It regear fan Achaz; Israels bruorreleafde
1Achaz wie tweintich jier doe’t er oan it regear kaam; sechstjin jier hat er te Jeruzalem regearre. Hy die net sa’t de Heare it hawwe woe en sa’t syn foarfaar David it dien hie; 2mar hy gong de wei fan ’e keningen fan Israel, ja, hy makke getten bylden foar de Baäls. 3Hy brocht rûkoffers yn ’e delling fan ’e soan fan Hinnom, hy liet syn eigen soannen de fjoerwijing ûndergean, neffens de grousume gewoanten fan ’e heidenfolken dy’t de Heare foar Israel útband hie. 4Hy brocht fleisoffers en rûkoffers op ’e offerhichten en op ’e heuvels en ûnder elke griene beam. 5Dêrom joech syn God, de Heare, him yn ’e macht fan de kening fan Aram, dat de Arameeërs fersloegen him en namen in grutte kloft kriichsgefangenen mei nei Damaskus. Ek rekke er yn ’e macht fan de kening fan Israel, dy’t him in swiere slach tabrocht. 6Ommers, dy kening, Pêkach, de soan fan Remalja, deade op ien dei 120.000 Judeeërs, allegearre striidbere mannen. Dat kaam, om’t se har fan de Heare, de God fan har foarfaars, ôfkeard hienen. 7Sikry, in moedich man út Efraïm, sloech Maäseja, de soan fan ’e kening, dea en Azrikam, de paleis-chef, en Elkana, de twadde nei de kening. 8De Israeliten namen fan har bruorrefolk 200.000 froulju en soannen en dochters as kriichsgefangenen mei en ek noch gâns bút. Dy bút brochten se nei Samaria.
9No wie dêr in profeet fan de Heare, dy’t Oded hiet; dy gong de stêd út, it leger yn ’e mjitte dat ûnderweis wie nei Samaria ta. Hy sei tsjin harren: Sjoch, yn syn grime oer Juda hat de Heare jim harren yn ’e hannen jûn, mar jimme hawwe ûnder harren sa ferwoeden oan it moardzjen west, dat it ropt oan ’e himel ta. 10En no soenen jimme tink de bern fan Juda en Jeruzalem der ek noch ûnder hâlde wolle as jim slaven en slavinnen? Hawwe jimme sels dan net in grutte skuld by jimme God, de Heare stean? 11Harkje dêrom nei my en lit de kriichsgefangenen dy’t jim jimme bruorrefolk ôfnommen hawwe, weromgean, want de gleone grime fan de Heare hinget jim boppe de holle.
12Doe wienen der guon foarmannen fan ’e Efraïmiten: Azarja, de soan fan Jochanan; Bêrekja, de soan fan Mesjillemot, Chizkía, de soan fan Sjallûm en Amaza, de soan fan Chadly, dy gongen tsjin de mannen yn dy’t út ’e oarloch weromkamen. 13Se seinen tsjin harren: Bring de kriichsgefangenen net de stêd yn, want jimme binne dwaande ús sûnden en skulden by de Heare noch grutter te meitsjen. Us skuld is sa ommers al swier genôch en gleone grime hinget Israel boppe de holle.
14Doe seach it leger ôf fan ’e kriichsgefangenen en fan ’e bút; de oanfierders stienen derby en al it folk. 15Der waarden mannen oanwiisd en dy kamen yn aksje en holpen de kriichsgefangenen. Dy’t neaken-en-bleat oan ’e dyk stienen, setten se fan ’e bút yn ’e klean; se joegen har klean en skuon, iten en drinken en se salven har; dy’t min op ’e gong wienen, holpen se op ezels en brochten se by har sibben yn Jericho, de palmestêd. Dêrnei gongen se wer nei Samaria.
Achaz yn ’e benearing; syn libbensein
16Om dy tiid stjoerde Achaz in fersyk om help nei de keningen fan Assyrië. 17Want – by alle ellinde dy’t er al hie – wienen de Edomiten ek noch it lân ynfallen en hienen Juda ferslein en kriichsgefangenen meinommen. 18Tagelyk foelen de Filistinen oan op ’e stêden fan it Leechlân en fan it Suderlân fan Juda en se namen yn: Bet Sjêmesj, Ajjalon, Gederot, Sjoko mei wat derûnder foel, Timna mei wat derûnder foel, Gimzo mei wat derûnder foel, en leinen der besetting yn. 19Want de Heare fernedere Juda fanwegen Achaz, de kening fan Juda; want dy hie Juda foar wyld rinne litten en hy wie fier oer ’e skreef gien foar de Heare oer. 20No kaam Tillegat-Pilnêser wol opsetten, mar ynstee fan him te helpen brocht er him yn ’e knipe. 21En al helle Achaz it hûs fan de Heare, it hûs fan ’e kening en de huzen fan ’e hegerein ek stikhinne leech en al joech er dat allegearre oan ’e kening fan Assyrië, it joech him neat.
22Yn dy tiid, doe’t er sa yn ’e knipe siet, gong er noch fierder oer de skreef, dyselde kening Achaz, 23troch offers te bringen oan ’e goaden fan Damaskus, dy’t him ferslein hienen. Sjoch ris – sei er – de goaden fan ’e keningen fan Aram helpe harren tige. Dêrom, om har help te krijen, wol ik dêr ek oan offerje. Mar dêrmei helle er syn eigen ûngelok oan en dat fan hiele Israel. 24Achaz helle it guod fan Gods hûs byinoar en snie it goud derôf. De doarren fan ’e timpel die er op slot en hy makke eigen alters op alle hoeken fan Jeruzalem. 25Yn alle stêden fan Juda makke er offerhichten om oare goaden rûkoffers te bringen. Sa terge er de Heare, de God fan syn foarfaars.
26Syn skiednis en syn hiele dwaan en litten stiet fierder wol beskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Juda en Israel. 27Achaz is rêst mei syn foarfaars. Hy waard begroeven yn ’e stêd Jeruzalem. Se brochten him dus net te hôf yn ’e grêven fan Israels keningen. Syn soan Hizkía folge him op.