De kening komt foar de Sjûnemityske frou op
1Eliza hie tsjin ’e frou, fan wa’t er de soan libben makke hie, sein: Meitsje jo klear om mei jo hiele húshâlding fuort te gean, sykje in gastfrij plak, wêr dan ek, want de Heare hat in hongersneed oproppen. – Dy is dan ek yn it lân kommen, sân jier lang –. 2De frou makke har klear op it wurd fan ’e godsman. Hja gong mei har húshâlding fuort en fûn in gastfrij plak yn it lân fan ’e Filistinen, sân jier lang. 3Oan ’e ein fan ’e sân jier kaam de frou werom út it lân fan ’e Filistinen en gong derop út om de help fan ’e kening yn te roppen, yn ferbân mei har hûs en grûn.
4De kening wie krekt yn petear mei Gechazy, de tsjinner fan ’e godsman en hie him frege: Fertel my dochs ris fan dy machtige dingen, dy’t Eliza dien hat. 5En mei’t er de kening fertelde, dat Eliza in deade libben makke hie, kaam dêr dy frou, dêr’t hy de soan fan libben makke hie, om de help fan ’e kening yn te roppen yn ferbân mei har hûs en grûn. Gechazy sei: Mynhear de kening, dat is de frou mei har soan, dy’t Eliza libben makke hat. 6De kening ûnderfrege de frou en hja fertelde it him. De kening joech har doe in hoveling mei en sei: Soargje derfoar dat se alles wer kriget, wat harres is en al wat it lân opbrocht hat, sûnt se om utens gien is oant no ta.
Eliza en it hof te Damaskus
7Eliza kaam ris te Damaskus, doe’t kening Benhadad fan Aram siik wie. Doe’t de kening trochdien waard: De godsman is hjir kommen, 8sei er tsjin Hazaël: Nim in geskink mei, gean nei de godsman en freegje de Heare troch him, oft ik fan dizze sykte wer better wurde sil. 9Doe gong Hazaël nei Eliza ta en naam in geskink mei, allegearre kostbere dingen út Damaskus, wol in fracht foar fjirtjin kamielen. Doe’t er oankaam en foar him stie, sei er: Jo soan Benhadad, kening fan Aram, stjoert my nei jo ta mei de fraach: Sil ik fan dizze sykte wer better wurde? 10Eliza sei tsjin him: Gean nei him ta en sis: Jo wurde grif wer better. Mar de Heare hat my sjen litten, dat er sûnder mis stjerre sil.
11Doe ynienen sette de godsman in strak gesicht en seach him lang oan, op it ûnfatsoenlike ôf en begûn doe te skriemen. 12Hazaël sei: Wêrom moat mynhear sa skrieme? Hy sei: Omdat ik wit, wat jo de Israeliten oandwaan sille. Har fêstingen sille jo yn it fjoer lizze, har jongkeardels mei it swurd deadzje, har berntsjes tepletterje en de froulju dy’t yn ferwachting binne, iepensnije. 13Doe sei Hazaël: Mar wat is jo feint, dy hûn, foar besûnders, dat er sokke machtige dingen dwaan soe? Eliza sei: De Heare hat my sjen litten, dat jo kening oer Aram wêze sille. 14Hy gong fuort, by Eliza wei en kaam by syn hear. Dy sei tsjin him: Wat hat Eliza tsjin dy sein? Hy sei: Dy hat tsjin my sein, dat jo grif wer better wurde. 15Mar de oare deis naam er in tekken dy’t er yn it wetter hâlden hie, en die dy de kening oer it gesicht, dat er it bestoar. En Hazaël waard kening foar him yn ’t plak.
Joaram fan Juda
16It fyfte jiers fan kening Joaram fan Israel, de soan fan Achab – Josjafat wie doe kening fan Juda – waard Joaram, de soan fan Josjafat, kening fan Juda. 17Hy wie twaëntritich jier, doe’t er oan it regear kaam en hat acht jier te Jeruzalem regearre. 18Hy gong deselde wei as de keningen fan Israel, krekt sa’t it hûs fan Achab die. Hy hie dan ek in dochter fan Achab as frou en die net sa’t de Heare it hawwe woe. 19Mar de Heare woe Juda net yn it ferdjer stoarte om syn tsjinner David, dy’t Er ommers tasein hie, dat Er him altyd in lampe foar syn soannen jaan soe.
20Yn syn dagen makken de Edomiten har frij fan ’e oerhearsking troch Juda en setten in eigen kening op ’e troan. 21Doe gong Joaram mei al syn striidweinen op Saïr los. De nachts makke er him klear en fersloech de Edomiten, dy’t him en de weinkommandanten besingele hienen. Sa flechte it folk nei hûs. 22Lykwols hawwe de Edomiten har frijmakke fan ’e oerhearsking troch Juda en dat is sa bleaun oan hjoed-de-dei ta. Ek Libna hat him yn dyselde tiid frijmakke.
23It fierdere fan ’e skiednis fan Joaram en alles dat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 24En Joaram is rêst mei syn foarfaars en se begroeven him by syn foarfaars yn ’e Davidsstêd. Syn soan Achazja folge him op.
Achazja fan Juda
25Yn it tolfte jier fan kening Joaram fan Israel, de soan fan Achab, waard Achazja, de soan fan Joaram, kening fan Juda. 26Twaëntweintich jier wie Achazja âld, doe’t er oan it regear kaam en hy hat ien jier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Atalja en hja wie in pakesizzer fan Omry, de kening fan Israel. 27Hy gong deselde wei as it hûs fan Achab, besibbe as er wie oan it hûs fan Achab.
28Mei Joaram, de soan fan Achab, gong er de striid oan tsjin kening Hazaël fan Aram, by Ramot yn Gileäd. 29De Arameeërs rekken kening Joaram, dat hy gong werom nei Jizreël om de wûnen hielje te litten, dy’t de Arameeërs him tabrocht hienen, doe’t er focht tsjin kening Hazaël fan Aram. En Achazja, de soan fan Joaram, kening fan Juda, kaam te Jizreël om ris by Joaram, de soan fan Achab te sjen, om’t dy siik wie.