Goed boadskip fan Jesaja
1Doe’t kening Hizkía dat hearde, skuorde er syn klean stikken, die in rousek om en gong nei it hûs fan de Heare. 2Hy stjoerde hofmaster Eljakim, skriuwer Sjebna en de âldsten fan ’e prysters mei de rousek om nei profeet Jesaja, de soan fan Amoz. 3Dy seinen tsjin him: Hizkía hat sein: Dit is in dei fan benearing, straf en skande. It is mei ús as mei in frou – De bern binne oan it kommen ta, mar de krêft om se te wrâld te bringen is der net! 4Miskien heart de Heare, jo God, al dy wurden fan ’e maarskalk, dêr’t syn hear, de kening fan Assyrië, him mei stjoerd hat om de libbene God te húnjen, ja, miskien wol de Heare, jo God, him wol straffe foar de wurden, dy’t Er heard hat. Wolle jo dan in gebed opdrage foar it folk dat der noch oer is?
5Doe’t de tsjinners fan kening Hizkía by Jesaja wienen, sei dy tsjin harren: 6Jimme moatte tsjin jim hear sizze: Dit hat de Heare te sizzen: Sit net yn noed om de wurden dy’t jimme heard hawwe en dêr’t dy knapen fan ’e kening fan Assyrië My mei lastere hawwe. 7Want Ik sil him sa’n geast ynjaan, dat er by it minste gewach nei syn lân werom giet en yn syn eigen lân sil Ik him delhouwe mei it swurd.
Sanherib docht noch in set
8De maarskalk gong werom en trof de kening fan Assyrië yn ’e striid tsjin Libna, want hy hie al heard dat er út Lakisj weigien wie. 9Mar doe’t de kening fan Assyrië foar kening Tirhaka fan Etiopië warskôge waard troch it berjocht: Tink derom, hy is fan doel om jo oan te fallen – stjoerde er op ’e nij boaden nei Hizkía mei it boadskip, 10dat se tsjin kening Hizkía fan Juda sizze moasten: Lit jo troch jo God, dêr ’t jo op betrouwe net wysmeitsje dat de kening fan Assyrië Jeruzalem net yn ’e macht krije sil. 11Man, jo hawwe sels wol heard, wat de keningen fan Assyrië mei alle lannen dien hawwe. Dy hawwe se folslein útroege. En soenen jo dan rêden wurde? 12Hawwe de goaden fan ’e folken, dy’t myn foarfaars útroege hawwe, har soms rêde kinnen: Gosan, Charan, Rezef en it folk fan Eden dat yn Telasar wennet? 13Wêr binne se keard, de kening fan Hamat, de kening fan Arpad, de kening fan Sefarvaïm, fan Hena en fan Iwwa?
14Hizkía naam de brief fan ’e boaden oan en lies dy; doe gong er nei it hûs fan de Heare en lei de brief wiidút foar it antlit fan de Heare del. 15Hy spriek dit gebed foar it antlit fan de Heare: Heare, God fan Israel, Jo dy’t op ’e kearûb-ingels troanje. Jo en Jo allinnich binne God fan alle keninkriken fan ’e ierde; Jo hawwe himel en ierde makke. 16O Heare, kear jo ear hjirhinne en harkje! O Heare, doch jo eagen iepen en sjoch! Hear it boadskip dat Sanherib stjoerd hat om de libbene God te húnjen. 17It is wier, Heare, de keningen fan Assyrië hawwe de folken en har lân ferwoeste 18en har goaden yn it fjoer smiten. Dat wienen ommers ek gjin goaden, it wie it wurk fan minskehannen; hout en stien. Dat dy koenen se ferniele. 19Mar, Heare, ús God, ferlos Jo ús no út syn macht, dan sille alle keninkriken fan ’e ierde witte, dat Jo, Heare, allinnich God binne.
Nochris goed boadskip fan Jesaja
20Doe stjoerde Jesaja, de soan fan Amoz dit boadskip nei Hizkía: Dit hat de Heare, de God fan Israel, te sizzen: Watsto My bidden hast tsjin kening Sanherib fan Assyrië, haw Ik heard. 21Dit is de útspraak dy’t de Heare oer him dien hat:
Hja laket dy út, se hat de gek mei dy,
de jongfaam, dochter Sion;
se skoddet de holle achter dy,
de dochter fan Jeruzalem.
22Wa hasto húnd, Wa hasto belastere,
tsjin Wa de mûle iepenskuord
en grutsk dyn eagen opslein?
Tsjin de Hillige fan Israel!
23Troch dyn boaden hasto de Hear húnd,
do hast sein: Mei myn macht fan weinen
gean ik de bergen op,
fier de Libanon yn;
no roegje ik syn heechste sederbeammen
en syn treflikste sypressen;
ik kom yn ’e uterste skûlplakken
fan ’e weelderige bosk.
24It wetter yn frjemde lannen
haw ik oanboarre en dronken,
ûnder myn fuotsoallen traapje ik alle streamen fan Egypte droech.
25Mar hasto it dan net heard?
Al lang lyn haw Ik dat taret
en fan âlde tiden ôf beskikt.
No lit Ik it dwaan
en stiet it oan dij om fersterke stêden yn pún te lizzen.
26De bewenners steane machteleas, ferslein en beskamme;
it giet har as planten op it fjild, as jong grien,
en as gers op ’e dakken;
it ferskroeit ear’t it ryp is.
27Ofsto dy no opjoust of dy deljoust,
en wêrst ek komst of giest –
Ik bin mei alles bekend,
en ek hoesto dy tsjin My tjirgest.
28Omdatst dy sa tsjin My tjirge hast
en dyn oermoed oan myn earen ta opstiigd is,
doch Ik dy in ring yn ’e noas
en lis dy in bytling yn ’e mûle,
Ik lit dy weromgean
de wei dyst lâns kommen bist.
29Mar foar jo, Hizkía, sil dit it teken wêze:
Yt dit jier wat fansels groeit,
it twadde jier wat neiwaakst,
mar siedzje en rispje it tredde jier,
plantsje wynbergen en yt der de frucht fan.
30Want wat fan it folk fan Juda ûntkommen is,
it folk dat noch oerbleaun is,
sil wer woartel sjitte nei ûnderen
en frucht drage nei boppen.
31Want der sil út Jeruzalem noch wat oerbliuwe
en fan ’e berch Sion sille guon ûntkomme.
De baarnende leafde fan de Heare Almachtich sil dat dwaan.
32Dêrom hat de Heare oer de kening fan Assyrië sein:
Dy sil hjir net yn ’e stêd komme,
dy sil der gjin pylk yn sjitte,
hy sil der mei gjin skyld op los stoarmje
en der gjin skâns tsjin opsmite;
33de wei, dy’t er kommen is, moat er werom
en dizze stêd komt er net yn –
is de godsspraak fan de Heare.
34Ik sil foar dizze stêd noed stean en him ûntsette,
om Mysels en om myn tsjinstfeint David.
35Dy nachts teach de ingel fan de Heare út en fersloech yn it leger fan Assyrië 185.000 man. De oare moarns, doe’t se derôf kamen wie it dêr allegear liken. 36Kening Sanherib fan Assyrië briek op, gong werom en bleau te Ninevé. 37Op in kear, dat er yn ’e timpel fan syn god Nisrok delbûgde, sloegen syn soannen Adramêlek en Sarêzer him dea mei it swurd. Se ûntkamen sels nei it lân Ararat en Esarhaddon, in oare soan, waard kening foar him yn ’t plak.