Hizkía fan Juda
1Yn it tredde jier fan Hosjéa, de soan fan kening Ela fan Israel, waard Hizkía de soan fan kening Achaz fan Juda, kening. 2Hy wie fiifentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat njoggenentweintich jier te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Aby en hja wie in dochter fan Sekarja. 3Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, alhiel sa’t syn foarfaar David dien hie. 4Hy sljochte de offerhichten, tebrizele de wijde stiennen en kappe de wijde peallen om. Hy sloech de brûnzen slange stikken, dy’t Mozes makke hie; want oan dy tiid ta plichten de Israeliten dêr offers oan te bringen en se neamden him Nechûstan. 5Op de Heare, de God fan Israel, betroude hy. Nei him hat der net ien west ûnder de keningen fan Juda lykas hy en foar him ek net. 6Hy hong oan ’e Heare en liet Him net los. Hy hâlde de geboaden, dy’t de Heare Mozes opdroegen hie, yn eare. 7En de Heare wie mei him; oeral, dêr’t er hinnegong, wierre it him mei. Sa sette er it yn ’e kant tsjin ’e kening fan Assyrië en woe him net mear tsjinstber wêze. 8Hy wie it ek, dy’t de Filistinen oan Gaza ta wêrom sloech en it hiele gebiet ferdylge mei de wachttoer en de festingstêd.
9Yn it fjirde jier fan kening Hizkía – dat is it sânde jier fan Hosjéa, soan fan Ela en kening fan Israel – kaam kening Salmanasser fan Assyrië op Samaria los en belegere it. 10Se namen it yn nei ferrin fan trije jier. Yn it sechste jier fan Hizkía – dat is it njoggende jier fan kening Hosjéa fan Israel – waard Samaria ynnommen. 11De kening fan Assyrië fierde Israel yn ballingskip nei Assyrië en brocht har nei Chalak oan ’e Chabor, de rivier fan Gosan en yn ’e stêden fan Medië. 12Want hja hienen net harke nei de stim fan ’e Heare, har God, mar syn ferbûn hienen se brutsen. Alles dat Mozes, de tsjinner fan de Heare, hjitten hie, hienen se yn ’e wyn slein en se hienen der net nei dien.
Sanherib set Jeruzalem ûnder druk
13Yn it fjirtjinde jier fan kening Hizkía kaam kening Sanherib fan Assyrië opsetten tsjin de fersterke stêden fan Juda en naam dy allegear yn. 14Doe stjoerde kening Hizkía fan Juda nei de kening fan Assyrië te Lakisj dit boadskip: Ik haw mis west. Gean werom, by my wei en ik sil op my nimme al wat jo my oplizze. Doe lei de kening fan Assyrië kening Hizkía fan Juda trije hûndert talinten sulver en tritich talinten goud op. 15En Hizkía stjoerde alle sulver, dat yn it hûs fan de Heare en yn ’e skatkeamers fan it keninklik paleis te finen wie. 16By dy gelegenheid moast kening Hizkía fan Juda it goud fan ’e doarren en doarstilen fan ’e timpel fan de Heare ôfslope, dêr’t er se sels mei beslaan litten hie, en hy moast it de kening fan Assyrië takomme litte.
