Jehû deadet de hiele famylje fan Achab
1Fan Achab wienen der noch santich soannen te Samaria. Dêrom skreau Jehû in brief en stjoerde dy nei it stedsbestjoer te Samaria, oan ’e âldsten en oan ’e opfieders fan Achabs soannen, mei dizze ynhâld: 2It moat no mar útfochten wurde, sadree’t dizze brief te plak is. Jimme hawwe ommers de soannen fan ’e kening by jim, jimme hawwe striidweinen en hynders ta jim foldwaan, in stêd mei in sterke muorre en gâns wapens. 3Sykje de bêste en geskiktste fan ’e soannen fan jimme hear út, set dy op ’e troan fan syn heit en fjochtsje dan foar it hûs fan jim hear. 4Mar hja waarden deabenaud en seinen: Dy beide keningen koenen him net ienris oer, hoe soenen wy it dan kinne? 5En de man, dy’t oer it paleis stie en de man, dy’t oer de stêd stie, de âldsten en de opfieders stjoerden dit boadskip oan Jehû: Wy binne jo tsjinners. Wy wolle alles wol dwaan, dat jo ús sizze, wy meitsje gjinien kening en jo moatte mar dwaan wat jo goed tinkt.
6Doe skreau er har wer in brief, dêr’t yn stie: As jimme op myn hân binne en dwaan wolle wat ik sis, nim dan de hollen fan ’e soannen fan jim hear en kom moarn om dizze tiid by my te Jizreël. De soannen fan ’e kening wienen alle santich yn ’e kost by foarname lju yn ’e stêd, dy’t har opbringe moasten.
7Sadree’t se de brief krigen, namen se de soannen fan ’e kening en makken harren alle santich dea. De hollen dienen se yn kuorren en stjoerden dy nei Jehû yn Jizreël. 8Doe’t de boade kaam en him fertelde: Se bringe de hollen fan ’e soannen fan ’e kening, sei er: Lis se oant moarnier ta yn twa heappen by de yngong fan ’e poarte. 9De oare moarns kaam er nei bûten, gong dêr stean en sei tsjin it hiele folk: Jim binne ûnskuldich, mar ik haw in gearspanning tsjin myn hear makke en him deade. 10Mar wa hat al dizze minsken deaslein? Wit dan no, dat der gjin wurd fan ’e Heare is, dat net útkomt fan wat de Heare tsjin it hûs fan Achab sprutsen hat. De Heare hat dien, wat er troch syn tsjinner Elía sein hat.
11Fierder hat Jehû allegearre deamakke dy’t yn Jizreël fan Achabs hûs oerbleaun wienen, al syn hege mannen, al syn goekunden, al syn prysters, oant er net ien mear oer hie.
12Sa gau as er koe, gong er nei Samaria. Doe’t er ûnderweis te Bet-Eked-Haroïm kaam, 13trof Jehû de bruorren fan Achazja, de kening fan Juda. Hy frege: Wa binne jim? Hja seinen: De bruorren fan Achazja en wy wolle op besyk by de soannen fan ’e kening en fan ús hearskeresse. 14Doe sei er: Gryp se libben! Hja griepen se libben en makken se dea by de put fan Bet-Eked, twaënfjirtich man. Gjinien liet er derfan oerbliuwe.
15Dêrwei gong er fierder en trof Jonadab, de soan fan Rekab, dy’t him yn ’e mjitte kaam. Hy groete him en frege: Is jo hert my krekt sa tagedien as mines it jo is? Jonadab antwurde: Ja wis. Doe sei er: As dat sa is, jou my dan de hân. Hy joech him de hân en liet him by him op ’e wein klimme mei de wurden: 16Kom mei om myn iver foar de Heare te sjen. Sa lieten se him meiride op syn wein. 17En doe’t se te Samaria kamen, liet er allegear dy’t fan Achabs hûs noch oer wienen, deameitsje, oant er it útroege hie sa’t de Heare tsjin Elía sein hie.
Jehû makket in ein oan ’e Baältsjinst
18Jehû rôp it hiele folk byinoar en sei tsjin har: Achab hat de Baäl in bytsje tsjinne, mar Jehû sil him folle mear tsjinje. 19Rop alle profeten fan ’e Baäl, al syn tsjinners en prysters by my. Der mei gjinien misse, want ik wol in grut offerfeest foar de Baäl hâlde. Al wa’t der mist, sil net yn it libben bliuwe. Mar Jehû die dat sabeare, mei it doel om de tsjinners fan ’e Baäl om hals te bringen. 20Jehû sei dus: Meitsje in hillich feest foar de Baäl. En hja kundigen it ôf. 21Jehû stjoerde de boade troch hiele Israel en alle tsjinners fan ’e Baäl kamen, der wie gjinien dy’t weibleau. Se kamen yn ’e timpel fan ’e Baäl, dat de timpel rûn fol, fan ’e iene ein oan de oare ta. 22Doe sei er tsjin ’e man, dy’t oer de prysterklean gong: Bring de prystermantels foar alle tsjinners fan ’e Baäl. Hy brocht har de klean.
23Doe kaam Jehû mei Jonadab, de soan fan Rekab, yn ’e timpel fan ’e Baäl en sei tsjin ’e tsjinners fan ’e Baäl: Pas op en soargje derfoar dat hjir net ien tsjinner fan ’e Heare tusken jim sit, allinne mar tsjinners fan ’e Baäl. 24Doe gongen se deryn om fleisoffers en brânoffers op te dragen, mar Jehû hie bûten tachtich man opsteld en sein: As immen ien fan ’e mannen dy’t ik jim yn hannen jou, ûntkomme lit, dan easkje ik libben foar libben.
25Doe’t foar him it offerjen dien wie, sei Jehû tsjin ’e garde mei de offisieren: Gean deryn en slachtsje se ôf! Lit net ien ûntkomme. Doe slachten se har ôf mei it skerpe swurd en de garde mei de offisieren smieten de liken earne del. Doe gongen se wer nei it stedsdiel fan ’e Baältimpel. 26Se hellen de wijde stiennen út ’e timpel fan Baäl en baarnden dy swart, 27se hellen it hillige byld fan Baäl del, se brieken de timpel fan Baäl ôf en makken der húskes fan, sa’t it no noch is. 28Sa hat Jehû de Baäl út Israel útband. 29Allinnich, Jehû hat de sûnden net mijd, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel mei ta sûnde brocht: de gouden keallen te Bet-El en Dan.
30De Heare sei tsjin Jehû: It wie yn oarder, datsto dien hast sa’t Ik it hawwe woe en do hast mei it hûs fan Achab dien, wat myn bedoeling wie. Dêrom sille dyn soannen oan it fjirde geslacht ta op ’e troan fan Israel sitte. 31En dochs libbe Jehû net krekt, net mei syn hiele hert, neffens de wet fan de Heare, de God fan Israel. Hy mijde de sûnden net, dêr’t Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel mei ta sûnde brocht.
32Yn dy dagen begûn de Heare Israel al yn te koartsjen. Hazaël sloech derop yn oer de hiele gerjochtichheid fan Israel, 33en naam it hiele lân fan Gileäd, Rûben, Gad, Manasse, fan ’e Jordaan ôf it easten yn en fan Aroër oan ’e beek Arnon ôf, Gileäd en Bazan beide. 34It fierdere fan ’e skiednis fan Jehû, alles dat er dien hat en syn dappere dieden, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 35Jehû is rêst mei syn foarfaars en se begroeven him te Samaria. Syn soan Joächaz folge him op. 36De tiid dat Jehû hearske hat oer Israel te Samaria, wie achtentweintich jier.