Jehû wurdt kening fan Israel
1Eliza hie ien fan ’e profetelearlingen roppen en tsjin him sein: Doch de mulriem om, nim dit krûkje oalje mei en gean nei Ramot yn Gileäd. 2Asto dêr komst, moatst om dy hinne sjen nei Jehû, soan fan Josjafat, soan fan Nimsy. Gean by him yn ’e hûs, helje him by syn maten wei en bring him earne yn in keamer. 3Dan moatst it krûkje oalje nimme en oer syn holle útjitte en sizze: Dit hat de Heare te sizzen: Ik salvje dy ta kening oer Israel. Dan moatst de doar iepen dwaan en meitsje datsto fuort komst, sûnder te wachtsjen.
4Sa gong de jongkeardel, dy jonge profeet, nei Ramot yn Gileäd. 5Doe’t er dêr oankaam, sieten de legerkommandanten krekt byelkoar. Hy sei: Ik haw boadskip oan jo, kommandant! Jehû sei: Oan wa fan ús allegearre? Hy sei wer: Oan jo, kommandant. 6Doe kaam er oerein en gong mei yn ’e hûs. Hy geat him de oalje oer de holle en sei tsjin him: Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Ik salvje dy ta kening oer it folk fan de Heare, oer Israel. 7Do moatst it hûs fan dyn hear Achab deadzje, dan kin Ik oan Izébel wreke it bloed fan myn tsjinners, de profeten, ja it bloed fan alle tsjinners fan de Heare. 8It hiele hûs fan Achab sil omkomme. Ik sil fan Achab al wat manlik is, fan heech oant leech, útroegje. 9Sa sil Ik it hûs fan Achab krektlyk behannelje as it hûs fan Jerobeäm, de soan fan Nebat, en fan Basa, de soan fan Achía. 10En Izébel sille de hûnen fersline op in stik lân te Jizreël; gjinien sil har begrave. Doe die er de doar iepen en makke dat er fuort kaam.
11Doe’t Jehû wer bûten wie by de tsjinners fan syn hear, sei ien tsjin him: Stiet it der goed foar? Wat moast dy healewize hjir by dy? Hy sei: Jimme witte alles fan sa’n man en syn praat. 12Hja seinen: Fertel it ús mar gau. Doe sei er: Hy sei sokssawat fan: De Heare hat sein: Ik salvje dy ta kening oer Israel. 13Elk naam doe hastich syn mantel en sprate dy foar him út oer de treppen. Hja bliezen op ’e rammehoarnen en rôpen: Jehû is kening!
14Sa makke Jehû, soan fan Josjafat, soan fan Nimsy, in gearspanning tsjin Joaram. Joaram hie mei hiele Israel Ramot yn Gileäd beset tsjin kening Hazaël fan Aram. 15Kening Joaram wie sels weromgien nei Jizreël om de wûnen hielje te litten, dy’t de Arameeërs him tabrocht hienen, doe’t er focht tsjin kening Hazaël fan Aram. En Jehû sei: As jimme der sa oer tinke, lit dan gjinien út ’e stêd de kâns krije en glûp fuort om it yn Jizreël te melden.
Jehû deadet Joaram en Achazja
16Jehû klom op ’e wein en gong nei Jizreël, want dêr lei Joaram op bêd en kening Achazja fan Juda, wie dêr op besyk. 17Op ’e toer fan Jizreël stie de wachter en seach de kloft fan Jehû oankommen. Hy sei: Ik sjoch in kloft minsken. Joaram sei: Nim in ruter en stjoer har dy yn ’e mjitte om te freegjen oft it frede is. 18De ruter gong him yn ’e mjitte en sei: De kening freget: Is it frede? Mar Jehû sei: Wat hasto mei frede te meitsjen? Swaai do mar om en kom achter my. En de wachter melde: Hy wie oan har ta, mar hy komt net werom. 19Doe stjoerde er noch in ruter. Dy kaam ek by har en frege: Is it frede? freget de kening. Mar Jehû sei: Wat hasto mei frede te meitsjen? Swaai do mar om en kom achter my. 20De wachter melde: Hy wie oan har ta, mar komt net werom. En sa’t dy dêr jeie, sa jaget allinne Jehû, de soan fan Nimsy, want hy jaget as in gek.
21Doe sei Joaram: Ynslaan! Se spanden him de hynders foar de wein, kening Joaram fan Israel sette útein mei kening Achazja fan Juda, elk op syn eigen wein, Jehû yn ’e mjitte en se troffen him op it lân fan Nabot fan Jizreël. 22Sadree’t Joaram Jehû seach, frege er: Is it frede Jehû? Hy antwurde: Wat frede, by al dy huorkerij en tsjoenderij fan jimme mem Izébel? 23Doe kearde Joaram de wein en makke dat er fuort kaam. Hy sei tsjin Achazja: Ferrie, Achazja! 24Mar Jehû spande de bôge al en rekke Joaram tusken de skouderblêden, dat de pylk him troch it hert boarre en hy yninoar sakke yn syn wein. 25Doe sei Jehû tsjin syn adjudant Bidkar: Pak him op en smyt him op it fjild fan Nabot fan Jizreël. Heucht it dy noch, dat do en ik tegearre achter syn heit Achab rieden en de Heare dizze útspraak oer him die: 26Ik haw it bloed fan Nabot en syn soannen justerjûn wier wol sjoen, is de godsspraak fan de Heare, en Ik sil it dij op dit stik lân ferjilde, is de godsspraak fan de Heare. Pak him dan no op en smyt him op it lân del, sa’t de Heare sein hat.
27Doe’t Achazja dat seach, flechte er de kant út fan Bet-Haggan, mar Jehû jage achter him oan en rôp: Dy ek! En hja skeaten him del op syn wein! Dat barde op ’e opgeande wei nei Gûr by Jibleäm. 28Hy flechte noch nei Megiddo, mar stoar dêre. Syn tsjinners hawwe him op ’e wein nei Jeruzalem brocht en yn it grêf by syn foarfaars begroeven yn ’e Davidsstêd. 29Achazja wie kening oer Juda wurden yn it alfte jier fan Joaram, de soan fan Achab.
Jehû deadet Izébel
30Doe’t Jehû ûnderweis wie nei Jizreël, hie Izébel alles al heard. Se ferve har eagen, makke it hier op en gong foar it finster stean te sjen. 31Mei’t Jehû de poarte ynkaam, rôp se: Hoe giet it mei Simry, de moardner fan syn hear? 32Hy seach omheech nei it finster en rôp: Wa stiet oan myn kant? Ja, wa? Doe’t twa of trije hovelingen op him delseagen derûnder joech er oarder: 33Smyt har del! En hja smieten har del, dat it bloed by de muorre en de hynders opspatte en hy fertrape har.
34Doe’t er letter yn ’e hûs gong om te iten en te drinken, sei er: Sjoch ris nei dat ferflokte frommis en begraaf har, want it is op ’t lêst in keningsdochter. 35Se gongen hinne om har te begraven, mar fûnen oars net fan har as de plasse, de fuotten en de hannen. 36Doe’t se werom kamen om it te fertellen, sei er: Sa wie it wurd, dat de Heare troch syn tsjinner Elía fan Tisbé sein hat: Op in stik lân te Jizreël sille de hûnen it fleis fan Izébel fersline 37en it lyk fan Izébel sil dong oer it lân wêze op in stik lân te Jizreël, dat gjinien oait mear sizze kin: Dat is Izébel.