17Ut Lakisj wei stjoerde de kening fan Assyrië de fjildmaarskalk, de hofmaarskalk en de maarskalk mei in machtich leger op kening Hizkía ôf nei Jeruzalem. Dy trieken op en kamen foar Jeruzalem en setten troch nei de wetterlieding fan ’e boppeste fiver oan ’e wei nei it Blikkersfjild en stelden har op. 18Doe’t se om ’e kening rôpen, kamen hofmaster Eljakim, de soan fan Chilkía, skriuwer Sjebna en kânselier Joäch, de soan fan Asaf, op har ta. 19En de maarskalk sei tsjin har: Sis tsjin Hizkía, dat de grutte kening, de kening fan Assyrië, sein hat: 20Wat is dat foar in fertrouwen, dêr’t jo it mei weagje? Jo miene fêst, dat jo yn ’e oarloch mei wurden like fier komme as mei ferstân en macht. Op wa fertrouwe jo doch, dat jo it tsjin my yn ’e kant sette doare? 21Sjoch, jo betrouwe op dy brutsen bamboestôk, Egypte, dy’t jin yn ’e hân stekt en der trochhinne boarret, as jo derop hingje: Dat is kening Farao fan Egypte foar elk, dy’t op him fertrout. 22En no kinne jim wol tsjin my sizze: Op de Heare, ús God, fertrouwe wy, – mar is dat net dy god, waans offerhichten en alters Hizkía opromme hat, doe’t er tsjin Juda en Jeruzalem sei: Foar dit alter hjir yn Jeruzalem moatte jim bûge? 23No dan, wedzje mar ris mei myn hear, de kening fan Assyrië: Ik beskik jo twatûzen hynders, as jo fan jo kant dêr de ruters foar leverje kinne. 24Hoe soenen jo dan de oanfal ôfslaan kinne fan ek mar ien lânfâd, ien fan ’e minste tsjinners fan myn hear? 25En jo fertrouwe op Egypte as ’t om weinen en ruters giet? Mar tinke jo dan, dat ik bûten de wil fan de Heare om tsjin dit plak optein bin om it te ferdylgjen? De Heare hat tsjin my sein: Gean op dat lân ôf en ferdylgje it.
26Eljakim, de soan fan Hilkía, mei Sjebna en Joäch, seinen tsjin ’e maarskalk: Praat dochs Arameesk tsjin jo tsjinners, dat fersteane wy wol, mar praat gjin Judeesk mei ús; want it folk op ’e muorre kin ús hearre.
27De maarskalk lykwols sei tsjin har: Hat myn hear my soms stjoerd om dizze wurden tsjin jo hear en jimsels te sizzen? Is it net krekt tsjin ’e lju dy’t op ’e muorre sitte en dy’t likegoed as jimme har eigen trochgong ite moatte en har eigen wetter drinke? 28Doe gong de maarskalk stean en rôp lûd yn it Judeesk: Harkje nei it wurd fan ’e grutte kening, de kening fan Assyrië: De kening seit: 29Lit jimme neat wiismeitsje troch Hizkía, want hy kin jim net út myn macht rêde. 30En lit Hizkía jimme net sterkje yn it betrouwen op de Heare, mei syn sizzen: ‘De Heare sil ús grif rêde en dizze stêd krijt de kening fan Assyrië net yn ’e macht.’ 31Harkje net nei Hizkía, want dit seit de kening fan Assyrië: Bring my hulde en jou jim oan my oer. Dan sil elk ite fan syn wynstok en figebeam en drinke út syn eigen reinwettersbak, 32oant ik kom en jim meinim nei in lân lykas jim eigen, in lân fan nôt en druvesop, fan brea en wyngerds, fan oliven, fan oalje en hunich: dan sille jim libje en net stjerre. Harkje net nei Hizkía, want hy bringt jim op ’e doele mei syn sizzen: De Heare sil ús rêde. 33Hat wol ien fan ’e goaden fan ’e oare folken syn lân soms rêden út ’e macht fan ’e kening fan Assyrië? 34Wêr binne de goaden fan Hamat en Arpad keard? Wêr dy fan Sefarvaïm, Hena en Iwwa? Hawwe dy Samaria soms rêden út myn macht? 35Is der ûnder alle goaden fan dy lannen wol ien, dy’t syn lân rêden hat út myn macht? En soe de Heare Jeruzalem wol rêde kinne?
36Mar it folk hâlde him stil en sei gjin wurd werom, want it befel fan ’e kening wie: Sis neat werom. 37Doe kamen hofmaster Eljakim, soan fan Chilkía, skriuwer Sjebna en kânselier Joäch, soan fan Asaf, mei skuorde klean by Hizkía en brochten him de wurden fan ’e maarskalk oer.