 5Yn dat plak stiet in toer fan fyftich jellen heech. Dy sit fol jiske. Der sit in draaiend tastel oan, dat fan alle kanten yn ’e jiske ôfrint. 6Dêr sette se mei-inoar in timpeldief of in skuldige oan in oare slimme misdied yn en jeie dy sa de dea yn. 7Sa’n dea wie it lot fan ’e wetbrekker Meneláos; hy krige gjin grêf yn ’e ierde. 8Dat wie neffens rjocht, want hy hie him wit-hoe faak foar it alter oer besûndige en it alterfjoer en de jiske binne hillich. No fûn er de dea yn ’e jiske.
9De kening kaam al neieroan en hie barbaarske plannen. Hy soe de Joaden noch folle slimmer lijen oandwaan as syn heit al dien hie. 10Judas hearde derfan en trune it folk oan om de Hear dei en nacht te smeken, dat Er harren dochs beleaven te help komme woe. 11Ommers, it gefaar hong har boppe de holle, dat de wet, it heitelân en de timpel foar har ferlern gean soenen. God soe dochs net talitte, dat dit folk, krekt no’t it wer wat sykhelje koe, de godslasterlike heidens yn hannen foel? 12Dat dienen se allegear mei-inoar. Trije dagen rôpen se oan ien stik wei de barmhertige Hear oan mei suchtsjen en festjen, foaroer op ’e knibbels. Doe spriek Judas harren moed yn en sei, dat se ree wêze moasten. 13Hy lei it mei de âldsten oer en besleat om net te wachtsjen, dat it leger fan ’e kening Judéa ynfoel en de stêd ynnaam, mar derop ôf te gean en mei Gods help ta in útdragene saak te kommen. 14Hy joech de útkomst oer oan de Skepper fan ’e wrâld, fjurre syn mannen oan om mei moed en ta it uterste te striden foar wetten, timpel, stêd, heitelân en eigen tradysjes en sette doe syn kamp op tichteby Modeïn.
15Hy joech syn mannen it wachtwurd ‘God wint’ en foel de nachts mei in útsochte ploech fan de moedichste jongkeardels op ’e tinte fan de kening oan. Yn it kamp sloech er sa’n 2.000 man del en se stutsen ek de grutste oaljefant mei syn kornak dea. 16Nei’t se op ’t lêst it hiele kamp yn ûnstjoer brocht hienen, setten se yn triomf ôf. 17It begûn al te daagjen, doe’t dat ûnder de beskerming fan de Hear allegear folbrocht wie.
18De kening hie no fernimme kinnen, wat de Joaden oandoarsten. Hy besocht dêrom mei tûke keunsten de sterke plakken yn hannen te krijen. 19Hy sette op Bet-Sûr ta, in sterke festing fan ’e Joaden, mar hy waard tebek slein. Doe die er nochris in oanfal, mar ferlear it wer. 20Judas liet de ferdigeners takomme, wêr’t se ferlet fan hienen. 21Mar Ródokes, in man út it Joadske leger, brocht de fijannen it geheim oer. Hy waard opsocht, pakt en achter slot set.
22Nochris naam de kening kontakt op mei de Bet-Sûriten. It kaam ta in ferdrach, dat mei hânslach bekrêftige waard; doe sette de kening ôf. 23Hy foel op Judas en syn mannen oan, mar koe ’t net tsjin har hâlde. Doe hearde er, dat Filippus, dy’t er as saakwaarnimmer yn Antiochië achterlitten hie, it tsjin him yn ’e kant sette. No wie hy derôf. Hy rôp de Joaden by him, joech yn alles ta en swarde, dat er him oan alle billike betingsten hâlde soe. Hy woe wer yn goedens mei harren, brocht in offer, eare de timpel en begeunstige it hillich stee. 24Hy ûntfong de Makkabeeër freonlik en liet Hegemonides achter as bestjoerder en kommandant oer it gebiet tusken Ptolemáïs en Gearar. Sels gong er nei Ptolemáïs.
25Dy fan Ptolemáïs moasten neat hawwe fan dat akkoart; se wienen der min oer te sprekken en woenen dat de ôfspraken opsein waarden. 26Doe gong Lysias it podium op, ferdigene alles sa goed as er koe, wist harren te bepraten en del te bêdzjen en krige harren safier, dat se it goed fûnen. Doe sette er ôf nei Antiochië. Sa is it gien mei de oanfal en de ôftocht fan ’e kening.