Hizkía siik en wer better
1Yn dy dagen waard Hizkía deasiik. Doe kaam profeet Jesaja, de soan fan Amoz, by him mei it boadskip: Dit hat de Heare te sizzen: Stel oarder op saken, want do moatst stjerre en wurdst net wer better. 2Doe kearde Hizkía it gesicht nei de muorre en die in gebed ta de Heare. 3Hy sei: Och Heare, ferjit dochs net, dat ik earlik en mei in tawijd hert foar jo antlit libbe haw en dien sa’t Jo it hawwe woenen. En Hizkía skriemde lûd. 4Noch wie Jesaja it middelste foarhôf net út, of hy krige it wurd fan de Heare. 5Gean werom en sis tsjin Hizkía, de foarst fan myn folk: Dit hat de Heare, de God fan jo foarfaar David, te sizzen: Ik haw dyn gebed heard en Ik haw dyn triennen sjoen. Sjoch, Ik sil dy better meitsje. Oer trije dagen silsto wer opgean nei it hûs fan de Heare. 6Ik doch noch fyftjin jier by dyn libbenstiid en Ik sil dij mei dizze stêd út ’e macht fan ’e kening fan Assyrië ferlosse en dizze stêd beskermje, om Mysels en om David, myn tsjinstfeint. 7Jesaja sei: Helje no in figekoeke. Se hellen ien, leinen dy op ’e swolm en doe waard er wer better.
8Hizkía hie Jesaja ek frege: Wat is it teken, dat de Heare my wer sûn makket en dat ik oer trije dagen wer opgean sil nei it hûs fan de Heare? 9Jesaja sei: Dit sil jo it teken fan de Heare wêze, dat de Heare ek dwaan sil wat Er sein hat: Moat it skaad tsien streken foarút gean of sil it tsien streken werom komme? 10Hizkía sei: It is noch al maklik as it skaad tsien streken foarút giet. Nee, it skaad moat tsien streken werom komme. 11En doe’t profeet Jesaja de Heare oanroppen hie, liet de Heare it skaad de tsien streken werom komme, dy’t it al foarút gien wie op ’e sinnewizer fan Achaz.
Kontakten mei Babel
12Om ’e selde tiid stjoerde Merodak-Baladan, soan fan Baladan, kening fan Babel gesanten mei in brief en in geskink oan Hizkía, want hy hie heard dat er siik west hie. 13Nei’t Hizkía har oanheard hie, liet er har syn hiele skathûs sjen: it sulver en it goud, de krûderijen, de kostlike oalje en ek syn wapenhûs en al wat der yn syn skatkeamers te finen wie; der wie neat yn syn paleis en yn syn hiele ryk, dat Hizkía harren net sjen liet. 14Doe kaam profeet Jesaja by kening Hizkía en frege him: Wat boadskip hienen dy mannen en wêr kamen se wei? Hizkía sei: Se binne út in fier lân kommen, út Babel! 15Hy frege: Wat hawwe se yn jo paleis sjoen? Hizkía antwurde: Al wat yn myn paleis is, hawwe se sjoen en der is neat yn myn skatkeamers dat ik harren net sjen litten haw.
16Doe sei Jesaja tsjin Hizkía: Hear it wurd fan de Heare: 17Sjoch, der komt in tiid, dat al wat yn dyn paleis is en al wat dyn foarâlden oan hjoed-de-dei ta byinoar garre hawwe, nei Babel brocht wurdt. Der bliuwt neat fan oer, seit de Heare. 18Fan dyn bloedeigen soannen, sille se guon meinimme en meitsje har hovelingen yn it paleis fan ’e kening fan Babel. 19Hizkía sei tsjin Jesaja: It wurd dat de Heare sprutsen hat, is goed. Mar hy tocht: Salang as ik libje, hâlde wy frede en rêst.
20It fierdere fan ’e skiednis fan Hizkía, al syn dappere dieden, dat er de fiver en de wetterlieding oanlein en sa it wetter yn ’e stêd brocht hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 21Hizkía is rêst mei syn foarfaars en syn soan Manasse folge him op.