Oprop om it Peaske wer te hâlden
1Dêrnei liet Hizkía oer hiele Israel en Juda in boadskip gean; hy skreau ek noch brieven oan Efraïm en Manasse, dat se nei de timpel yn Jeruzalem komme soenen om it Peaske foar de Heare, de God fan Israel, te hâlden. 2De kening, syn hege amtners en de hiele gemeente te Jeruzalem leinen mei inoar oer, oft se it Peaske net yn ’e twadde moanne hâlde soenen, 3want se koenen it net op ’e fêste tiid hâlde, om’t der gjin genôch prysters wienen, dy’t harsels hillige hienen, en om’t it folk noch net gearkommen wie te Jeruzalem. 4Dat like de kening en de hiele gemeente goed ta, 5en se besleaten om hiele Israel troch – fan Beër-Sjêba ôf oan Dan ta – in oprop te dwaan om nei Jeruzalem te kommen en dêr it Peaske te hâlden foar de Heare, de God fan Israel, want se hienen der net allegearre oan meidien en dat wie wol it foarskrift.
6Dêrom gongen de koeriers mei brieven fan ’e kening en fan syn hege amtners hiele Israel en Juda troch, om dizze oprop fan ’e kening oer te bringen: Jimme, folk fan Israel, kom werom by de Heare, de God fan Abraham, Izaäk en Israel. Dan sil Hy werom komme by dy’t fan jimme noch oerbleaun binne, by har dy’t oan ’e macht fan ’e keningen fan Assyrië ûntkamen. 7Mar wês net lykas jimme foarfaars en har bruorren, dy’t de trou oan de Heare, de God fan har foarfaars, brutsen hawwe, en dy’t Er ferfalle litten hat ta in steat dêr’t men fan griist, sa’t jimsels sjogge. 8Smyt de holle no net yn ’e nekke, lykas jim foarfaars dien hawwe. Jou de Heare de hân en kom nei syn hillichdom ta, dat Hy foar altyd hillige hat, en tsjinje de Heare, jimme God, dat syn gleone grime him fan jimme ôfkeart. 9Want as jimme by de Heare weromkomme, dan sille jimme bruorren en jimme bern genedich behannele wurde troch de lju dy’t har yn ’e hannen krige hawwe; se sille yn dit lân weromkomme, want ‘genedich en barmhertich is de Heare, jimme God, en Hy sil Him net fan jim ôfkeare, as jimme by Him weromkomme.’
10Sa gongen de koeriers yn it lân fan Efraïm en Manasse alle stêden bylâns oan Sebûlon ta. Mar de lju laken har út en hienen der de gek mei. 11Lykwols wienen der guon út Azer, Manasse en Sebûlon, dy’t de holle bûgden en nei Jeruzalem gongen. 12Mar benammen yn Juda makke God, dat se ienriedich wienen om te dwaan, wat de kening en de hege amtners har opleinen neffens it wurd fan de Heare. 13Sadwaande kaam der in smite folk te Jeruzalem gear om it feest fan ’e ûnsuorre breaën te hâlden yn ’e twadde moanne, in tige grutte gemeente. 14Se begûnen de frjemde alters yn Jeruzalem op te romjen en alle rûkofferark. Dat smieten se yn ’e delling fan ’e Kidron.
It Peaske wurdt wer hâlden
15Doe slachten se it Peaske de fjirtjinde fan ’e twadde moanne. Beskamme hienen de prysters en leviten har hillige en brochten dêrnei brânoffers yn ’e timpel. 16Se namen har plak yn sa’t dat regele wie neffens de wet fan Mozes, de Godsman: de prysters sprinkelen it bloed, dat de leviten har oerlangen; 17want der wienen ferskate yn dy gearkomste dy’t harsels net hillige hienen; foar elk dy’t net rein wie moasten de leviten dêrom de peaskelammen slachtsje om harren sadwaande foar de Heare te hilligjen. 18Want de measten fan it folk, hiel wat fan Efraïm, Manasse, Issaskar en Sebûlon, hienen harsels net suvere. Hja ieten it Peaske wol, mar net sa’t foarskreaun wie. Hizkía lykwols hie dit gebed foar har útsprutsen: Mei de Heare, goed as Er is, fersoening dwaan 19foar elk dy’t him der mei ynmoed ta set hat om God de Heare, de God fan syn foarfaars, te sykjen, al wie it dan net mei de suverens dy’t it hillige ferget. 20De Heare ferhearde Hizkía en sparre it folk.
21Sa hâlden de Israeliten dy’t yn Jeruzalem byinoar wienen, it feest fan ’e ûnsuorre breaën mei grutte blydskip, en de prysters en leviten loven de Heare dei oan dei en earen Him mei it lûd fan har ynstruminten. 22Hizkía moedige de leviten oan, dy’t de tsjinst fan de Heare goed foar de geast hienen. Se dienen sân dagen oer it feestmiel mei it offerjen fan frede-offers en it loovjen fan de Heare, de God fan har foarfaars.
23Doe ornearre de hiele gemeente, se moasten der noch sân dagen mei trochgean. Sadwaande hâlden se noch sân dagen fleurich feest. 24Want kening Hizkía fan Juda hie de gemeente 1000 interbollen en 7000 skiep as offerjefte taskikt, en de hege amtners 1000 interbollen en 10.000 geiten en skiep; en de prysters hienen har yn in machtich grut tal hillige. 25De hiele gemeente fan Juda wie bliid en de prysters en leviten ek; en de hiele gemeente fan harren dy’t út Israel kommen wienen, en de frjemdlingen dy’t fan komôf út it lân Israel wienen, mar no yn Juda wennen. 26Sa waard it ien en al blydskip yn Jeruzalem, want sûnt de dagen fan Salomo, de soan fan David, de kening fan Israel, hie der yn Jeruzalem soksawat net west. 27Doe gongen de levityske prysters stean en segenen it folk. God hearde har stim; har gebed kaam yn syn hillige, himelske went.