Hizkía bringt de timpeltsjinst wer yn oarder
1Hizkía wie fiifentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam; njoggenentweintich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Abía en wie in dochter fan Sekarja. 2Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, krekt sa’t syn foarfaar David dien hie. 3Yn ’e earste moanne fan it earste jier fan syn regear, die er de doarren fan ’e timpel iepen en makke se wer. 4Hy liet de prysters en de leviten op ’e Eastermerk byinoar komme 5en sei tsjin harren: Harkje nei my, leviten; hilligje jimsels no en it hûs fan de Heare, de God fan jim foarfaars, en doch alle ûnreinens fuort út it hillichdom. 6Want ús foarfaars hawwe de trou brutsen en dien wat de Heare net hawwe woe. Se hawwe har fan Him ôfkeard, se woenen neat mear fan ’e tintwenning fan de Heare witte en hawwe dy de rêch takeard. 7Se hawwe sels de doarren fan ’e foarseal op slot dien, de lampen útdien en yn it hillichdom de God fan Israel gjin rûk- en brânoffers mear brocht. 8Dêrom is de grime fan de Heare oer Juda en Jeruzalem kommen en hat Er makke, dat elkenien derfan griist, him deroer besaut en der de spot mei hat, sa’t jim mei eigen eagen sjen kinne. 9Sjoch, dêrom binne ús foarfaars fallen troch it swurd en binne ús soannen en dochters en ús froulju kriichsgefangen rekke. 10No bin ik fan doel in ferbûn mei de Heare, de God fan Israel, oan te gean, dat syn gleone grime him fan ús ôfkeare mei. 11Soannen fan my, wês no net sleau! Want jimme hat de Heare útkeazen om foar syn antlit te stean, om as syn tsjinners syn earetsjinst waar te nimmen en Him offers te bringen.
12Doe gongen de leviten oan ’e slach; út it laach fan ’e Kehatiten: Machat, de soan fan Amazai, en Joël, de soan fan Azarja; út ’e Merariten: Kisj, de soan fan Abdy, en Azarja, de soan fan Jehallelel; fan ’e Gersjûniten: Joäch, de soan fan Simma, en Eden, de soan fan Joäch. 13Ut it laach fan Elisafan: Sjimry en Jeïel; út it laach fan Asaf: Sekarja en Mattanja. 14Ut it laach fan Heman: Jechiël en Simeï en út it laach fan Jedûtûn: Sjemaja en Oezziël. 15Dy rôpen har bruorren byinoar en nei’t se harsels hillige hienen, gongen se op oarder fan ’e kening de timpel yn om dy te suverjen sa’t de Heare dat foarskreaun hie. 16De prysters gongen de timpel yn om dy te suverjen; al it ûnreine dat se dêr fûnen, brochten se derút nei it foarhôf fan ’e timpel, en dêr hellen de leviten it wei om it nei de delling fan ’e Kidron te bringen. 17Op ’e earste dei fan ’e earste moanne begûnen se mei it hilligjen, en op ’e achtste dei fan ’e moanne kamen se oan ’e foarseal fan ’e timpel ta; acht dagen dienen se deroer om dy te hilligjen. Sadwaande hienen se de sechstjinde deis it wurk dien.
18Dêrnei gongen se nei kening Hizkía yn it paleis en seinen: Wy hawwe de hiele timpel suvere, it brânofferalter mei al wat derby heart en de tafel fan ’e toanbreaën mei al wat derby heart; 19en alle guod dat kening Achaz ûntwijd hat troch syn goddeleas bestjoer, dat ha wy wer yn oarder brocht en hillige; sjoch, it leit foar it alter fan de Heare.
20De oare moarns betiid rôp kening Hizkía de hegerein fan ’e stêd byinoar, en hy gong op nei de timpel. 21Doe brochten se as sûnde-offer foar it keningshûs, foar it hillichdom en foar Juda: sân interbollen, sân rammen, sân lammen en sân geitebokken. En de kening sei tsjin ’e soannen fan Aäron, de prysters: Offerje dy op it alter fan de Heare. 22Dêrom slachten se de kij; de prysters heinden it bloed op en besprinkelen dêr it alter mei. Sa dienen se ek mei de rammen en de lammen. 23Dêrnei lieten se de bokken dy’t as sûnde-offer ornearre wienen, foar de kening en de gemeente komme; dy leinen dêr de hannen op. 24Doe slachten de prysters se en geaten it bloed as sûnde-offer op it alter út om sadwaande fersoening te bewurkjen foar hiele Israel. De kening hie ommers sein, dat soe in brânoffer en in sûnde-offer wêze foar hiele Israel.
25Fierder stelde hy de leviten by de timpel op mei bekkens, harpen en lieren, sa’t David it ynsteld hie en Gad, de sjenner fan ’e kening, en profeet Natan; want dat wie in gebod dat de Heare troch syn profeten jaan litten hie. 26Sa stienen de leviten ree mei it spylark fan David en de prysters mei de trompetten. 27Doe joech Hizkía opdracht om op it alter it brânoffer te bringen en mei’t dat begûn, sette ek it sjongen foar de Heare yn. De trompetten begûnen ek, ôfwiksele troch de ynstruminten fan David, de kening fan Israel. 28Wylst it sjongen opklonk en de trompetten sketteren, foel de hiele gemeente yn oanbidding del. Dat duorre krekt sa lang, dat it brânoffer hielendal fertard wie. 29Doe’t se klear wienen mei offerjen, bûgden de kening en allegearre dy’t by him wienen, de knibbels en foelen yn oanbidding del. 30Dêrnei joegen kening Hizkía en syn foarmannen de leviten oarder, de Heare te loovjen mei de wurden fan David en sjenner Asaf; doe songen se mei grutte blidens it lofliet, bûgden de holle en foelen yn oanbidding del. 31Hizkía naam it wurd en sei: No hawwe jimme jimsels oan de Heare tawijd. Kom tichterby en bring fleisoffers en lofoffers foar de timpel. Doe brocht de gemeente fleisoffers en lofoffers en dy’t him dêrta roppen fielde, ek noch brânoffers. 32Oan brânoffers brocht de gemeente 70 kij, 100 rammen en 200 lammen, allegearre as brânoffer foar de Heare. 33Oan hillige jeften wienen der mei-inoar 600 kij en 3000 skiep. 34Mar der wienen te min prysters om alle brânoffers de hûd ôf te strûpen. Dêrom holpen har bruorren, de leviten, harren, oant it wurk dien wie en oant de prysters harsels hillige hienen. Want it hie de leviten mear tinken west mei it hilligjen fan harsels as de prysters. 35Boppedat wienen der in macht brânoffers, en dan noch de stikken fet fan ’e frede-offers en de drankoffers dy’t by de brânoffers hearden. Sa kaam de timpeltsjinst wer op oarder. 36Hizkía en it hiele folk wienen bliid, dat God it folk dêr ree foar makke hie; want it wie allegearre fluch om-en-ta gien.